E.B. Folkertsma:
Kronyk fan it proaza.
Hwa?
R.W. van Tuinen, FORGETTEN POST. Nûmer 67 fan 'e Fryske Bibliotheek. Snits, Brandenburgh en Co., 1949. Priis f 2.40.
Dit is in boek sûnder nammen; sels de haedfiguer wurdt net neamd. Ek bart der sa min mûglik yn en hwat der jit barre mei, moat alle avontûr, romantyk en helthaftichheit misse. Van Tuinen brûkt de ienfâldichste middels en folgel it simpelste procedé; by skriuwt fierhinne op 'e rânne fan 'e literatuer. Hwant net om it forset is it him to rêdden, noch om syn striders, mar om syn problematyk, Fansels net bûten minsken om, né, krekt deryn. Mar de minske is hjir net bilangryk; dat wurdt er earst troch syn Biel oan it forset. En sa kin de skriuwer yn syn fine ienfâld it uterste weagje: it forset skôgje litte fan immen dy't foar forsetsstrider mar heal dooch, en him anonym hâlde. Mei in twafâldich doel: krityk op en confrontaesje can it forset.
Ynhoefier komt it yn Forgetten Post ta dat doel? Hwat der tige yn opfalt, is de earlikheit fan 'e wurdearring en de objektiviteit fan 'e skôging, en dat al nei twa jier. Op in seldsum suvere histoaryske distânsje wurde it forset en syn mannen noch yn 'e hichte stutsen noch leechlein, allinne mar gewoanwei op wearde steld. Van Tuinen wit it allegearre sa dea-gewoan to meitsjen, dat it him omtrint slagget de lêzer it forset oan to suggerearjen as in epyske fanselsheit. Ja, omtrint bringt er jin yn 'e forbylding en leau oan in minske, sûnder namme earst to kennen.
Omtrint. Hwant it forset sa't it hjir biskreaun en skôge wurdt, wurdt dochs lykmoedigernôch opnommen yn 'e normaliteit en de gong fan de natûr. Der ûntbrekt ryklik folle histoaryske biweechlikheit en tragyk oan. It hat amper perspektyf, it kriget to min forbân, it wurdt net twingend bihelle yn it pleit fan frijheit en slavernij, libben en dea. Is dizze anonymiteit histoarysk wol bisteanber?
En de anonyme minske? ‘Hy’ 's problematike confrontaesje oan it forset hieltyd wer hat in slim ûnpersoanlik, tiidhistoarysk karakter. It forset liket yn dit boek net folle oars as forbân en binammen forskynsel to wêzen. Dêr wol