De Tsjerne. Jaargang 4(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 203] [p. 203] Fedde Schurer: Einlings. Easkje en oerfreegje docht men dan net langer men stoppet it idel en bernlik gesanger skriuwt in nul ûnder de ûnoplosbere som men bisiket it mar sa goed mooglik to rieden hwant sa faken al state men hannen to blieden sa faek die men batsk, ûnforduldich en dom hoe minder men yn 't ûnbirikbere stoarret hoe lytser de kâns dat it hert him bikoarret hoe mylder it jounsljocht oer 't waeijende skom in man stiet dêr stil oan 'e grins fan syn dagen en fynt by it lúnjen fan fleagen en fragen syn byld yn it spegeljend wetter roerom: hannen dy't al biskiedener kieze eagen dy't stadich de gloed forlieze en in mûle mei nije tearen der om - Lytse retraite. Four Sjouk en Fokke Sierksma. De nacht wol ik trochweitsje komt noch in moarn foar de blinen? Ik moat in ein meitsje om in bigjin to finen. De frou fan Lot stiet forstienne yn it park by de roazen, Juster jit skynde de sinne oer sounen en leproazen, Hjir libbet men by de graesje fan in bloedleaze boargerij bang foar alle konsternaesje en foreale op rezinebrij. [pagina 204] [p. 204] En ha jo it ek al lêzen dat oandwaenlike forhael - Ja, mar lit my yn myn wêzen ik krij lêst fan myn âlde kwael. Dat is hwat min sa to fortellen mar ik moat der dan út foar in skoft swalkje troch spoek'ge strewellen mei in gekke moanne oan 'e loft. De gealju yn de earste sliep allinne de bêsten net en in forlern sleatriderich skiep komt dêr grif noch net to let. Dus liz ik yn lêst biswarren mei wissichheit tsjuster en blyn myn hân op 'e klink fan 'e doarren eardat ik se sletten fyn, Nacht frou Lot, nacht pylderpop jo steane dêr samar hwat hinne mar ik sykje de swarte toarnbeijen op dêr't lulke spoeken binne, Fortel it bileaven net fierder, hear hwant licht dat der immen fan skrillet mar my lûkt it bitroude selskip wêr dêr't it mes yn 'e tafel trillet. Vorige Volgende