| |
| |
| |
[Nummer 7]
Geart Jonkman:
Brieven oan myn regisseur.
Hoelang lizze wy hjir yn dit stiennich hoal, wiken, moannen?
Nimmen fan ús soe 't sizze kinne.
Sûnt in ûre is it stil yn de kleau. Trije dagen en nachten hawwe de mitrailleurs rottele, hat it tsienfâldich wjerlûd ús tromfluezen mêd hammere.
En nou eanget ús dizze binearjende stilte, dy't suver taestber is. Wy harkje.... wurde kjel fan ús eigen lústerjend lûd.
Troch it struwel dat de yngong, fan ús hoal hoedet foar ûnbiskieden fjildglêzen fan d' oare kant, tûzen meter oerdwers, ha wy út en troch it hear oersjoen. Wy bigripe neat, alteast in diôf bytsje fan dizze frjemde oarloch; wy wachtsje, wachtsje op ien bifel.
Mar hja ha ús forgetten; útsein Giaccomo, dy't om de fjouwer nachten dizze ûnwrâld mei syn ezel biklimt.
Vittorio is de earste dy't lang om let ta himsels komt en yn 't strie krûpt. Dat jowt Helmut, de grouwe Deen, moed om it sardineblikje, dat er nou mear as in ûre yn 'e hân hat, fierder to bihimmeljen.
It snoarkjen fan Vittorio en it ûnsmaeklik lûd fan Helmuts lippen bringe ek de oaren wer ta it libben werom.
Peter, de lange smelle Holsteiner, nimt de kaerten fan 'e groun.
Ik sil it tintseil foar de yngong hingje, de sinne is niis efter de rotsen sakke en de nacht fait as in skaed oer de kleau. As ik klear bin, stekt Franklin de stoarmlampe op.
Der binne fleanmasinen boppe ús.... ien.... twa, twa formaesjes. Der wurdt net sketten, nasjonalisten dus.
Ik liz in tekken oer Vittorio, de nacht wurdt kâld. Hy fornimt it net, de âlde feteraen. Men kin in kanon by him ôfsjitte, as er sliept, mar fan eltse sêftslûpende trêd bûten it hoal skrillet er wekker.
Wy rinne allang net mear wacht; hwa sil ús hjir fine?
Ynienen flokt Peter. Hy hat him forsind mei de frou, seit Fonso.
Juan springt oerein, grypt it kabeltou en wiist op 'e groun.
| |
| |
Yn fredesnamme dan mar, bromt Fonso. Hy knibbelt en jowt him foaroer, sadat de broek spand is. Dan kriget er syn tsien slaggen. Eltse kear as immen it wurd ‘frou’ neamt folget deselde ceremoanje.
En der stiet wer in krytstreek mear op it lewant.
Allinne efter myn namme is it swart. Helmut hat de hikke fol (in hikke is fjouwer streken mei ien dwersstreek), Juan hat trije hikken en ien streek, Fonso makket nou syn tredde fol. Franklin hat fiif hikken en twa streken, Peter en Vittorio binne kamp mei twa hikken en trije streken. Ik ha der hwat op foun, eltse kear as my 't wurd ‘frou’ foar de mûle komt, siz ik ‘Fokje’.
Fonso nimt syn kaerten fan 'e groun en giet op 't liif lizzen. De ienige mooglikheit nei de tramtaesje.
Bergsma is grif fan dizze partij, laket Helmut, wylst er in forklearjende biweging mei de hân makket.
Swij, rollade!
Elts laket. Der is, sûnt wy hjir binne, gjin mis wurd fallen. Elts fielt dat de oare in stik fan himsels is. Vittorio is de baes; by is de ienige mei streken op 'e mouwe, foar safier men dy alteast jit ûnderskiede kin. Hy hat in wiif en seis bern to Udine.
‘Wiif mei trije bern’, rôp de man, dy't ik trije dagen, ear't wy hjir bilânnen, oan 'e bajonet reau. ‘Ik haw ien mei fjouwer’, sei ik, wylst ik him de skoech op 't boarst sette om it stiel werom to lûken.
Myn leagen waerd net as treast opfette; klear sjoch ik jit de swarte eagen, great fan eangst, en it krampeftich sprieden fan de lange smelle hannen. Sûnt wit ik wer hwat it sizze wol: libje!
It libben hat wearde by de graesje fan de dea, lyk as it rjocht by de graesje fan 't ûnrjocht.
Us hat de dea fan tichteby groete, alle sawn.
Vittorio riist oerein. Wy witte hwat dat bitsjut en harkje skerp.
Giaccomo, siz ik.
Né, der binne mear.
Franklin grypt syn gewear, Juan triuwt it like hurd wer del, lit syn dolk sjen en krûpt nei de yngong. Ik folgje him, lykwols mei in pistol; men moat rekken hâlde mei hângranaten.
As it goed folk is, sizze hja fjouwer trêd foar de yngong it wachtwurd.
| |
| |
Ik rjochtsje myn pistol.... mar dan seit in bikende stim: ‘Groattenbrij’.
Dat wachtwurd is in fynst fan my, allinne Giaccomo ken it, bûten ús.
Hwa soe yn fredesnamme by him wêze? In amerij tink ik oan forried.... né, dat bistiet net. Ik bitsjut de oaren dat de lampe út kin, it lytste ljochtskynsel kin ús forriede. Dan wurdt it seil fansiden treaun en wer to plak hongen.
Ré?
Ja!
As Helmut in lúsjefer oanstrykt, hear ik in smoarde gjalp fan Juan. Ik taest sûnder to wollen wer nei myn pistol.... mar dan sjoch ik ek: Njonken de âlde man stiet in tsjeppe donkere frou, né in fanke jit.
Hja is my neiroun, seit Giaccomo ûntskuldigjend, myn dochter.
Salva senori, seit it fanke, wylst hja licht troch de knibbels bûget en twa rigen glinsterjende pearels sjen lit.
- Swij, der wurdt dy neat frege!
- 't Liket wol in rôvershoal, heit.
- As 't nou mar út is!
Wy binne alle sawn hwat forslein. In frou, nei safolle wiken, moannen.... in frou.
De âlde man sjocht ús oan.... bigrypt ynienen....
Juan, de lampe....; dû der út en by Pépitos wachtsje.
Hwerom, heit?
Dû hearst it wol, nou?!
Wy hearre de faem nei bûten skoffeljen. Immen taest nei syn lúsjefers.
As de lampe wer barnt, stiet de âlde man jit op 't selde sté.
- Myn skuld, ik hie har by d' ezel litte moatten.... Binne jimme stom?
- Nim dat ein tou.... de bêste remeedzje foar jimme kwael. Hawar, de sekken stean der, ik nim dizze wer mei. 't Komt net goed, bin 'k bang; de Heinkels binne mei Palpari dwaende, gjin stien bliuwt op d' oare.
Nou.... moaije hearen binne jimme.... hawar, Maria sil jimme hoedzje, nacht!
Fuort is er. Wy gapje elkoar sleau en ûnnoazel oan.
Come un spauracchio, porco dio, flokt Vittorio yn syn memmetael, wylst er mei d' iene hân nei 't burd taest en mei d' oare nei knopen, dy't der net mear binne.
| |
| |
Hy hat gelyk, wy hawwe mear wei fan fûgelforskrikkers as fan minsken. Ik soe in ezel wâze wolle en Pépitos hjitte, suchtet Franklin as wy nei bûten rinne om 'e sekken.
't Sit him net yn 'e namme, seit immen.
Oer de Heinkels wurdt net praet, elts is mei syn tinzen earne oars, en swijt fierders.
As wy werom komme krûpe wy yn 't strie. Elts woelt hwat om, de sliep is fier.
Immen seit: ‘Boarsten’.
En in oare stim: ‘Bek hâlde!’
En ik.... ik lit de bylden fan Mem, Fokje en Salva gearrane....
Sûnt is der in wike foarby. Wy binne deselden net mear. Elts is mei himsels dwaende, elts forfeelt him, is brimstich of wantrouwich. Giaccomo hat justerjoun west; hy skodholle en fordwoun sûnder in wurd. It tou left op 't selde sté as in wike forlyn....
Wy hearre fuotstappen. Vittorio riist oerein en rint op 'e teannen nei de yngong, 't pistol yn 'e fûst. Hwa kin dit wêze op 'e iere moarn? Wy gripe ynienen nei ús wapens.
Giaccomo, lústert Vittorio. Efkes letter stiet de âlde foar de iepening; hy rikt Vittorio in brief oer. Nijsgjirrich kringe wy om him ta.
‘Alve ûre tsien’, lêze wy en elts wit hwat dat bitsjut. Giaccomo lûkt mei de finger in krús yn 'e loft, draeit him om en fordwynt stil.
Wy sykje it ark byinoar. Opslach is de geast oars.
Twa ûren letter krûpe wy op ús earmtakken en teannen efter elkoar it smelle rotspaed del, yn eltse hân in granaet. Om alve ûre tsien stekt Vittorio de lonte oan.
Wy bigjinne to tellen, stadich.... skean boppe ús, yn de bocht fan de greate wei rottelje de rûptsjillen fan fijanlike tanks op 'e tunnel oan.... twahûndert seis en tachtich, sawn en tachtich.... de foarsten kinne der wêze.... en dan, ûnforwacht fljocht in ûnbidige klompe stien de loft yn, folge fan in daverjende slach, dy't him as in swiere tonger fuortset yn de kleau.
Fierderop bigjinne mitrailleurs to rotteljen, efter ús dreunt swierder ark.
Hûndert meter foar ús bringe trije man in masinegewear yn stelling.
Vittorio jowt in wink, Juan folget syn broer.... hja wurde ûntdutsen fan d' oare kant, dêr rôllet Fonso by de
| |
| |
rotsen del, Juan slacht mei in gjalp efteroer. Peter krûpt nei him ta, de mannen fan 't masinegewear sjitte nou ek ús kant út, Fleanmasinen, Uzes, rapt Vittorio, mar syn stim wurdt wei yn de heil fan kûgels.
Hy springt op, mar Franklin lûkt him tobek; ikke, seit er en krûpt plat op 't liif fierder. Peter lelt oer it lyk fan Juan, de iene earm stiif yn 'e loft. Helmut en ik krûpe Franklin nei, dat masinegewear moat ta swijen brocht wurde, Franklin wurdt rekke, Helmut jowt in gjalp, bliuwt lizzen, de hiele rêch iepenskuord fan in granaetdiggel.... jit tritich meter, efter dy stien.... mar as ik de earm optil om de granaet to smiten, fiel ik in fûle stek yn 't skouder.... forlamme siich ik del. Efter my hear ik Vittorio flokken.... in daverjende slach.... it wurdt nacht.... nacht, Mem!
In razende pine makket my wekker, ik sjoch de blauwe himel, de groun ûnder my biweecht. Mar dan wit ik dat it de groun net is, ik wol hwat sizze, my omdraeije. In hân keart my; dan hear ik: ‘Coraggio poverino, drinke!’
Der leit immen njonken my.... Franklin.
Hy glimket en slút de eagen....
Coraggio poverino.... Hwer ha 'k dat earder heard?
O ja, Vittorio.... ik draei de holle hwat om en drink.
Bràvo!
De oaren?
Dea.... poverini, alle fjouwer.
Hoelang lizze wy hjir yn dit hoal, Franklin en ik, wiken, moannen?
Stadichoan komme ús krêften wer.
Ut en troch komt Vittorio.... Giaccomo is fusilearre. Salva ek....
Witst hwat in Mem is? In helt? Vittorio is beide, né mear jit; freegje Franklin mar....
Allinne oan it front, as de dea ús bistrúnt út swarte eachdobben, wurdt dyn namme wolris forgetten. Om't d' iene in stik fan d' oare is....
Jarowslaw leit lykwols net oan 't front. Noch net - hwant de tanks fan Hitler rôlje al oer de bulterige wegen, Noard en Súd fan de Rokitnosompen op 'e Dnjepr oan. Junkers en Heinkels hesje ús bytiden út it wurk en út 'e sliep.
Hie 't faeks better west en wie ek mar to Cadiz bleaun lyk as Vittorio en Franklin?
| |
| |
Dan hie de foar my ornearre kûgel it heger sykje moatten as de knibbel.
Ik hie gjin kâns mear harren de eagen ticht to triuwen, waerd opnommen en yn in boat tôge. Poverini....
De nije maten wiene rûge goedmienende keardels, bernlik optein fan Stalin, de heit fan alle Russen, dus ek fan Russyske sélju, Dêrnei kaem it hospitael fan Sébastopol; suster Katherina Mikrowitsj....
En nou weevje ik stoffen foar it reade leger; hoelang al? Driuwriemen gounzje, spoelen flitse troch de skearing ûnder heislik leven fan kamrêdden, slachstokken en healemoannen. Oer de op en del dounsjende kammen, foar en efter my, antlitten, mêdde drôve antlitten.
Froulju meast; de inkelde manlju binne ynvalide of âld, útsein dan Goljof en Philatow.
It lûkt grif moai nei de winter; fan 'e moarn lei der in laechje snie op it sportplein tusken de fabryksgebouwen. Ik soe wolris ride wolle, as soks mooglik wie mei in stive skonk, of dounsje yn de âlde herberch oan de Foekesleat, lyk as doe mei Fokje....
Doekele timmere nei eltse douns omraek op 'e fioele en rôp: Bitelje minsken, bitelje!
Ik soe wolris in rige feinten oan 'e stôk sjen wolle, of fammen mei reade wangen ûnder wite klotsen.
Mar ik sjoch neat as mêdde antlitten, spoelen, weeftouwen, skoftlokalen en sliepsealen, èn portretten fan Lenin en Stalin, guodlike mannen sa to sjen.
Bliksems, hwat stean ik hjir to dreamen, kammeraet Philatow glûpt oer de dounsjende kammen myn kant út, ik moat op myn iepenst wêze.
Dêr is 't al mis, der binne in mannich triedden knapt op 't fierste tou lofts. Ik fljoch der hinne, der sit gâns in gat yn de stof, stof foar 't reade leger, en moat in ein úthelje mei de izeren kaem, dy't jimmer earne boppe 't ear bongelt.
Kammeraet Philatow sjocht op de chronometer.... bom, dêr stiet it tou efter my, gjin jern op 'e reservespoel.... gau, hup, dy rint wer.... úthelje gau, in eintsje jit.... sjesa, nou it keattingjern tobek.... klear.
Nou jern op 'e oare spoelen, hou, dat lofter tou earst oansette....
Alexandra Gawaroecho laket spotsk, ik sjoch it net, fiel it, fiel har eagen yn myn rêch.... dêr knapt in tried, gau
| |
| |
knoopje en trochhelje, net dreame, kammeraet Bergsma, dreame en sabotage is itselde neffens kammeraet Philatow of Alexandra Gawaroecho.
Nije spoel, oansette, forhip, gjin pipe opstutsen.... op in dei stiet hjir in oar op dyn plak, kammeraet Bergsma, hwat sei?
Ja, spot mar mei dysels, sjoch dat lofter tou stiet al wer, oansette....
Nou efter dy, oansette; nou nije pipen op 'e priemmen, net forjitte Bergsma.... hwant Philatow sjocht dyn kant út en Alexandra Gawaroe.... earst dy tried knoopje jonge, gau trochhelje freon, sa oansette. Hwant rounom binne Philatows, Bergsma; Philatows en Gawaroecho's. In piramide.... nou, dat tou efter dy yn 't each hâlde, kammeraet Bergsma, hwat sei? In piramide fan Philatows. Goed byld, kammeraet Bergsma, dy piramide, Dy't hoppe oan sit is de greatste, hwat sei? Om't er gjin lêst hat fan druk, kammeraet.... hou, dat tou.... o, mar ien tried, hupseké, dêr rint er al wer hinne; goed byld, dat fan dy piramide, treflik byld.... sjoch help Marioetka even mei dy keattingboom, Kammeraetskip is forplichte, kammeraet Bergsma en Marioetka is eltsenien net.... tink yntiid om dyn touwen, de boel moat draeije.... moaije lytse boarsten. Moatst ris faker om tinke as hja foaroer stiet; justerjoun seine har eagen: ienkear, ienkear.... dyn tiid ôfwachtsje, kammeraet Bergsma, sjesa nou de pounstiennen.... ré. Tankbere blik.... joun.... krekt op tiid jonge, soest hast wer in gat weevje, gau knoopje, trochhelje. Efter dy stiet it spul ek, bom, oansette, pipen op 'e priemmen, hup, knoopje, bom; dêr draeit it spul wer. En de sphinx glimket. Sphinx? Bist in âld-filosoof, Bergsma. Piramiden en sphinxen. Philatows en Gawaroecho's.
Witst jit fan dy Tsjechyske doomny? Filosofen, sei er, binne lju dy't yn in roettsjustere keamer op in roetswarte kat jeije dy't der net is, Kin 'k ynkomme, seistû, en theologen soene yn 'e selde omstannichheden it bist grif fange.
Doomny's hawwe dy net gau yn 'e skjirre, kammeraet Bergsma.... set dat tou even oan.... om't doomny's lju binne dy't redenearje.
Philatows redenearje net; as hja it al dogge binne hja gjin Philatows mear, dat hast njonkenlytsen wol foar 't forstân, wier?
Sjoch, dêr is de nachtploech al, gau it spul even neigean.
| |
| |
De fûsten geane omheech.... ik stap efter Marioetka yn 'e rige.
It iten stiet ré, earst sop slobberje; Marioetka sit foar my oer.
It plak fan Käthe is fan in oar frommis ynnommen, in tige Mongoalsk tipe.
Hwer soe Käthe sitte, Käthe Dobrowolski?
Marioetka hellet de skouders op: Nitsjewo. Dat kin alles en neat bitsjutte.
De Poalske faem hie 't smoar oan alles hwat Russysk wie, Philatow hie blau krigen, dat stiet wol fêst. Bidriuwsried, - sabotage....
Sille wy aenst skake? 't Is gjin waer joun.
Goed, mar net lang.
Dan geane wy nei de oare seal. Iwan Goljof knypt Marioetka yn de earm, hja fornimt it net, sabeare. Gefaerlik, Marioetka, gefaerlik foar in boerefanke soks net to fornimmen.... ek ien fan de piramide.
Nou net al to freonlik tsjin my aenst....
Alexandra Gawaroecho sit by de tafel ûnder Stalin; hja glimket.... sphinx?
Mar dy eagen, eagen.... Gefaerlik, kammeraet Bergsma, jimmer by in oare tafel to sitten as Alexandra Gawaroecho.... glimkjen bitsjut yn dit lân soms hwat oars. Hwerom wennet hja net yn 'e stéd?
Philatow giet alteast nei hûs, jouns, of moarns, al neigeraden de tsjinst.
Ik bin in hynder kwyt; myn keninginne stiet faei, faei as.... hwant Iwan Goljof hat de eagen net fan ús ôf. Dêr giet dyn toer, kammeraet Bergsma.
Dan tikket Iwan Goljof, kammeraet Goljof, Marioetka op 't skoude.
- Kammeraet Goljof?
De eagen draeije nei de doar, in tame wiist.
- Hwerom, kammgraet Goljof?
Jitris draeije de eagen; Marioetka hellet de skouders op en giet oerein, Dan fordwynt hja efter de rêch fan Iwan Goljof. Dêr giet dyn keninginne, kammeraet Bergsma....
Nou sit der in oar op har plak, ynienen.
- Kammeraet Bergsma!....
- Alexandra Gawaroecho! -
- Dyn keninginne stiet faei, sil ik fierder spylje?
- O.... stiet hja faei....; (ik brûk ynienen myn Memmetael).
| |
| |
- Hwat seiste, kammeraet Bergsma?
- Goed, Alexandra Gawaroecho; dû moatst sette.
- Marioetka forfart. Leninfabryk....
- O, lêste etappe....
- Hwat bitsjut dat? Brûk in oare tael en tink om dyn spul, kammeraet.
- Der sit gjin remise mear yn.
- Fynst it spitich? - Né, fan Marioetka mien ik.
- Hwerom?
- Tocht ik sa.... bist net ûnforstannich, kammeraet Bergsma.
- Soa, 'k jow 't mar oer, hjir....
- Der binne masinen, oerfleaners; ik wol my hwat forstappe, kammeraet Bergsma.
- Goed, ik gean mei, Alexandra Gawaroecho.
- As it my goed is.
- Dû wolst it.
- Dû ek?
- Ik ek.
- Hast in goed forstân, kammeraet Bergsma; spitich fan dyn stive skonk. Wy koene dy skoan brûke, oars.
- Wy?
- De Sovjet, dy!
Hja wiist nei it portret oan de muorre. It sjocht my guodlik oan.... o, dat godforgetten guodlike, Ynienen kin ik wol koarje fan mysels.... leffe forrieder. Mar Alexandra Gawaroecho wachtet glimkjend, ‘Ear't de hoanne trijeris kraeid hat’.... Marioetka.... Fryslân.... Hamlet?
Né, Hamlet hie oare bitinksels; ik fjochtsje om myn eigen libben.
Fjochtsje? Ba.... kammeraet Bergsma, ba.
- Twastriid, twivel?
- Alexandra Gawaroecho!
- Sa mei 'k it sjen, kammeraet Bergsma, kom.
- Hoe kom ik hjir wei?
De froulju sliepe, kammeraet Bergsma.
Allegearre?
Allegearre, kapitalist. Hjir mei dyn bourgeoiskop....
Nim immen fan de revolúsje, Alexandra Gawaroecho.
Kapitalisten docht men in gunst, kammeraet Bergsma, mannen fan de revolúsje in tsjinst.
Ik bin dus in bigunstige?
| |
| |
Hjir dyn bourgeoiskop.... sa, gean nou. En....
En?
Mannen fan 'e revolúsje binne âld, kammeraet Bergsma.
Aha - sliep wol, Alexandra Gawaroechi.
Bourgeois!
(Fragmint.)
|
|