1. | Al earder hawwe wy bikend makke, dat wy it plan hawwe hannen to meitsjen foar de jiergongen 1946, 1947 en 1948, om de Tsjerne bliuwend to biwarjen en as boek lêze to kinnen. Dit plan foel tige yn 'e smaek fan meardere abonné's, doch der binne noch fierstomin bannen bisteld; oan 't nou ta hawwe wy in hûndert opskreaun.
Wy wolle nou graech definityf in opjefte nei ús bynder ta stjûre en freegje derom foar 't lêst Jou mûglike bistelling fuortdaliks op te jaen. De priis is f 1.50 per bân fan ien jiergong.
Ek opjaen hoefolle en hokker jiergongen. |
| |
2. | Us abonnemintsregister is net kompleet. Wy misse de nammen en adressen fan dy abonné's, dy't de Tsjerne tastjûrd krije troch harren boekhannel. Dit is derom sa biswierlik en ûngemaklik, omdat wy nou net sjen kinne hwa't allegearre abonné binne. Us propaganda-mannen witte net hokker adressen hja biwurkje sille. Wolle dos ús lêzers, dy't by in boekhannel ynskreaun steane, dit oan ûs opjaen? Tige tank! |
| |
3. | Net forjitte op to jaen by bistellings en adresforoarings of it abonnemint oer in boekhannel rint. |
| |
4. | Mei klam wize wy ús lêzers der op, dat men net tuskentiids it Tsjerne-abonnemint opsizze kin.
It abonnemintsjier rint fan 1 Jann. oant 31 Des. en yn Gs administraesje hawwe wy allinne jierabonneminten.
Inkeld mei yngong fan it nije abonnemintsjier (dos 1 Jannewaris 1950) kinne bitankjes oannaem wurde. |
| |
5. | It is ús fêste oertsjaging dat der foar ús Tsjerne noch greatere mûglikheden binne. Dit blykt ek wol út it forrin fan it abonnemintental. Der binne noch wol mear nije lêzers foar de Tsjerne to winnen. Meije wy yn dit forbân Jo freegje om adresse-materiael foar karnûmers?
Der binne sûnder mis yn elks omkriten noch wol adressen, dy't hjirfoar yn oanmerking komme.
Doch Jo bêst ris foar De Tsjerne!
De Tsjerne docht it foar Jo! |