Toanielkronyk.
Hwat fugel hear ik der?
‘Swannesangen’. To krijen by: Hessel Miedema, Geuzenkade 19 II, Amsterdam-W. Prijs (priis?) f 0.75.
Hie in boek mei lietsjes lyk as ditte safolle jier nei de Earste Wrâldoarloch it ljocht sjoen as dat it nou nei de Twadde forskynt, dan hie de resinsint moai grif folstean kinnen mei ien forneatigjende mokerslach fan in folsin, b.g.: Dit wurkje is to foech en to lef om fan in earnstich minske skôge to wurden. En hy hie oergean kinnen ta de oarder fan 'e dei: it tarieden fan Fryslân's takomst troch it skôgjen fan keningsdrama's of troch it skriuwen fan drege sonnetten.
Mar it is fjouwer jier nei Oarloch Nr. 2. En de kraeijende hoannen fan in great fearnsieu lyn binne al njonkelytsen bigoun to gapjen. De ‘earnstige minsken’ fan doe hawwe, hwat har sabeare seedlike earnst oangiet, gâns ôflear en tobekset hawn. Hja hawwe ûnder allen foar it bigryp krige dat it wapen fan 'e satyre, dat selsspot ynslút, oan it Fryske front net mist wurde kin. Dêrfoar is it to tûk, to hânsum en to feninich, dat wapen.
De ynhâld fan dizze ‘Swannesangen’ wurdt foarme troch de teksten fan it kabaretprogramma dat it Fryske Studinteselskip Cygnus Resurgens fan Amsterdam op it lêste Federaesjekongres to Frjentsjer útfierd hat. It hat in goed idé west fan de mannen om dizze lietsjes yn boekfoarm, foar in breder publyk as der doe dy jouns yn 'e Koarnbeurs wêze koe, út to jaen. Dochs leau ik dat dyjingen dy't forline winter it foarrjocht hiene dit studintekabaret libbensliif mei to meitsjen, der it measte oan hawwe sale. Kabaret is it ûndergean fan in sfear. En dy aparte sfear dy't dêr op dy ûnforjitlike joun yn 'e Frjentsjerter Koarnbeurs hong, wurdt by it neilêzen fan dizze libbenslietsjes en parodyën wer tige by jin wekker. It is allinne in griis dat sok wurk, dêr't sa'n ûnbidigen heap tiid en energy yn sitten giet, net ris op oare plakken en by oare gelegenheden op 'e planken komt. Of bliuwt it miskien dochs net by in première? In programma as ditte soe b.g. alhiel net misstean op in fleurige gearsit nei de útrikking fan in Gysbert Japikspriis. Hwerom soe men fan sa'n sjongende swan net in Phoenix meitsje kinne? It Efteropwurd (dat foar yn it boekje stiet) makket dêr ommers ek al gewach fan! My tinkt: dizze fladdéraque is to goed om wei en is op 't lêst net foar de guozzen ‘broud’.
Marten Brouwer en Sybe Sybesma, jimme meije ris wer! Jimme heiten hawwe Fryslân tsjinne mei treflike fjirtjinrigels. Bombardearje jimme datselde dôlfhûdige Fryslân mei flymjende spotlieten. It mei neat gjin kwea. Lit my ophâlde mei in sitaet út jimme Foaropwurd efter yn dit gekke boekje: ‘Leafst woene wy jimme in flesse spuit oanbiede, mar dêr sitte Delftske biswieren oan fést. Hjir hawwe jimme de negative delslach yn inket dan.’
D.A. TAMMINGA.