hiele spul wie skeind. Soks koe net, dit wie broddeljen, dit wie yn striid mei.... de wet!
Sil 't iene of 't oare mei rjocht en reden kunst neamd wurde kinne, dan moat sa'n wurk foar alles in harmony wêze. Wis, dêr kinne ek dissonanten yn foarkomme. Dy binne der yn it libben ek. Mar dy dissonanten hawwe dan har eigen funksje yn de harmony, om dy better ta har rjocht komme to litten. En sadré as dy dissonanten of de oare akkoarden yngeane tsjin de wet dy't steld is, wurdt it gehiel gjin kunst, mar wankunst, ek al is it mei bloed en triennen en yn swiere fleagen to wrâld kommen.
It boppeneamde foarbyld flokte mei in ienfâldige natuerwet, dy't wy allegearre kenne en erkenne. Dêrom naem ik dat ek as útgongspunt. Mar itselde jildt foar in ‘kunstwurk’ dat yn striid is mei de noarmen fan de logica, de economy, de morael, it rjocht en de theologyske Wierheit. De economyske oerdiedichheit - de wurde-diarrhee - skeint it gedicht, striidt mei de harmony. Itselde docht it fers, it skilderij, dat him forgrypt oan 'e morael, de wierheit of de Wierheit.
Fansels, ik nim dy wurden net yn de bitsjutting fan hwat ik dêr ûnder forstean. It is hielendal myn bidoeling net om in absolút etiket to plakken op hwat ik moai of min fyn. Hjirby moat it gean om de hegere noarmen, dy't yn en foar alle ivichheit steld binne. God stelt de wet dy tagelyk opdracht en grins is en hy laket faek om hwat wy dêrfan meitsje. Mar Hy hat him steld en iepenbiere yn natuer en skriftuer. En hwat dêrmei yn striid komt, skeint de harmonyske evenredichheit. Dêrom hat Fedde Schurer gelyk as hy seit, dat ‘in oare wierheit as ús eigen’ wol positive wearde hawwe kin. Allinnich, hy hat de helte hjirmei sein. De oare helte is: hwat net oan de Wierheit foldocht is dêryn allinnich mar negatyf. Aldergeloks in negativisme dat oerwoun is fan it Wurd.
En hjirmei sitte wy midden yn it probleem. Hwant sa sjoen is der gjin kunst om de kunst, gjin foarm sûnder noarm. De greate forwurding fan de kunst ûntstiet krekt troch it loslitten fan alle noarmen, it individueel en souverein skeppen fan nije ‘noarmen’, of it proclamearjen fan ien (aesthetyske) noarm ta absolute souverein. De homo economicus is sa njonkenlytsen útband, mar foar de homo aestheticus lizze de measten noch op 'e knibbels.
In Frânsman moat ris sein hawwe: Kunst is de natuer