| |
| |
| |
Anne Wadman:
Memme eagen.
IV. (It lêste.)
De joun bleau stil en ûnwennich, mar dochs fold fan in frjemde spanning. Ier moast de lampe op, en se sieten meimankoar om 'e tafel hinne sûnder folle praet. De radio spile sêft, heit en Roelof smookten sygretten, Rienkje stoppe hoazzen, trou as altyd, en Anna siet mei de hannen yn 'e skurte to sjen.
Yn dizze stilte foelen de inkelde wurden as yn in boaijemleaze leechte, alle goede bidoelingen raenden der lûdleas yn wei. Treastleaze forfeling bleau oer. Ek heit koe der net oars fan meitsje. Op syn antlit lies Roelof de spanningen foar de nacht. De man socht sa 't like om in edelmoedich argumint, dat syn driften forskûl hâlde koe en Roelof op 'e doele bringe. De reek doarme yn kringen om 'e lampe. Bûtendoar swaeide in fytsljocht oer de dyk. Der sloech in doar, in houn gyng to kear. Doe waerd it wer stil.
‘'t Is by tsienen’, sei heit. ‘Sille wy mar?’
Trillet syn lûd? skeat it troch Roelof hinne. Fûnkelen syn eagen sa nuvere fûl, of kaem dat fan it lampeljocht?
Heit gyng oerein. Roelof ek. Ien amerij stiene se foar elkoar oer. Der wie in taestbere fijânskip, hja fielden en retten elkoars tinzen, en preauwen de oergunst om dit jonge froumins dat dêr oan 'e tafel siet.
Mar der barde neat. Anna bliesde it théstoofke út, Roelof kniep syn sygret fyn op in thépantsje, heit seach efkes bûtendoar, sleat de winkel en skoattele de doarren. Krekt as altyd. Anna poke yn 'e kachel om.
‘Jo witte hwer't jo sliepe moatte?’ frege heit, doe't er ryboskjend wer yn 'e hûs kaem. It wie allegear hiel gewoan, gjin triljen yn syn stim, gjin fûnkeljen yn syn eagen, gjin haet mear hein of fier.
‘Ja’, sei nicht Anna, op 'e knibbels foar 'e kachel. ‘Op it foarste keammerke, Rienkje hat my al oanwiisd’.
Aha, dus, it komt net fannacht. Hy wol syn bern in goed en deugdsum foarbyld jaen. Of hy hat gjin kâns sjoen skoandere arguminten by to bringen om de needsaek to fordigenjen dat er fannacht by Anna sliepe moat, tocht
| |
| |
Roelof spotsk. Heit docht it ljocht út, stommelet nei boppen, de oaren, wy, komme efter him. Elke joun deselde optocht, in stille seremony, dat nei boppen krûpen by de ljedder op, heit foaroan, de oaren, wy, efter him. Roelof bliuwt efterst, en giet nei syn sydkeammerke, dêr't Marten it bêd alhiel oeralwrot hat.
‘Hjir is 't knopke fan 't ljocht’, heart er heit sizzen yn de foarste keamer, ‘en hjir is waskwetter, moarnier, sjo' jo?’
‘Ja, ik sjoch it.’
Dan stiltme. Der wurdt in stoel forskoud. Roelof harket. Hja flústerje, hy forstiet: ‘Anna....’, dan sêft, mar fûl en wyld, forsmoard: ‘Né Jan, nou net.... tink om 'e....’
Letter prate se togearre noch in skoft, mei ynhâlden lûd. Gerdynringen knarse oer de roeden. Dan fuotstappen oer de souder, wer yn 'e foarste keamer. Marten draeit him ûnrêstich om. Tomûk laitsjen fan nicht, sinlik en heas, sabeare protteljen fan heit, dêr't lykwols de wielderigens yn trochklinkt. In kastdoar pipet, hja laitsje togearre. Dan kreaket de oerloop wer. Der wurdt ‘nacht’ flústere en heit giet nei syn eigen sliepsté, op 'e hoeke fan 'e souder.
Dit is goed biteard, tinkt Roelof, ynein fan it spand op 'e hark lizzen. Heit hie wold, mar nicht wol net. Foar dizze nacht haw ik dus gjin soargen mear. Of it moat komeedzje wêze, om my op 'e doele to bringen. Yn alle gefallen, ik moat wach bliuwe. Heit lit it hjir net by sitte, dêr is hy de man net nei, mei syn twingende oermacht, mei de fûle bigearige eagen en syn barnende hannen. Hy sil fjochtsje foar syn saek, foar him is dit in saek fan der ûnder of der boppe....
En foar my....? Lit my earlik wêze. My is der safolle net oan gelegen as him. Gjin der ûnder of der hoppe. Ik haw allinnich yn Anna' eagen myn memme eagen ûntdutsen en dat jowt my de forplichting har to rêdden út de hannen fan dizze man, dy't ienris myn mem sa oankaem is en har sa ûngelokkich makke hat. Anna wit dat net, en ik haw it har ek net sizze kind, ik kin it har nou ek net sizze. Hja hat my allinnich noch mar nei har tahelle en my yn har eagen, memme eagen, stoarje litten. Hja wegere my net, ik hie fierder gean kind en myn heit alhiel ta skande meitsje. In heit dy't der ôfriden wurdt troch in soan. Mar ek dêr wie ik net mei opsketten, boppedat, hwat ik mei Anna dien haw, freget in bifêstiging yn wurden en dêr wie
| |
| |
ik noch net oan ta. En dan.... memme eagen makken dat ik net fierder gean koe. Memme eagen, just, al it oare is skyt. Allinnich memme eagen ha my bihindere myn heit foar skut to setten. Mei alle oare froulju dêr't ik safolle foar fiel as foar Anna hie ik fierder gien, mei har koe ik net, om dy eagen. Om dy eagen haetsje ik myn heit nou foargoed, om dy eagen ek haw ik noch gjin wraek nimme kind. Mar dy man, ik haetsje him, ik haetsje him om alles, om hwat er is, om hwat er docht, om hwat er mei nicht Anna wold hat, sels haetsje ik him om hwat er al wold hat mar net dien. Ik moat him keare. Mar is him ea in macht treast? Sil ea immen him oermasterje, myn heit dy't sa wis is fan syn saekjes, dy't alles sa krekt wit, en alles sa kreas foar elkoar prate kin, mei eptige gebeartens en in snedige glim om 'e mûle, dy't sa oertsjûge is fan syn gelyk en fan it rjochtfeardige fan syn dieden, fan syn karakterfêstens?
Der loek in skimer oer Roelof. It wie kâld, sa to lizzen, mei de knibbels omheech en de earms efter de holle lâns. Hoe lang moast er sa noch lizzen bliuwe?
Heal yn 'e sûs skrille 'r op. Der wie wer stommeljen op 'e souder, heite bleate fuotten plakten oer de flier, in doar pipe, op nichte keamer wie rûzemûzjen.
Roelof joech him oerein op syn earmtakken. Hy stiek de skonken ta it bêd út en fielde himsels op 'e groun stean. It sûze om him hinne krekt as dreamde 'r. Mar it swilk wie kâld, dêr't er op stie. Hy harke in tel en gyng nei de doar fan syn keammerke, dy't yn 't kier stie. De doar pipe net doe't er him iepen treau. Hy stie op 'e oerloop. Troch it iepen dakfinster kaem in kâlde ûnlijige wyn. Hy roun sêft op syn teannen nei de hoeke fan 'e souder dêr't syn heite bêd stie. Alles wie stil, der biweegde neat. Hy taestte op in plat bêd, dat tsjuster yn 'e tsjustere hoeke gappe.
Op nichte keamer wie it stil. It ljocht gyng oan en wer út, efkes letter wer oan. Der wie hwat biweech fan skaed troch in skreef fan de doar. Doe kreake it bêd, tagelyk sloech de tsjerke-klok. Alve slaggen telde Roelof, alve slaggen troch de stille nacht. It duorre ûren ear't de lêste forklonken wie, en salang as er om dy slaggen tocht koed er net tinke. Hy gyng foar de skreef stean, huverjend fan 'e kjeld. It einefel stie him op 'e earms. Syn foet taestte oer in fortoarke blêd dat hjir troch it iepen dakfinster hinnewaeid wêze moast. Hy fage hoeden it blêd oan kant, stjitte de
| |
| |
tean yn in spiker. Hy kromp yn elkoar fan 'e pine en sloech mei syn knibbel tsjin 'e doar. Fordomme.
Yn ienen styng syn heit foar him, wyt skimerich yn syn ûnderklean. De doar fan Anna keamer wie tichtbleaun, heit kaem dus earne oars wei. Hat it bêd net leech west?
‘Hwat moat dit hjirre?’ De tonger fan dizze driging koe net de eangstme forburgen hâlde dy't der yn siet.
Hja stiene foar elkoar oer. Roelof wie greater as syn heit, en stie rjochtop. Hy fage syn tean oer de flier, it fielde kleverich fan it bloed. Hy lei syn earms oer elkoar, as in generael dy't fan in forachtlik mindere oanblaft wurdt. Hy seach del op 'e grize skym fan syn heit, dy't dêr stie as in lulke hiemdogge, de rêch bûgd foar de oanfal. Gjinien sei hwat, mar de spanning wie ûndraechlik. It is mar in dream, tocht Roelof. Mar it wie gjin dream, it wie de hurde wierheit. Hy bisocht to tinken en ta klearrichheit to kommen. Heit woe.... nicht woe net.... of miskien ek wol, mar it mocht net, hja wiene noch net troud.... bispotlik: en ik dan mei Antsje? Haw ìk altyd sa neffens de regels hannele? Oer fjirtjen dagen trouwe se, yn alle eare en deugd, hwat sil ik mei myn gewrot. Né, it is hwat oars. It is mem. Mem, dy't hjir forkwânsele wurdt. Memme eagen sille fannijs forret wurde. Just dat is it. En hjir stean ik, ik kom op foar de rjochten fan myn mem, dy't ienris dizze lytse goare man syn frou wie en neist him lein hat, lyk as aenst dit fanke, dat op 'e selde manear fan him fan 'e sokken praet wurde sil as hja ienris. Ik stean hjir foar myn mem.... mar bispotlik is it, sa oanstellerich, sa pathetysk. Hwat doch ik hjir? Kin ik myn mem net oars earje as sa mei.... Eins is it ommers mar in misforstân. Heit wie alhiel net by har. Dat kin ik ommers maklik rjocht prate.... Ik soe efkes it dakfinster ticht dwaen en stjitte doe mei myn tean yn in spiker, sa ienfâldich as hwat.... Mar né, hjir foar dizze skreef hie ik neat to meitsjen.... Ik wit it ek net mear, ik sil dizze slach mar forlieze moatte, lit mar komme hwat komt....
Doe sei de heit:
‘Hwat moat dit bitsjutte....?’ Deselde driging, mar it wie efkes swakker.
‘Neat.... ik tocht dat heit.... as mem.....’ Syn lûd trille, hy koe it amper útbringe, it hearde as in snok, Roelof fielde him lyts en mislik en ellindich, der wie gjin forwar mear yn him, gjin argumint dat libben bleau, syn moed wie
| |
| |
wei. Hy socht yn syn tinken om nei in lêste hâld, mar foun neat. Forlern dus.
‘Hwa praet hjir fan mem’, spatte heit yn ienen op.
‘Ik praet hjir fan mem.’ It wie swakker en wurger as moatten hie.
‘Dou hast hjir to swijen, en ast dat net kinst....’
‘Ik fordom it.’
Doe sloech heit him, in fûle slach tsjin syn wang, dat er in bloedsmaek by syn tosken om preau. It hert bounze him, it bloed fleach him nei de holle. Hy sloech werom en timmere der op. De lytse man foar him doek yn elkoar, foel tsjin de doar fan nichte keamer oan, dy wiek, hy gyng efteroer en sloech mei in lûde slach tsjin 'e groun.
Doe't Roelof wer op 'e oerloop stie wie alles leech yn him. Hy hie neat mear om to tinken. Dat waensinnige skoftsje tusken heit syn kommen en de lûde slach, it wie krekt as wie 't him alwer forgetten. De leechte sûze yn syn holle. Hy loek de doar fan har keamer efter him ticht en stie in tiid foar it dakfinster. De loft wie tsjuster, der wie gjin stjerre to sjen, it waeide kâld, dat die him wol goed, nel dy razernij fan nyskes. Syn skonken trillen noch en syn hert bounze, mar it waerd al better. Jonge ja, hy kaem aerdich by syn sûpe-en-stút.
Doe ynienen stie Rienkje neist him:
‘Hwat wie dat niis?’ Hja trille fan eangstme.
‘O neat’, flústere hy werom, ‘si't dy letter wolris fortelle. Moatst gau op bêd gean, it is de muoite net. It is hjir fiersten to kâld. Toe.....’
Stil stie hja neist him, lyts en roungear yn har nachtjûpe, har holle mei de boune sturtsjes hier yn 'e nekke freegjend nei him omheech. Hy seach it net, mar fielde hoe bang har eagen him oanseagen.
‘Hwerom stiest hjir sa? Is der hwat mei dy?’
‘Myn tean bliedt’, sei Roelof, ‘mar gau op bêd gean, toenou.’
Hja hâldde syn earm fêst:
‘Is heit....’
‘Ja, - mar....’
‘En hastou him slein?’
‘Dou moatst op bêd, Rienkje, moarn fortel ik alles wol, toenou, doch it om my.’
Rienkje gie fuort. Neat dat har tinken forrette. Moarn moat ik mei har prate, tocht Roelof, as ik de kâns noch krij.
| |
| |
Alles wie leech yn him, en hwat der bard wie dize wei, der bleau neat mear fan oer as hwat nearzige yndrukken en bylden. Hoe't heit lyts en roungear foar him stie, hoe't er efteroersiigde, Anna har keamer yn. Mar it wiene bylden út in oare realiteit, dy't mei dizze neat mear to meitsjen hie.
Hy gyng nei syn keamer. Marten lei oerdwers yn 't bêd, mei syn holle op Roelof syn kessen. Hy skoude de jonge oan kant.
It wie leech yn him. Ien wissichheit pylke as in bitrousume biskavingsrest op út it vulkanyske lânskip fan syn tinken: Der is neat oan forlern. Ik kin it forantwurdzje by memme eagen.
Doe foel er yn in djippe sliep.
De oare moarns wie ek fan nicht Anna allinnich it omskot mar mear oer. Ear't hja har forhinge hie oan in balke mei in swiere spiker, hie hja har moart sekuer rébrocht foar de rekonstruksje. Der wie gjin finger tusken to krijen. Memme eagen ha my net misforstien, tocht Roelof.
‘Dat froumins moat duvelskrêft yn hawn hawwe, om sa'n keardel lyts to krijen’, hearde 'r ien fan it parket tsjin de oare sizzen, doe't hja har losknopen.
Sa'n dream op himsels al mocht bifredigjend hjitte - nammers joech er gjin feiten skerper en reëler as hokfoar realiteit ek? - hy wie it symboal fan jitte bifredigjender wurklikheit, dy't, lykas alle goede dingen, yn trijen bistie. In heit dy't mei in greate wite doek om 'e holle wrokjend troch hûs en timmerwinkel omkrukte. In nicht dy't mei eagen readskriemd fan skamte har sûnden kwytrekke oan túchdoek en skûdelwaskkwast. In Roelof dy't in piip opstiek en stoarre op in leech plak op 't bihang.
Langsweagen, July-Aug. 1947.
|
|