De Tsjerne. Jaargang 4(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 182] [p. 182] Willem de Jong: Bliuw net allinne. Dû leist warleas en allinne; wol slút it steech bistek fan hechte muorren en tek him oer dyn tearens hinne, mar hwa, hwa sil dy hoedzje as yn de spanten it suchtsjen bigjint, en oan de lûken it klopjen oanwint? Ik stean neaken yn de nacht, in wiffe esk op it fjild, en haw gjin forwar, gjin macht, as it dûnker him op my stoart en oan myn foet it wetter slacht. Leafste, hwerom yn iens'mens to forblieden, it libben to forrieden? ús miensumens is treast it fûlst birinnen, en yn in let omearmjen sill' wy tiden winne; it lot is dom en blyn; jow dy oan my forlern, wês dû de treastende wyn, lit my dyn hoeder wêze en dyn bern. Vorige Volgende