De Tsjerne. Jaargang 4(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 181] [p. 181] Sjoerd Spanninga: Boazumer mjitte. I. Hwat let it as de boarne droeget, De welle net mear wetter skinkt? As 't heitelân mar fierder slûget, En oan syn fromme freugden tinkt. Hwant lôget it oan alle kimen, Dit folkje jowt him snoarkjend del, Al springt de wanhoop op 'e trimen, En brânt de himel as de hel! II. Mar 't stjûge aerd dat bliuwt der yn, En wurdt de gong ek hwat krebintich, Men pypket noflik tsjin de wyn, Al waeit de jas hwat merketintich. De kouwesturt swaeit frysk en frij, En wurdt de boer gjin rintenier, Der kin noch in yllúzje by, Dat hupsa! Proast! Noch mannich jier! Vorige Volgende