De Tsjerne. Jaargang 4(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 180] [p. 180] T.A. Brattinga: Twa gedichten. * Iensum, allinnich, as yn in seal mei frjemde gesichten. Hwer is it bliere ljocht, de blommige wrâld? Hwer it freonlik petear, in inkeld ûnderhâld? Dat hja my net forstean...., miskien ik harren net. En geane hja it oare paed? En turken ús it libbensbilet dat my fan harren skaet. In stek? in haech? In kou is bang foar it elek- trysk oan 'e trie; in hazze foar 't jagersfizier; in faem foar Sibe wylde hier; in frommis foar in mûs; in bern, allinnich yn it wide hûs - né, gjin morael hjir efteroan.... * Kom mei, freon dy't dit lêst, lit de soargen mei rêst, leavje it lok dat ek bistiet. Dou sjochst, de sinn' is net dwêst, hja skynde doe net foar 't lêst, mar wie allinnich ûndergien om nij to rizen. Kies! De blommen gean' iepen. Vorige Volgende