Auke wie mei ‘Augusta’ oan 't draven, dêr woe hja graech efkes by sjen. 't Fanke wie mâl mei it moaije, jonge hynder en 't kaem de gasten net iens sa min út, dat hja der út gie. Hja hiene dan efkes frijer praten.
Doe't Swaen dan ek mar krekt bûtendoar wie, skeukte frou Hottinga al mei it brede efterein op 'e stoel om en de maitiidssinne, dy't har troch it keamersrút yn 't antlit skynde sette har roune reafallige holle noch mear op.
Hja hoegde meastal net lang om wurden to sykjen, mar dochs stie hja nou al hwat langer yn bistân. Der wiene oer dizze kwesje al gâns wurden forwiksele, mar om der mei de lju sels oer to praten foel neat tofolle ta. Binammen mei sa'n ien lyk as frou Fan Dyk net. Dochs sette hja har skeukend ta it petear, dêr't hja winliken al lang op longere hie. Hja bûgde har justjes nei de gastfrou oer.
‘Eh, hwat ik sizze wol, hoe is 't mei Swaen har forkearing?’
Hiel efkes leach de boerinne fan ‘Great Aisma’ stroef fan argewaesje. Hja hie dit oankommen sjoen en dêrom de bisite al in pear kear opsteld. Hja hie hiel wol yn de rekken, dat Swaen de lêste tiid gâns oer de tonge gie. Dêrom hie hja it fanke der ek goed oer ûnderstien. Mar foar in oar woe hja soks alhiel net wêze.
Heechhertich glimkjend sei hja dan ek:
‘Och nuvere oanslaggen, moatte jo tinke. Fan 't winter op 't iis hat hja wolris mei dy fint riden, mar fierders sil hja wol wizer wêze.’
‘Ei soa, nou de bern hiene 't der oer, dat it mar tige oan wie. Hja seagen se gauris togearre rinnen.’
‘Oeh hea’, noaze it oan de oare kant fan de tafel, ‘men soe sizze!’
‘Ja, ik sei al tsjin Sjouk, dit is dochs neat foar Swaen. En it sil har mem ek wol min oanstean.’
‘Dat soe 't ek, mar ik leau net, dat ik dêr noch oer yn hoech to sitten. 't Komt fansels wolris sa út, dat hja mei dat sédykstersfolk nei hûs ta rint. Sadwaende treft hja dy fint ek wolris, mar fierders hoecht men dêr noch net hwat efter to sykjen.’
‘Dat is wier, mar it soe de earste kear net wêze, dat de bern soks bûten de âlde lju om dogge. En ik wit net, ik wit net, mar hjir koe wolris hwat fan 't iis hingjen bleaun wêze.’
Frou Hottinga woe it sa noch mar net ôfbreide hawwe,