De Tsjerne. Jaargang 4
(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 175]
| |
Dyn prins.Foar Tine. De tryste beammen fan forlittenheit,
dêr't kâlde wyn de wiete snie troch jeit,
forriede my gjin paed,
dat nei de hichten laet
fan dyn kastiel.
Elts wyt it wol, myn faem: Ik bin gjin prins.
Myn libben mist it skaeimerk fan de mins
dy't ridder is yn trou
en selstucht foar de frou,
dêr't by mei giet,
Mar help my, faem, út dizze deade wrâld.
Ik neam dy dochs: Prinsesse fan bihâld!
En g'rif fyn ik dyn stins
neamstou my: ‘Prins, myn prins’,
om'tst fan my lâldst.
|
|