De Tsjerne. Jaargang 4(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 109] [p. 109] Willem de Jong: Busreis. Doarpen, beammen rigelje foarby, en nei de beammen wer doarpen, mei stoarjend holle huzen, en lannen, jimmer grize lannen tusken sleatten dy't net speeg'lje kinne, en efter, foar en boppe my, nea fierder ôf of neijer by, in leaden damp, de loft. De bus riidt nearne hinne, ik kin gjin streep, gjin horisont fornimme. Hja stie op it stap mei útdaegjend hier, doe 't mei in domme klap tafoel it portier. Unmacht. De bleke, tinne moarn taest húv'rjend oer dyn antlit; dyn lippen wurde kâld, myn mûle hat gjin antwurd; is dit de lêste moarn, is it dan stoarn yn dizze grinzeleaze nacht, binn' wy dan sûnder macht? Wurden, biferzen wurden, hannen, forwêzen hannen, en wy ta fijannen wurdend; lannen, frjemde lannen, grinzen, skerper grinzen en gjin oergong, gjin oerfloeijen. Wy bliuwe finzen. [pagina 110] [p. 110] Rein. Loft, rein mar ta, rein dochs de dagen tichter nou 't oer myn hert de tsjûke mist net lichtet. Loft, lûk mar ticht, ik kin net mear forneare it wolkebrek en 't iepen sicht oer geaën, my ienris hiem. Omslút my, rein, en nim m' yn griis erbarmjen; wol my 't forjitten skinke en lit m' o goede rein yn bline rést forsinke. Loft, rein mar ta, dat ik it skrinen net mear ha. Forburgen bloei. In broeijen, in dûnker bistean, in groeijen, forburgen, forbean; forburgen, mar ienris, o ik wit it, sil yn in al to let omearmjen oan de forhoalenheit ûntspringe en hommels foar har kring'e dyn lokjend, bitter glimkjend byld, sil ik, yn fruchtleas en wyld omearmjen, op reade streamen ûnhearber har ûntdriuwe nei it nea woune, nea forlern gebied, sil ik net mear forjitte kinne' it lang forklonken liet, en net mear forstjitte kinne hwat my alear ûntsonken wie. O ûntdekkende, kommende nacht. Vorige Volgende