minsten.... Madeleine en ik. It hie ek sa gutich like: Ninette, dy't yn 't donker neist ús weiwurden wie en ús eagen, dy't allinnich contouren ûnderskiede koene....
Sa gutich.... spoekeftich hie it like.
Mar Ninette, Lysbeth, Ninette is sûnt dy tiid foroare: Hja koe nea en nearne rêst mear fine.
Hwant hjà sei: It wie de geast fan har man, dy't har roppen hie, djip, djip yn 'e donkere groun....
Omt hja praet hie, mei in oare man, omt hja fuortwest hie en wille socht hie, sûnder him.... dêrom hied er har nou warskôge en har roppen by him to kommen....
Har roppen by him to kommen.
Sûnt dy tiid wie der in ûnrêst yn Ninette, dy't har faek twòng jouns út 'e hûs to gean en dat plakje op to sykjen, dêr't dat lytse ûngelokje bard wie. Earst hie ik dat sa net bigrepen. Hja frege my dan oft ik meiwoe om in brief op 'e bus to bring'en. Of hja frege Madeleine. Der wie altyd wol ien fan ús, dy't efkes meiwoe, foaral doe't wy foar it forstân krigen hweròm, en Ninette ús dat sels ek fortelde.
Wy praetten doe togearre ôf, Madeleine en ik, dat wy har fan dizze ‘sykte’ sa't wy dat neamden, ôfhelpe soene.
It mocht ús net slagje.
De tiid forroun, mar hja wie net to bipraten en ta in oar ynsjoch to bringen.
Wy waerden der brûkel fan, Madeleine en ik.
Wy wiene ek noch jong en forlearen ús geduld.
Op in joune, doe't Ninette dy stim wer like to hearren hie ik tige pine yn 'e holle en wie bliid, nei't wy it wurk einlings om acht ûre dien hiene, op bêd gean to kinnen.
En Madeleine hie krekt in min sin.
Doe frege Ninette ús, oft ien ek mei har gean woe, om..
Om stimmen, dy't allang kròàndea binne, to folgjen, foel Madeleine skerp út en ik.... ik draeide my om op bêd en stinde dat ik sa'n pine hie.
Ninette ek altyd, tochten wy, mei har ûnforbetterlike kueren.... wy hiene ús nocht!
En hwa hie tocht dat hja ek sûnder ús wol fuortgean soe? Wie hja net fiersto bang yn 't donker allinne, dat....?
Mar hja gie wòl, Lysbeth! Ninette gie.
Foar't wy der erch yn hiene, wie hja al fordwoun.
Sa bliek de stimme sterker to wêzen as har eigen eangst.
En wy.... wy ha har nea libben weromsjoen.