| |
| |
| |
Anne Wadman:
Memme eagen.
II.
De jouns waerd de loft skjinfage en krige alles ynienen in skyn fan fleurigens oer him. Mar lang duorre dat net mear, yn 'e Oktoberjoun. Alles sakke treastleas wei yn 'e skimer, de wyn boaze oan en de beammen bûgden har, kroanend. Blêdden, wiet en fortoarke, rûgelen en forstauwen: de pine fan it stjerren, elts jier wer, sûnder gerede.
Roelof koe net mear dat ienfâldich tofredenheitsfielen oer him krije fan oare Sneinen, as er nei de faem g'yng. Der wie hwat op de eftergroun fan syn tinken dat it bihindere, dat nei foaren krong, - in soarte fan spanning, as moast er him rémeitsje op in nuodlike takomst. Fansels, it wie hjerst, dat die it ek mei. Hy koe der net oer, dat fleanen fan 'e blêdden, hjerstmis gyng er altyd in bytsje dea: der stoar hwat yn him ôf. It makke him djip mankelyk en moedeleas. Nammers, de hjerst wie ek de minste tiid om to frijen, de noflike smûkens fan de winter ûntbriek noch, it wie to kâld en to wiet om bûten to forkearen. Mar ek dat petear fan de oerdeis mei syn heit op 'e polderdyk wie der, tofolle reden ta prakkesaesjes om jin ynienen op in frijersjoun oer to skeakeljen. Tsjustere punten by de rûs om ris by stil to stean. Sa bygelyks de fraech, hoe't nicht Anna en heit elkoar foun hiene en hoe lang it al geande wie. Dat it mei dy twa al in skoft foar elkoar wie, bigriep Roelof nou skoan. Nicht Anna kaem de lêste tiden faker as men foar in gewoane famyljebisite gean litte koe. In wurdmannich krityk oer Rienkje har húshâldlik biwâld, hwat ditten en datten oer kleanspul, in slach oer de snute foar him fanwegens jiskegriemerij op it kachelskleedtsje, in hantaest hjir en in hantaest dêr, dat wie sahwat alles hwat Roelof fan Anna har bisiten opmurken hie. En dochs moast der mear west hawwe. Men fielt soks soms, sûnder to sjen, en sûnder jin der rekkenskip fan to jaen, efterôf, as de feiten de gefoelens (net iens de formoedens) rjochtfeardige hawwe. In forknûkere divankleed miskien? Hy hie der yn alle gefallen amper by stilstien. Faeks wie 't ek
| |
| |
in twang'byld fan syn geast of hwat út in forgetten dream. In eachwink faeks, tusken heit en Anna? Ek dat koe in forsin wêze. En dan, in inkelde kear, in forheftich pleagjen en gekjeijen, dat ris oergien wie yn in algemiene wrakselpartij tusken heit oan 'e iene en Anna mei de lytse bern oan 'e oare kant. Die it him doe sear, dat er syn heite fûsten gripen seach yn it blanke fleis fan de earms fan in frou dy't sines net wie? Of die it him nou pas sear? Goed, mar doe't nicht Anna wurch en efter de pûst, mei it hier wyld om 'e holle en noch alhiel oerémus laitsjend op in stoel delploft wie en har it hier út 'e eagen striek mei in hantaest dy't er koe (hwêrwei? hwêrwei?), moast Roelof, dy't op in distânsje it spul oanseach mei de pipe leech yn 'e mûle en hwat fan forachting om sok bernegedoch om 'e lippen, dochs grif hwat fan in frjemde gloede yn syn heite eagen sjoen hawwe, en in fûl bigearjen, dat er soms ek sels ha koe nei de roune jongfammefoarmen fan syn memme nicht? Of wie ek ditte selsbidroch efterôf, likegoed as dat oeral wrotten en yn sawn hasten glêdstrutsen divankleed nei in Sneintomoarnsbisite fan Anna, doe't Rienkje mei de bern to kuijerjen wie en by efter de feart fiske hie, - it toaniel dat er nou hommels sa klear foar syn eagen tsjoene koe?
Hy dangele lang om, mei skearen, forklaeijen en bânoppompen, ear 't er op 'e fyts stapte, nei de faem ta. En doe't er ried, koed er noch syn prakkesaesjes net kwyt wurde. Hoe kaem it, dat dy âlde ‘hate’ nou ynienen wer sa fûl oplôge wie, dy't er dochs de lêste tiid miende yn it bisef fan syn superieuren oerwoun to hawwen? Hy hie der mei in oar oer prate wold, mei Antsje bygelyks, mar hja soe it net bigripe, hwat wit in famke fan achttjen fan sok in haet? Hja moast dêr bûten bliuwe. Lykwols, dat syn heit wer trouwe soe, as feit, dat soe har grif nijdwaen, soks koe men ûren oer prate, domwei en it forlykje mei oare gefallen, fan tûzen kanten bisjen, bikritisearje of biwûnderje, en yn 'e groun fan 'e saek folslein by elkoar lâns prate. Ek yn it doarp soe dit houlik wol oer de tonge gean, as de gemeente der de lucht fan krige. Praetsjes oer Marten en oer âlde bokken en griene sprútsjes, en al sa mear. Dêrmei soene se Roelof neat dwaen en syn heit likemin. In jier of hwat forlyn soe Roelof yn soksoarte fan dingen sein ha: ‘Heit is de wiiste fan ús beiden, en sil it it
| |
| |
bêste wol witte’. Noch earder hied er sein: ‘Heit is wiis, dy wit hwat heart en net heart’. Nou koed er it net fierder bringe as: ‘Heit moat dwaen hwat er net litte kin’. Sa wie de situaesje, ienfâldich en klear. Yn dizze trije formules wie it proses bisletten, mei in ûenforbidlike needsaeklikheit. Sa wie it gien: biwûndering, twivel, ûnforskillig'ens en forachting. De lêste phase wie ûnforskillig'ens èn forachting, beide tagelyk, of om barren. Unforskilligens as it bisef boppedreau, dat men immen dy't gjin ynsjoch yn himsels en syn eigen dwaen en litten hat, om syn tokoarten net hoecht to haetsjen, - forachting, as de hate net to bidimjen wie.
En yn dy jierren wie syn mem stoarn, sûnder dat er hàr ynsjoch yn dizze saek fornimme kind hie. It frjemde fan 'e hiele saek wie, dat Roelof noch mear weet hie fan syn heit doe't mem noch libbe as fan syn mem sels. Hja hie greatdiels by him lâns libbe, omt by doe it probleem noch net sjoen hie, en him allinnich blynstoarre op syn heit, sûnder syn mem dêr yn forbining mei to bringen. Hy wist net folle mear fan har as de uterlike trekken, in gebaer dat er him tobinnenbringe koe, net mear har lûd, har wize fan praten. Hja wie sa stil en bilutsen west, weidûkt yn it skaed fan de man dy't neist har libbe, lytser fan stal mar mei in forsearre geastlike oermacht dêr't hja gjin forwar tsjin hie. Allinnich fan har dea stiene noch inkelde bylden skerp en djip yn Roelof syn geast printe, hja soene der wol nea útslite. En dan ek noch mear fan syn eigen fortriet as fan har stjerren sels, dat stil, hast ûngemurken gien wie, sender ‘lêste wurden’, sûnder ôfskie, sûnder triennen, sûnder merkbere oergong. Hja hie eins al jierren wei west, ear't hja stoar. Mar dochs wiene it bange dagen, midden yn in gleone simmerske rite. De blinen wiene sletten, allinnich troch in skreef foel in skerpe baen ljocht. En hja gyngen allegear swijend troch de hûs, as soe der mei gauwens gjin mooglikheit ta libjen mear wêze. Yn 'e foarkeamer stie in ekenhouten kiste, dy't der útdroegen waerd op in strieljende Augustusmoarne. Minsken yn 't swart, folk by de strjitte lâns, fral dàt wie him bybleaun. Ek dat in slachter in lietsje fluite doe't er de stoet foarbyfytste, in skel, fleurich deuntsje dat wreed foel yn dy tsjustere en sûmbere minskekloft, dy't dizze swijende optocht hâldde yn it bisef fan hwat wichtichs to dwaen, in formaliteit dy't ek
| |
| |
perfoarst net knoeid wurde mocht, út fatsoen en tradysje.
Mar sa fielde 'r it nou, fjouwer jier neitiid, doe wie it allegear yn in frjemd, ûnbigryplik fortriet by him lâns gliden. Omkes en muoikes dy't er nea earder en ek letter nea wer sjoen hie, nichten en neven, âlde beppe, dy't koart neitiid sels ek weirekke wie, heit, roungear en forslein, it antlit wêzenleas, en dêrtusken Rienkje en hy, hja to jong noch om it to bigripen, hy as in opsketten jonge fan fyftjen, mei de stim yn 't wikseljen, groubonkich en mei himsels forlegen. En dan út en troch it ivige: ‘En is dàt nou Roelof? Krèkt syn heit....’
Fierder wist er fan syn mem allinnich noch, dat hja der altyd west hie, altyd op 'e eftergroun oanwêzich, mar oft hja allinnich mar swijend en stil west hie, of boppedat ek lijend en kwinend, wist er net, likemin oft hja folle soarge hie en dien.
Folie mear dingen stiene him jit foar fan syn heit ek út 'e tiid doe't mem jitte libbe. Mei heit wie syn hiele jeugd forgroeid. Dy oantinkens wiene as kykjes út in portretalbum, los oan elkoar, sûnder dúdlik forbân, mar dochs sichtber en net wei to tinken: Heit en hy to aeisykjen yn in heilbuije, dat it doarp efter in flues weiskûle en hja tsjin in hikke oansieten, heit prûmkjend en flybkjend ûnder syn pet wei, dy't er leech oer de holle lutsen hie en djip yn 'e eagen, hysels freegjend nei de technyk fan it aeisykjen. Heit timmerjend oan in douwehok foar him, dêr't in pear postdouwen in lijerich libben yn lein hiene, ont hja weirekken, fuort nei elkoar. Heit mei de hân tusken de seachmesine, it antlit forwrongen, mar sûnder klacht, en letter mei de hân yn 'e doek, glimkjend fan greatminskigens. Heit, doe't er in knyn slachte en it fel der ôfstroep mei in ûnforskillige hael. Heit op in Sneintomiddei doe't er in segaer rookte mei in moai rinkje, op 'e rêch yn 'e blikke lizzend, yn 't bûsg'roentsje. En mear fan sokke bylden sûnder uterlik forbân, allinnich dit iene dat hja mienskiplik hiene: heft as krêftminske, as de alwize, as de helt fan syn iere jonkheit. Sa wie heft: in man út ien stik, ear 't de freze ende hate en de ûnforskilligens de biwûndering oan kant treauwen.
En nou: heit as boargerlik timmerbaeske op in lyts doarp, mei de gebeartens en it lef fan in great oannimmer, mar meast roppen foar lytse skytkerweikes by boeren: in troch- | |
| |
sakke flier, in nije dampeal, in ôfwaeide dakpanne. Dat wie it einbislút en men moast der om laitsje dat it byld sa jammerlik foroarje koe. It lei him ek net oan de heit, dat it sa gien wie, fan helt ta ienfâldich man, mar oan Roelof, dat er dy heit ta de goede proporsjes werombrocht hie, - in wet fan it libben, sa't skynde.
Letter, doe't er Antsje de plannen fan syn heit wiidweidich fortelde, loek effen it skaed fan syn meditaesjes fan ûnderweis oer syn tinken, mar by spielde it fan him ôf, as immen dy't nel in lange reis yn treinen en auto's stof en swit fan him ôfspielt yn it blanke wetter fan de mar.
Jouns, doe't er nei hûs fytste wie der in wûndere ûnrêst yn him. Gjin opstânnigens of hate, mar it fielen, dat der wolris hwat barre koe tusken him en syn heit, dat oan alle yllúzjes in ein makke, en dat klearrichheit brochte. Soe nicht Anna dêr in rol yn spylje? Hy tocht oan har antlit, like sêft as dat fan syn mem wêze moast en oan dat momint, lang forlyn, doe't hja wraksele hiene.
(Wurdt fuortset.)
|
|