| |
| |
| |
Fedde Schurer:
Lof fan 'e poezij.
Maar na 't bittere gericht
Als de laatste ellende zwicht
't Onvergankelijk gedicht.
Hoewol it net de bidoeling wêze kin, jitris in skôging to jaen oer G.N. Vissers dichtbondel Jolm, moat ik dy dochs as útgongspunt nimme. De frage dochs, dy't de hear Terpstra my foarlei oan 'e ein fan it Jolm-symposion, de frage: ‘hwer geane wy op dizze wize hinne?’ ferget my op andert, in andert dat ik yn Ljouwert èn om de foardere tiid èn om myn plak as foarsitter fan 'e gearkomste net jaen koe, mar dêr't ik lykwols net fan ûntslein bin.
It komt hjirop del, oft it wol forantwurde is poëzij, dy't in oare wierheit as ús eigen iepenbieret, dochs as positive wearde oan to merken.
Ik wol myn bêst dwaen myn bitinken oer dizze dingen sa ienfâldich en klear as it kin to omskriuwen, it risiko nimmend dat ik An djipsinnigens tokoart kom hwat ik oan klearens win.
En dan moat ik bigjinne mei in stelling yn to nimmen, sa âld as de wei nei de Olympus en fan alle dichters en bern stilswijend oannommen, mar ek altyd like fûl bistriden fan theologen, partijgongers en oare dogmatici:
Poëzij iepenbieret gjin wierheit yn de dogmatyske, stellige sin fan it wurd. Hja iepenbieret, foarsafier hja wier poëzij is, skientme.
Men kin sizze dat dit yn wêzen itselde is, en ik haw gjin biswier ta jo jaen dat skientme in foarm fan wierheit is, mar dan in foarm fan wierheit dy't op in oar niveau leit as de dingen dy't wy wend binne as yn oerienstimming mei de feiten en mei de logika wier to neamen en dy't wy yn de wenstige tael omskriuwe kinne. Skientme is in wierheit fan in oare oarder en hat dêrom har eigen útdrukkingsfoarm.
Ik siz mei sin fan in oare en net fan in hegere oarder. Poëzij is gjin godlik of himelsk ding yn tsjinstelling mei
| |
| |
sport, skearapparaten en Frico-produkten, dy't dan yn aparte sin op 'e ierde bitrutsen wêze soene.
Poëzij biheart mei al dizze dingen ta de ierde en har folheit. Dit tsjut har tydlik en forgonklik karakter oan, ek al praet men yn it bitreklike fan in ûnforg'onklik gedicht. Men sil dat altyd mei itselde kerreltsje sâlt nimme moatte as it ûnforslytbere lekken fan 'e stoffekeapman.
Poëzij is noch in yn útsûnderlike sin godlike, noch in yn útsûnderlike sin demoanyske jefte of riding. Hja biheart ta de libbensforskynsels, dy't folslein binnen de rounte fan it minsklike falle.
Dêrom is immen, dy't in útsprutsen godtsjinstige, ethyske, atheïstyke of immorele libbenshâlding tadien is en dêrfan op rym bisiket to tsjûgjen, noch net sûnder mear in dichter to neamen.
Dizze forskelen yn it each hâldende, sizze wy de propagandisten fan libbenslearen op rym, dat wy har as dichters net earnstich nimme, en tagelyk sizze wy de dichters, dat wy harren noch as profeet, noch as professor winskje to folgjen.
Dy't dit lêste wol docht, keapet in kat yn 'e sek. Ik soe net graech úthâlde wolle dat in dichter net bidoelt hwat er seit; wol dat er mear seit as er bidoelt, en op dat surplus komt it oan. De dichter wurdt earsten dichter, dêr't syn wurd in oare funksje kriget as de wenstige. Hwant it wurd stiet by him net yn tsjinst fan forstân en logika, mar fan gefoel en forbylding. En dy funksje jowt it materiael, de tael, in nije wearde: it wurdt mei in oare bylâner mûnte.
De âlde skoalmasters hiene by folle skoandere dingen ien rare wenst; hja woene ús in gedicht forstânlik bigripe litte. Dat is sahwat oft men fan in skilderij de ferve priuwe en fan muzyk de klank rûke soe.
Hja joeg'en ús in stik út de ‘Mei’ fan Gorter en seine: ‘Siz nou mei dyn eigen wurden wer hwat Gorter bidoelt’. Hja neamden dat paraphrasearjen.
Op 'e selde wize lêze noch hjoed de dei hûnderten minsken har dichters.
Hja nimme b.g. dit gedicht fan G.N. Visser út Jolm:
Fan dizze mienskip en der is gjin hân
Dy't mei my fûstket, 'k wie to min-karaetsk.
| |
| |
Der wie gjin sit foar my oan libbens dis.
Haw ea ik it gouden oefte preaun?
Hja stegeren my ôf, mar yn myn siele is bleaun
In fjûr, dêr't ik it slimste net fan siz.
De swiere wyn, it fruchtfleis net foar ús,
Foar ús de skilen en de bittere koarsten.
Mar siz, hoe komme wy melaetsken thús?
Lâns in inge, tsjustere pas...... dy't jim net oergean doarsten.
En hja meitsje der it folgjende fan:
‘De dichter (de hear Visser, folgje libbensbysûnderheden) fielt him by de minsken net sa tige thús. Hja wolle neat mei him to meitsjen hawwe, omdat er yn forskate dingen tokoart skeat. Sadwaende is er oan 'e krapperein kommen. Dat sit him net noflik, mar hy wol der mar net fierder oer prate.
Yn 'e lêste strofe, dy't earst nochris wer resumearret hwat er tokoart kommen is, birommet er him der op dat hy en syn gelikens in wei witte om thús to kommen, dy't de oaren net oergean doare. Mei ‘thúskomme’ mient er wierskynlik ‘deagean’; dy ‘inge, tsjustre pas’ kin dus selsmoart wêze. De dichter wol dus koartwei sizze, dat hy der min oan ta is.’
Men kin hjir noch alle mooglike skôgings oan forbine. De iene sil sizze, dat er himsels yn dizze sitewaesje brocht hat en dat er dan mar oars dwaen moatten hie; dat dus dit gedicht ús leare kin, ensfh.
In oar sil sizze, dat it dochs ek wol binaud is yn 'e wrâld, en dat it him krektlyk gien is; men soe fan dit libben koarje en der in eim oan meitsje.
Yn elk gefal steane hja der beide by as in bern, dat mei in mes ûndersykje woe hwat dy kleurige ballon, dy't oan it triedtsje yn 'e loft dounse, nou einliks wie. Dêr leit er, in ûneachlik fodtsje, en der siet neat yn; hoe koe er him sa opblieze?
Ik siz, dat de dichter, doe't er dit fers skreaun hie, der net oan tochte om in toutsje op to sykjen, mar dat er bliid wie en optein omdat er hwat moais makke hie, ‘Poëzij komt altyd mei blydskip’ hat Shelley, ien fan de g'reatste dichters to wrâld, sein. De freugde oer de foarmjowing is net to forlykjen mei it leed dat der miskien efter leit; it
| |
| |
gouden oefte fan it gedicht net mei de maetskiplike foardielen fan dy oaren. Elk gedicht is in flagge op in forovere stelling fan it libben, elk gedicht is wer it opnij bilibjen fan dat alchemistysk wûnder, ‘dat de glânsleaze leadene wurden omraent ta it suvere goud fan 'e poëzij’.
Dizze wurden soene yn de deistige omgong'stael de meast folsleine débácle bitsjutte; yn it fers warde hja ta klanken fan in oerwinningsliet. Hja hawwe in oare funksje krige.
Har paraphrasearje, ‘krekt lêze hwat der stiet’, is itselde as har denaturearje.
In ballon is yn wêzen hwat oars as in gummifodtsje.
In like faei ûndernimmen is it, om út it gedicht de minske kennen leare to wollen, of troch it libben fan de minske it gedicht better forstean to wollen. It giet om de minske dy't der efter stiet, seit men dan, en de fint is mear as de foarm.
Dy't de bondel Jolm lêst as bijdrage ta de kennis oangeande de hear G.N. Visser, docht sawol dizze samling as dizze persoan ûnrjocht.
In gedicht is net better, omdat syn skriuwer ek in bêst dominé, in tûk fytsmakker, in karakterfol politicus of in moedich illegael strider wie.
De rigels:
Om de dichter to forstean
moast yn dichters lân earst gean
hawwe dan ek allinne jilding mei de klam op ‘dichters’ yn 'e twadde rigel.
It oare is foar de greatste helt ûnbiskamsume nijsgierrigens fan de litteratuer-histoarici, dizze hyena's fan it slachfjild, dy't sa fûl binne op neilitten brieven en hânskriften, om in ‘nij ljocht’ op it wurk fan de dichter to smiten. Men moat yn dichters lân gean, dat wol sizze men moat it gedicht lêze as gedicht, en net as meidieling oer particuliere laken yn code. It lêste is faeks tige de muoite wurdich foar de psycholooch en de buorfrou, mar mei poëzij hat it neat to krijen.
Ik haw freonen hawn, dy't fersen skreauwen, sa mankelyk as de nacht sels; de lêzers, dy't hjir de ‘fint’ efter sochten, moatte wol it portret fan in swiersettich man foar har krige hawwe. Lykwols wiene hja yn it libben fleurig'e en tankbere gasten. Oaren, dêr't men yn selskip, om fan de hûshâlding mar to swijen, gjin goed wurd fan krige, wiene troubadours yn 'e litteratuer.
| |
| |
Hwat wie nou har ‘wiere wêzen’? Siz it mar. En bisykje it ek mar net mei it stomme kunstke fan de omkearing, hwant dat giet ek net op.
Ik leau, nettsjinsteande alle strúnjagers, mei ien fan de g'reatste libjende Hollânske dichters (J.C. Bloem) ‘dat het dichtwerk van een mens over het algemeen van weinig belang is voor zijn biografie, en omgekeerd’.
Tige hoeden moat men hjir wêze mei it ‘geastforwantskip’, de likens yn libbensskôging dy't men by de dichter mient to finen. Der hat in tiid west, dat men yn biskate rounten oanwiisd miende to wêzen op ‘Kristlike’, yn oare op ‘revolusjonaire" poëzij. It laette ta in ûnútsteanber litterair sektarisme en ta swindel op greate skael. Nou't de dominé's en de politici it liif fol krige hawwe fan dit sektarisme en de swindel dêr fjild forliest, driget it gefaer fan in oare kant, en rinne de filosofen mei har flapnet efter de flinter fan de poëzij oan. Hja moat ús de wierheit iepenbierje.
Men hat de gek mei it goudmoal op har wjokken, it is net reedlik dat der sokke dingen as flinters bisteane, dy't inkeld mar driuwe op wyn en sinne, hja hearden hunichbijen to wêzen.
Ut Fokke Sierksma syn wurden by it Jolm-symposion yn Ljouwert moast men opmeitsje, dat it him suver neat skele koe, oft dizze gedichtèn skientme bifetten yn de sin dy't wy deroan joeg'en: dat de wurden, ûntstige oan har deistige funksje, in wierheit iepenbieren net fan forstân en logika, mar fan gefoel en forbylding. It mochten om him strieminne fersen wêze, mar by stie as generaesjegenoat njonken Visser, ‘wie it mei him iens’, allinne yn safier dat de lêste him lang net negativernôch wie. Dit is gjin debat mear oer poëzij. In goed gedicht is altyd hwat posityfs, it fortsjinwurdiget it libben. Sierksma gong fierder en ûntsei elk dy't ‘net njonken Visser stie’ it rjocht oer dit wurk in oardiel to hawwen.
It is ús ynmiddels net dúdlik wurden, hweryn Sierksma dan op in plak njonken Visser stie, dêr't ús senile generaesje him net folgje koe. Dizze wakker theatrale forklearring moat op de harkers wol de yndruk makke hawwe, dat der in soarte fan sekte bistiet, dy't neffens it program fan Visser sûpt, huorket, him net mear wasket, bileaven net trout, en ‘as in gier, g'riis útsjend op 'e kimen, hwaem ek
| |
| |
de lêste leagen dúdlik waerd’ de minsklike mienskip farwol seil en der inkeld mei yn oanrekking komt om se de tosken sjen to litten.
Ik haw alris earder sein en wol it jitris mei klam sizze, dat ik de vitaliteit yn dizze aksje weardearje, mar fierders to klear de pôse deryn sjoch om der foar op 'e rin to gean. Ik wegerje dit earnstich to nimmen, salang dizze ‘generaesje’, dy't it libben sa radikael seit to forflokken, it sa roayael oannimt en net letterlik de hygiëne, de goede foarm en de houlikstrou forsmyt om in massale selsmoart to organisearjen. Mar hja binne goede freonen, trouwe hûsfaers en libbene reklames foar Castella en Solidox. Hja hawwe gelyk! Mar hjà hawwe net ûntdutsen hwat de dichters fan alle tiden al wisten, dat men earsten de reinbôchkleuren fynt, as yn it each dat nei de lampe sjocht in trien hinget.
Dizze ‘generaesje’ is inkeld hjiryn romantysker as de eardere, dat hja lûder gûlt om mear kleuren to sjen. Der binne lykwols mar sawn.
Hja is ek hjiryn romantysker, dat hja it materiàel, de tael, opnij gewelt oandwaen wol (hwat elke generaesje op syn eigen wize bisiket).
Hja jag'et nei nij effekt, troch it oerâlde spultsje fan wurdomkearing by ôfspraek, en dêrom sizze hja ‘hate’ as hja ‘leafde’ en ‘fordomme’ as hja ‘halleluja’ bidoele. Ik wol der neat oars fan sizze as dat men it net lang úthâldt, en dat it wakker berneftich oandocht.
Ik akseptearje Visser syn gedichten, omdat hja gedichten binne en gjin libbensleare. Hja kinne dat net wêze. De libbensleare fan de hear G.N. Visser liket my ûnbilangryk en falt yn elk gefal bûten myn biskôging.
It is ienfâldich dwylsinnich om út Jolm op to meitsjen: de hear G.N. Visser stiet op it stânpunt dat men jin net waskje moat, dat men net trouwe moat, de hear G.N. Visser is neffens syn eigen forklearring in gefaerlike Don Juan.
Ik set dêr foar oer: elk gedicht is in momintopname, en nimmen hat it rjocht dêrút in generale konklúzje to lûken oer de minske dy't dizze fersen skreau of op ien of oare wize njonken of tsjin him to stean.
Ik leau dat Multatuli neffens syn eigen bêste witten atheïst wie. Mar ik leau dat net op groun fan syn ‘Gebed van de onwetende’ dat slút mei de wurden: ‘O God, daar
| |
| |
is geen God’. Dat seit my inkeld, dat hjir in dichter yn dizze wurden utering joech oan in momintele fieling' fan godforlittenens.
Sa binne alle fersen út Jolm momintopnamen fan stimmingen, dy't troch en troch minsklik binne en har soms uterje op bizarre wize, mar altyd op ien of oare wize sykje nei forlossing troch foarmjowing yn skientme.
Dêr kin men in tiidlang tsjin oanskoppe, tsjin flokke en ketterje, men komt der altyd op werom, salang men litterair wurksum bliuwt. Ik nim dizze ‘generaesje’ net kwea dat hja lûdroftich de oandacht op harsels set troch al it oare leech to lizzen. Ik woe inkeld mar sizze dat de methoade deselde is as fan dy dominé, dy't op in Sneintomoarn bigoun mei in philippica tsjin it preekjen. ‘Der wurdt, sei er, safolle ôfpreke, it is preekjen hjir en preekjen dêr, de minsken wurde gewoanwei deapreke. Lit my fan 'e moarn ris net preekje, mar in ienfâldich wurd mei jim prate.’
En doe hold er syn preek - net iens in bêsten.
|
|