[Nummer 4]
Meidielingen:
Toanielkronyk. Yn dit nûmer fynt de lêzer in nije rubryk, dy't ta doel hat it kontakt mei it hjoeddeiske Fryske toaniel libben to hâlden. Jit altyd libje toaniel en litteratuer yn ingere sin tofolle neist elkoar om ta in fruchtbere synthese to kommen. Yndizze rubryk giet it binammen om bisprek fan toanielwurk, en fan toanielproblemen dy 't de oare litteratuerfoarmen reitsje, - net yn't foarste plak om toanieltechnyske saken, toanielselskippen en spilers.
De Redaksje.