Op it harspit.
Fuort mei de geit......
Myn jonkheitsaffekten foar de vokale lichte Muze konsintrearje har yn twa mominten. Doe't ik 5 of 6 wie, skeat my foar't earst in brok yn 'e kiel fan ‘het meisje van de zangvereniging’. De leafde en syn forgonklikheitsaspekten hie 'k doe sasear gjin witten fan, mar inkelde rigels, yn my hingjen bleaun, jowe my noch altyd, mei de muzyk, as ik se yn mysels reprodusearje, datselde bernefielen fan grounleaze melancholy en einleaze rykdom: ‘aan dat allerliefst sopraantje, / waar 'k mee wandelde in het maantje / maar dat niet meer aan me denkt nu 'k niet meer zing.’ It wie, en is, foar my in strieljend hichtepunt fan fortarber en tolerabel sentimint. Hjir is gjin wurd falsk by.
It twade momint leit in jier of hwat letter. In stimme fan in nasa el vibrato, laden mei de djipste en weazichste affekten fan in prolurkegeast stjitte jitris de forgonklikheit fan ierdske dingen op my ôf, nou troch de kreakjende trachter fan ús earste radio: ‘Moeder verloor de strijd, / ging naar de eeuwigheid’ en ‘Aan de muur van 't oude kerkhof / stond een knaapje droef en teer, /............ te vragen (?): / Wanneer komt mijn moesje weer?’
Dit wie, en is jitte, it stompsinnich summum fan ûnfortarbere en ûntolerabele lytsboargerlike sentimentelichheit, dêr 't men allinnich fan koarje kin. Is der yn de jierren tusken it earste en it twade momint hwat foroare? Hwat bard mei de kultuer? It is forliedlik en praat hjir mei in philosofysk swier lûd yn 'e kiel oer en hesje in hiele skare fan Huizinga oant Ortega y Gasset derby.
Ik soe allinnich de konstatearring weagje wolle dat yn dy jierren tusken ‘het allerliefst sopraantje’ en de ‘muur van 't oude kerkhof’ via de mikrofoan yn djippe, perverse omearming it Avro-proletariaet en de Vara-bourgeoisie (men kin 't maklik omkeare) elkoar foun hawwe. Dizze vulgaire pearing hat de geast weispield. Dirk Witte en Pisuisse binne skimen wurden út in skier forline. De ‘Bonte Dinsdagavond’-mins inseminearret de strjitten, skouboargen, studio's en sportfjilden. ‘Louise zit niet op je nagels te bijten’ is it navrant kultuerteken fan dizze tiid. It greate suksesnûmer fan de kultuerbarbaer Lou Bandy.
Dêrom hat it my sa'n ûnwitten goed dien oant yn 'e teannen fan myn siele, dat dizze man foar 't earst, yn Fryslân, syn glêdde holle stjitten hat. It giet dêrby net om it feit dat it yn Fryslân wie, en likemin om de grapkes dy't dizze hear Bandy-dy't-Diebenhjit oer Fryslân forkoft hie. It giet hjirom, dat dizze aksje in lyts teken is fan (wis: fruchteleas, mar net bitsjuttingleas) forset tsjin de swart-tusken-de-teannen-kultuer fan de hear Bandy en syn soarte. Syn fordigening dêrby tekent de man en syn skriele ‘kunstopfetting’. It pathos: Ik hâld sa fan jimme Friezen, ik haw safolle tûzen jown oan Kankerbistriding, ik haw sa lang yn in konsintraesjekamp sitten, ik woe gjin lid wurde fan de Kultuerkeamer ensafh....... it wiist op neat as op de swakke skonken dêr 't de kunstrom by ditsoarte fan parasiten altyd op to gean hat; ien tsjinstuit en hja wurde hysterysk. Publyk, hâld fan my,