ponist it gedicht op muzyk set sa, dat alle fersen op ien en de selde meldij to sjongen binne, docht it bliken dat de melodyske, rhytmyske en harmoanyske hichtepunten yn 'e muzyk allinne yn it earste kouplet oerien komme mei de swiere foardrachtsaksinten fan de wurden. In min ofte mear byelkoar passen, ek yn it forrin fan it gedicht, hinget ôf fan mear of minder greate evenredichheit yn 'e fersbou; ek kin de komponist sines der noch ta dwaen dat al to greate wriuwingen útbliuwe.
Yn forbân mei de winsklikheit fan in kommende rige folkslieten, sille de dichters har biriede moatte op it meitsjen fan gaedlike teksten. Fan 'e skriuwers sil de earste stjit útgean moatte om folkslieten to dichtsjen. Meitsje de rigels net al to lang, pakkende refreinen binne wolkom, en lit it metrum (jamben, trochaeën ensafh.) ris hwat swierder weage; dat komt de ienheit fan tael en muzyk togoede. Skriuw oer ús folk, it heitelân, mar forjit bileaven it berneliet ek net. Us bisteande folkslieten binne nei 't aerd fan tael en muzyk gjin eigentlike folkslieten (op in stikmannich nei). Fryslân hat forlet fan goede folks- en bernelieten.
Oars stiet it mei it trochkomponearre kunstliet. In komponist dy't tsjin de natuerlike floed fan in gedicht yngiet, forstiet syn fak net en de dichter hat dan rjocht him to bikleijen.
De grinzen fan muzikale rhytmen en melodyske útbylding lizze ûneinich fierder útelkoar as dy fan de deklamaesje; dêrby is it tempo mei syn ritardando, ritenuto, accelerando ensafh., folle liniger. In songen gedicht driuwt op 'e vokalen, in sprutsen gedicht hat de klam op 'e bylûden, wol it dúdlik forsteanber wêze. As wy dan noch de harmoanyske útdrukkingsmiddels yn de muzyk oanhelje, dy't bysûnder sterk binne, sil it dúdlik wêze dat by in kombinaesje fan wurd en toan de lêste sa dominearret, dat, lykas by de film Fantasia Walt Disney's bylden de muzyk weifagen, it wurd yn 'e lytse loege rekket. Hoewel't yn in opera it visuele elemint (de toanielaksje) it wurd wer stipe jowt, hat it libretto dàn allinnich wearde, byhwannear 't koaren en aria's it folksliet neijer komme (Verdi). Dochs is der in styl hwerby èn muzyk en tael frijwol lykbirjochtige binne: de Gregoriaenske sang. Yn haedsaek is dat ta to skriuwen oan it frije rhytme; wurd- en muzykaksint dekke elkoar, ús bigryp metrum is ûnbikend.