| |
| |
| |
Anne Wadman:
Memme eagen.
(Novelle.)
I.
De Westewyn skeat mei fol gewelt oer de lannen. Grize spoekkleden fan wolkens jagen elkoar efternei fan kym ta kym, leech boppe de ûnderstreamde stikken greide, - in ûnlijige flakte mei koppen fan skom en hjir en dêr iensume pealtsjes en stikeltrie. Séfûgels foelen fan wynstjit yn wynstjit en nou en dan saeide de rein kletterjend oer it doarp, om efkes letter de kym torane to litten yn in griis skymwaes. Dan wer briek ynienen de sinne troch de brekkende wolkens, in gril ljocht dat mei greate skaed- en ljochtwiksel oer de ierde jage, en de streek yn in ûnwennige gloede sette, dat men tinke moast oan forlerne dagen en bernejierren.
In dei om deadsbinaud to wurden, tocht Roelof. Hja rounen togearre oer de polderdyk, de wenstige Sneintomiddeiskuijer, syn heit en hy. Iensume skimen, foaroerbûgd yn 'e oerjassen, de happen djip yn 'e bûsen weitroppe, de eagen amper fan 'e groun. Hwat biweecht in minske om mei dit waer it fjild yn to gean. Mar 't wie nou ienris sa: net ien fan beiden hiene hja de moed en brek dy âlde tradysje, it wie bynei in soarte fan sport wurden, om ek it waer net to achtsjen. Soms foel der in wurdmannich, hymjend yn 'e wyn. In sygret waeide jin sahwat út 'e mûle wei en wie yn in omsjen fuortraend, it floei heal tobarnd.
Ynienen wie der oanrin ta in petear. Heit sei:
‘Tinkt dy dat it sa langer kin, yn 'e hûs?’
Nou komt it, tocht Roelof. Hy wachte efkes, doe sei er, stadich, as moast er it oplêze:
‘Ik ha wol faek tocht, dat it net langer giet, sa, en dat der foroaring komme moat. Mar hoe? Sûnt dat mem stoarn is, ha wy gjin tier yn 'e hûs; net ien fan ús. Wy rêdde it hwat mei iten en drinken, mar húslikens gjin stûr!’
Hja sweijen beide in skoft, doe sei heit:
‘Just, dêr giet it om. Net allinnich om dat húshâlden, mar om 'e húslikens, om dy en Rienkje en de jongsten.’
| |
| |
Roelof fornuvere him, dat heit ynienen sa realistysk prate koe, sa gewoan, sûnder syn wenstige oanstellerij. Alhoewol alhiel earlik wie de man fansels net. Der wie mear as allinnich dy húshâlding en de húslikens. Der moast wer in froumins yn 'e hûs komme, mar net samar in froumins, in húshâldster mei in forbiten âldfammetroanje.... Né, de man hie syn nocht fan 't allinne-sliepen ôf. En soks koe men nou wol net rjochtút biprate mei in soan fan tweintich jier, mar dêrom wie 't der likegoed. Heit wie mem forgetten. It wie in hiele nofteren konstatearring, en dochs die it Roelof sear, hjir of dêr. Ik bin sentimenteel, tocht er, ik moat it my fan him bigripe kinne, der ìs ek net alles oan foar sa'n man. Sa'n man.... Roelof moast gnize. Sa'n man, - dat is myn heit. It is idioat, mar ik kin him net snuven hearre, soms. Lyk as er dêr nou ek neist my rint, mei it air fan trouhertigens en tagedienens, eins in mislik skynhillich mantsje, sels noch as er jins fortrouwen siket. Docht alles mei de hâlding sa fan: As dit de wrâld gjin forlichting' bringt, wit ik it net.... Oan 'e oare kant, it bigreate Roelof soms ek, al dat eptich gehottefyl oer saken fan himeltergjend ûnbilang út 'e mûle fan dat lyts dûknekkich mantsje. As ik net genôch humor hawn hie, dan hiene wy elkoar haetsje moatten, en hwa wit elkoar deaslein juster of hjoed. Nou is it allinnich noch mar ridikúl fan lytsminsklikens. Allinnich as de neitins fan syn mem der op 'e ien of oare wize mei anneks kaem, dan waerd it ek Roelof tinken. Sa wie it ek nou min of mear.
Hja sweijen in skoft neist elkoar, doe forfette de heit, mear tsjin himsels as tsjin Roelof:
‘Nou hie 'k earst tocht: mar wer in húshâldster. Rienkje kin dan hwat mear frijôf, dy is net mear sa oan hannen en fuotten boun, hja kin op 't naeijen of nei de húshâld-skoalle, of sa. Mar in húshâldster, it bliuwt in frjemd, gjin eigen. De wiere leafde komt net as men der foar bitelje moat en....’
Breklike argumentaesje, ien mei oar, tocht Roelof. Hy glimke hwat fansiden, sabeare om fortrouwen to jaen, yn wierheit om de kronkelige redenearringen dy't der noch forwachte wurde koene om it forlet fan in wiif to bimanteljen.
‘Sjoch, - of hearst net’, sei heit, hwat twingend, as easke 'r kommentaer. Roelof knikte tagedien.
‘Sjoch, in húshâldster sil net in mem wurde, en dat is 't
| |
| |
krekt hwat de bern fanneden ha. It bliuwt in potkiker, dy't har noas altyd efkes djipper yn oarmans saken stekt as nedich is’ - net gek formulearre, tocht Roelof - ‘dy't rabbet oer jildkwesjes, en dy't fuortrint as men har it leksum seit, en dan moat men mar wer oars omsjen. Snapste?’
Roelof knikte, bleau stean en bisocht in sygret oan to krijen yn 'e hurde wyn, weidûkt yn 'e jaskrage. Hy snapte 't skoan, ek al hinge de hiele redenearring dan min of mear yn 'e loft, trochdat heit syn eigen bihoeften sa taktysk bûten skot liet.
‘Dus net in húshâldster?’ sei er, hwat ûnnoazel, doe't de sygret barnde. Helt stie ûngeduldich op him to wachtsjen en sei doe't se wer neistelkoar rounen: ‘Earst hie 'k tocht fan wer in húshâldster. Mar nou leau ik dat it better wêze sil en trou mar wer.’
Hy wie der dochs efkes mei oan, as moast er eat goedprate, nou't it hege wurd der út wie, en der in leechte foei, omt Roelof net fuortdaliks reagearre. It die Roelof gjin nij, allinnich mar sear, al wist er dat er selssuchtich wie en net it rjocht hie syn eigen oantinkens oan syn mem oan heit op to twingen. Hy bisocht de widens fan dit barren to omfiemjen, mar koe it net fierder bringe as bern dy't mem sizze moutte tsjin in frjemde frou, dy't by heit op bêd lei en faeks sels noch wer bern towrâld bringe soe, dy't men broerkes en suskes neame moast. Mar it byld fan mem soe stadichoan forkrongen wurde, dat byld dat nou noch rjochtopstie en harren húshâlden nettsjinsteande alles in soarte fan ienheit joech, al waerd dat nea útsprutsen. It wurd ‘mem’, by ûngelok fallen, brocht altyd in soarte fan kjeltme towei.
Hy frege him faek ôf: Hwat bynt my sa oan myn mem, en koe nea fierder komme as: it feit dat ik myn heit net snuven hearre kin, dat ik in hekel oan him ha, al hoe't ik wit dat ik superieur oan him bin, en der dus net it minste forlet fan haw om him to forachtsjen. En oarsom: ik haw in hekel oan him, omt ik fan har hâld.
It wie in nuvere, ûnbiredenearre hate, dy't er tsjin syn heit hie, as men it hate neame mocht. It hie net altyd sa west, mar hy koe ek net it punt oanwize dat it bigoun wie. Miskien koe men it it bêste forlykje mei in soarte fan sykte, dy't men ûnder de lea hie sûnder it sels to witten, dy't oanslûpen kaem tomûk en him yn alle dielen fan it lichem
| |
| |
nestele, sûnder dat men presiis de forskynsels omskriuwe koe.
Miskien wie 't ek al hiel âld, - hwat kin men der fan sizze? Hy wist noch hoe aeklik er it foun as bern as immen sei: ‘En is dàt nou Roelof? Krekt syn heit’. Soks bleau stykjen as in splinter yn 'e hân, ek al wie it sein sûnder erch, sûnder de bidoeling' om sear to dwaen, - is it in skande nammers om op jins heit to lykjen? En dochs koed er him der net los fan meitsje, it sa to fielen, as in bilediging, omt it sa wier wie, en ek yndie sa pynlik, de gelikensens. Heit syn antlit, it rôp in stille wrevel yn him op, omt it syn eigen wie, deselde eagen, deselde noas en deselde mûle, it gehiel ûnrigelmjittich en mei hwat knûkerichs, hwat binypts, dat er koe fan alle gielige famyljepertretten út heite staech. Heit hie dat gesicht fan syn heit, dy fan dy syn heit, en sa fierder. Heite bruorren hiene dat en dy har bern. As wiene alle froulju by foarrie útskeakele yn it erflikheitsproses en hiene de heiten it monopoalje, as wisten hja alles harren kant op to twingen, hearsksuchtich en dom.
En mei sa'n gesicht, it koe net oars, moast men ek boun wêze oan in bjpaeld aerd. Ek dat foun er oeral werom, ek yn himsels: in soarte slûchslimmens, in driuwen en manoeuvrearjen mei arguminten dy't dwers tsjin 'e trje en tsjin 'e evidinsje yngyngen. It wie as koene hja allinnich dêrtroch harren bistean hanthavenje, troch fynynlein mei brekfallige arguminten to wurkjen, troch in oar fan 'e sokken to praten, mei oer it wêzenlike fan in saek hinne to gliden en mei sydlingske faktoren de sack to driuwen hwer't dy hinne moast. Yn my, tocht Roelof faek, yn my is dy trek foar 't earst biwust wurden, sadwaende bin ik faeks de earste dy't him der oan ûntwine kin. Haw ik dat oan myn mem to tankjen, dy't dan dochs by einsluten sterker west hat as myn heit, mei al syn redeleaze twang? It brocht him der ta om it oantinken oan syn mem oan syn kant to setten yn dy stille forbiten striid tsjin syn heit. Hie der eat net yn oarder west tusken syn beide âlden? Doogde it net, faeks, hie hja dwers troch syn domme koartsichtig'ens en troch syn slûchslimme redenaesjes hinne sjoen, hie hja him yn wêzen treast west, ek al hie hja net de uterings-mooglikheden foar har mearderheit foun? Somstiden ljochte 't yn him op, dat ek dit in slûchslimme skynredenaesje wie, dat er it gefolch foar de oarsaek naem, mar ek dat brocht
| |
| |
gjin formoedsoening mei it hjoed. Nammers, al dy fragen soene wol nea ta in slutend oardiel liede, foar safier 't syn mem der mei anneks wie, hja lei ûnder de ierde en soe nea útslútsel jaen. Roelof stie allinne mei syn problemen en moast it andert seis biwrakselje. Mar yn him, tocht er faek, libbe syn mem fannijs op, yn ien dy't mear uteringsmooglikheden hie foar syn mearderheit, al bleau er dan foar 't each de ûnderdienige soan, hwat sinysk, hwat glimkjend, mei bitterens yn 't hert, mar sûnder opstannichheit.
- ‘Ik sei, dat ik fan doel wie om. to trouwen, hearst dat net?’
- ‘Jawol’, sei Roelof. It sygreteintsje waeide him út 'e mûle. ‘Mei ik ek witte mei hwa? Of wit heit dat noch net?’
- ‘Mei nicht Anna.’
Roelof wie efkes forslein. Hy swei en socht om klearrichheit. Nicht Anna, in nicht fan syn mem, dy't deselde namme droech as hjasels, en deselde eachopslach, itselde fêste en réslute om 'e mûle, mar jonger, folle jonger. Mar dat wie 't slimste net, der wie noch hwat oars, dat foar him de namme ‘nicht Anna’ biskaette. Lang lyn hied er ris mei har wraksele, it wie dea-ûnskuldich bigoun, sa mei hwat pleagjen en narjen. Roelof wie doe fjirtjen of fyftjen. Hommels hied er doe hwat yn himsels field en wie it fan syn kant yn earnst oergien. Wylst hja elkoar hymjend en laitsjend beet hiene, seach en fielde 'r hwat dat er noch nea earder by in frou sjoen of field hie. It wie hwat in biskamsum fielen, fan hwat forbeans en forkeards dien to hawwen, dat dochs om 'e ien of oare reden net forbean en forkeard wie. Doe hiene hja elkoar oansjoen, in telmannich, djip yn 'e eag'en en streamde der in soarte fan - alwer forbeane - iensens tusken harren. Hja lieten elkoar los, nicht Anna striek har hier en har klean torjochte mei hwat fan in forwyt, en by spaende in skoft ûnhandich om har hinne, as longere 'r der op dat it wer barre soe. Mar it barde net wer, tonei wie Anna hwat op in ôfstân, as fielde hja dat hja hwat yn him wekker makke hie, dat better sliepende bliuwe kind hie. Foar him wie tonei it hiele wêzen fan nicht Anna ûnforbidlik oan dit iene feit forboun, dit sprong altyd yn him op as er nicht Anna moete by harren thús - en yndie kaem hja de lêste tiden ryklik faek. Der moast al lang hwat
| |
| |
west ha, tusken har en syn heit, waerd him nou yn ienen klear. Soks komt net samar yn ienen. Allinnich hiene hja it tige goed forskûl hâlde kind, dat moast sein wurde.
‘Hwat tinkt dy derfan?’ frege heit, mei hwat fan in triomf yn syn lûd.
‘O, ik hie 't al hast tocht.’
‘Soa.’
Heit seach fansiden, hwat neigeanderich, as koed er it net sette dat immen him troch hawn hie, as wied er op in die bitrape.
Ik haw altyd mar hwat iensum tusken de minsken omstapt, tocht Roelof ynienen, it laette him hielendal fan 'e saek ôf. Altyd allinnich stien mei myn faek hwat brodzige tinzen, noait haw ik mienskip hawn mei in minske dat 't makke. Miskien komt it dêrfan, dat ik net rjocht wit hwat ik hjirfan sizze moat. Ik haw nea leard mei in oar oer saken to praten dy't djipper geane as dy fan al den dei. Ik kin it allinnich al tinkendewei forarbeidzje. Se neame my in stillen-ien, net in stikumerd, dy't se efter de earmtakke hat, net in stil wetter mei djippe groun, mar gewoan in stillen. Dat ik yndie hwat efter de earmtakke haw, wit men sa lyk net. En miskien is 't ek net iens sa.
- ‘Men kin mei dy ek neat biprate’, sei heit hwat noartsk.
- ‘Ja, ik wit it noch net rjocht. Miskien hat heit wol gelyk mei dit to dwaen. En nicht Anna is in himmel minske, en liket my in goedenien ta foar de húshâlding.’ En foar hwat oars, tocht er der by, mar dat koe net sein wurde, allinne mar biglimke.
It wie krekt as fielde heit him hwat toloarsteld yn syn reaksje, hwat bidragen yn de fortroulikens, dy't er sels toand hie. Of fielde 'r him swak, in lyts minske, dy't greate dieden bigiet, sûnder de konsekwinsjes omfiemje to kinnen? Woed er dat Roelof syn bislút bifêstige, der it stimpel fan syn goedkarren op sette, omt er himsels net bitroude? Heit socht syn stipe, dat wie wol dúdlik. Mar Roelof paste foar dit soarte fan fortroulikheit út eigenbilang, heit moast syn eigen saekjes mar rêdde.
- ‘Och’, sei er, ‘ik kin my noch net rjocht yntinke, hoe't it wêze sil, as in frjemd frouminske it plak fan mem ynnimt.’ Doe, himsels korrigearjend:
‘Nou ja, in frjemd frouminske is it nou ek wer net.’
| |
| |
- ‘Just, dêrom’, sei heit, yn de woldedige waermte fan in lytse skynoerwinning.
Hja sweijen wer in skoft, doe sei Roelof, as woed er in ein meitsje oan in spanning:
- ‘It liket my net sa gek ta, heit hie wol minder útsykje kind. Wit Rienkje derfan?’
- ‘Né, noch net, my tochte, ik moast it dy earst sizze, dou bist de âldste.’
‘De âldste.’ Roelof moast glimkje om dat argumint, as wie 't in forûntskuldiging foar de fortroulikens. It sleat alle fierder petear ôf oer dizze saek.
Hja kladderen oer in hikke en sakken mei de skuon djip wei yn 'e sûgjende drek. De loft klearre hwat op yn 't noardwest. In frjemde Sneintomiddei, tocht Roelof wer, jierren forlyn hat it ekris sa west, mar hoe en hwat wit ik net krekt mear. Mem libbe doe grif noch. Der wiene doe ek séfûgels en hurde wyn en bluisterige koppen op 'e mar. O ja, hja wiene to snoekfiskjen yn 'e feartsjes efter de Pôlle, mei omke Skelte.
Omke Skelte, ynienen wie 't der wer, dy ûnsichtbere tried fan gelikense koppen en famyljepertretten yn it doaske yn it kammenet. Heit en omke Skelte, gelikense koppen, gelikens yn dwaen en litten, gelikens yn ynderlik-swakke redenearringen mei fûle gebeartens en fêstens fan stim. Hy hie omke Skelte nea lije mocht.
(Wurdt fuortset.)
|
|