| |
| |
| |
O. Postma
Ta de moarn-lunchroom-jolm.
In forgelykjende biskôging.
As ien fan de âlderen (euphemistyske komperatyf!) - sa woe de redaksje fan de ‘Tsjerne’ yndertiid hawwe - moast ik myn bitinken ris sizze oer de jongere Fryske dichters. Mar dy jonge dichters foarmje in hiele skare en dy opjefte wie my stoer genôch. Nou kom ik dan dochs mei eat, dat der wol hwat op liket: ‘Jolm’ is fan in jonge skriuwer en ‘Lunchroom’ fan 1936 kin der ek foar troch gean, mar ‘Ta de moarn’ fan 1927 net bêst mear. Ik nim it der by foar forgelikingsobjekt.
Dat ‘Ta de moarn’ fan Sybesma jildt algemien foar ‘klassyk’; it sil lyk as oare klassiken ek wol net folle lêzen wurde, of dan miskien op de middelbere skoallen, dêr't hja Frysk ûnderwiis hawwe. Dizze trije boekjes jowe dêrfoar wol aerdich paedagogysk materiael: nûmer 1 as tipe fan klassike kunst, nû. 2 fan romantyske en nû. 3 as modern-sinysk; as hja dan it lêste de learlingen sels mar net yn 'e hannen jaen.
Klassyk kin yn twa bitsjuttingen brûkt wurde; foarearst kin it wêze: kunst makke mei ‘klassike noarmen’ d.i. sa't wy by de Griken en Romeinen sjogge (klear, rêstich en yn forsoarge foarm). Fierder kin ek mei ‘klassyk’ bidoeld wurde ‘fan bliuwende wearde’ (mar dat is net sa dalik út to meitsjen).
As wy hearre dat ‘Ta de moarn’ al klassyk wurden is, wurdt dus de twade bitsjutting bidoeld. Ik foar my wol dizze gedichten ek wol klassyk neame, mar dan mear yn de earste bitsjutting. Litte wy as foarbyld it earste sonnet út dit boekje hjir oerskriuwe.
It âlde Fryslân leit yn winterrêst,
De swiere loften driuwe 'r oer en driigje,
En dei oan dei de swarte beammen niigje,
En kleij' hjar wémoed út oer 't smûke nêst.
| |
| |
Skier wetterlân, hwêroer de weagen riigje
Yn brede kloften, wyld en ûngerêst!
De stoerens klibbet oan dizz' oarden fêst.
As jountiidsrea en moanneglim fortiigje.
Dû, bliuw dysels, it libben stoarmet oan,
As winter's ûntiid oer goe-Fryslâns romten,
Unlijich, hurd en wreed mei great fortoan,
Stean fêst en sterk en wêz in Friez'ne soan,
De maitiid komt mei glâns en kleur en blomte,
Ta bloei it âlde lân, ta bloei aloan.
Dit is de natûr sûnder al to folle sentiment, en yn de al klassyk wurden sonnetfoarm; it soe dus ek klassyk neamd wurde kinne. Mar in folslein gedicht is it lang net. Ik wol in pear dingen neame: foarearst dat ‘smûke nêst’; dat past net yn dizze sfear. En by dat smûke nêst is dy wémoed fan de beammen ek net op syn plak, ôfsjoen fan de mooglikheit dat de dichter dat ‘niigjen’ fan de beammen (troch de wyn?) forkeard bigrepen hat. ‘Ungerêst’ forswakket it ‘wyld’, dat der oan foarôfgiet en dat ‘great fortoan’ mei ik hielendal net lije. Soksoarte fan opmerkingen binne der by mear fan dizze sonnetten to meitsjen. Myn opfetting is dat it wurk is fan in geast, dy't him noch fierder ûntjaen moat. Dat dit ûntjaen dan bart yn in hwat oare rjochting, blykt út lettere fersen fan dizze dichter, sa't wy se fine yn ‘De Holder’ en ‘Frisia’. Ik neam: ‘It moarnsbrea’, ‘Ien lân’ en ‘De lânoanmakker’. Ut it earste dizze strofen:
Hja ûntkomme oan 'e wijing
Lûkt nei de ryklike brogge.
De mûle inkeld stillet de sinnen.
Ut in djippe gloede fendinne,
| |
| |
It sté, dat gjin weelde biachtet.
It feest fen 'e fjilden wachtet.
Dit is net mear klassyk, mar frijhwat romantysk. Der is in oergong nei de poêzij fan ‘Lunchroom’, mar mei foarser en libbener skildering. Wy komme nou mei in dicht út ‘Lunchroom’:
Joun.
Nou rûst it hôf, it is dûnker, Hear,
swier giet dyn flok oer it lân.
Alles for neat, it ark wol net mear
en falt út myn wirrige hân.
Dan bûg ik oer myn earmoed del
en skriem ik myn eagen rea -
it rûst troch it hôf en skrousk en fel
waeit de wyn fen de neakene dea.
Heimnis, det net fen de ierde is,
Lit wrâlden forgean yn Dyn tsjusternis
mar weits oer ús, weits oer ús sté...
Dat is net klassyk; smert en ûnrêst. Gjin natûr, mar frjemd geheim, forlangen nei men wit net hwat. Dat lêste noch dúdliker yn ‘De faem’. Mear fantastysk binne noch ‘Peaske’ en ‘Don Quichotte’. En sa'n boek moat ‘Lunchroom’ hjitte.... Wie der net ien dy't de jonge man hwat rie dêryn jaen kinnen hie? As it dan nei in gedicht neamd wurde moast, hie ik der leaver ‘Skûten by nacht’ fan makke, dit is tominsten mei ‘Faem’ en ‘Skylge’ wol ien fan de moaiste gedichten út it boek. Dêr hie ek dalik oan to sjen west, dat it Romantyk is.
Nou kom ik noch effen op de krityk, dy't Kalma yndertiid fan dit boek jown hat yn ‘Streamingen’ II. Hy seit
| |
| |
dêr û.o.: ‘Fen poëtyk yn ingere sin is amper praet by him, en sels it saneamde dichterlike fielen kin men fen it deistichminsklike faek min by him ûnderskiede; mar hy hat de selsume moed fen yn to setten mei de earmoed’. Dit is echt Kalma, dy't hjir oars yn dy ‘Streamingen’ wol op syn bêst is. In oar soe sizze kinne: Moat, der opslút forskil wêze tusken dat dichterlike fielen en it deistich-minsklike? Moat de dichter altyd heech boppe de ierde forkeare? Mar hwat Kalma fierder seit dêr moat ik bipaeld tsjin opkomme: ‘Hy makket him, oer de wrâld gjin illúzjes, en oer himsels mar amper. De boel leit tsjin de groun, liket er to sizzen; alles is delkommen’. Né, sa is it net. De Jong is in idealistyske jong'eman, smertlik oandien troch hwat er om him hinne sjocht, mar net alhiel sûnder hope. Hy ropt God oan: ‘weits oer ús, weits oer ús sté’.
Kalma hat hjir yn 'e tiid foarútsjoen; syn wurden jilde mear foar ‘Jolm’ as foar ‘Lunchroom’. Visser ropt God net oan en likemin skriemt er syn eagen rea.
Nou hwat mear oer ‘Jolm’. Ik haw boppe yn forbân dêrmei de útdrukking modern-sinysk brûkt. Hjirmei wol ik net sizze, dat moderne poëzij fansels ek sinysk wêze mòat, helendal net. It is net sa maklik to sizzen, hwat ‘modern’ is; ik soe sizze, it moat him oanslute by it moderne libben en dêroer prate doare yn poëzij; en dan, hwat mear de foarm oangiet, it moat alle konvinsjoneel gedoch en deftigens mije. It kin dus likegoed gefoelich wêze as oare poëzij. As foarbyld fan sok in dicht neam ik b.g. it fers fan Slauerhoff, ‘In memoriam patris’; it ‘In memoriam mijzelf’ hat al in tikje sinisme.
Fierder is ‘Jolm’ wol foar in diel modern-sinysk, mar it hat ek heel oare aspekten; dat makket it nou krekt sa lestich to bioardieljen. De beide oare hjir bisprutsen dichtwurken binne mear fan ien geast út wei skreaun. As foarbyld út ‘Jolm’ soe men nimme kinne ‘Mei it kliuwen fan de jierren....’, mei de einrigels:
Dan allinne binn' de wurden goed,
Kinstû jiske priuwe, priuwstû bloed.
Dit is wreder as ‘Joun’ fan ‘Lunchroom’. It einget net mei bidden en triennen, mar mei bloed. Mear sokke wrede fersen binne ‘Iensumheit’, ‘Advys’ en ‘Anno 1947’. In
| |
| |
opmerklik forskil tusken ‘Lunchroom’ en ‘Jolm’ is ek dat yn it earste Fryslân net neamd wurdt, wylst it yn it oare in greate rol spilet. Dat sil hjir mei gearhingje dat it earste yn Fryslân skreaun is, en it oare meast dêrbûten. Foar De Jong is it libben dat er foar him sjocht en ‘bisjongt’ tagelyk Fryslân. Hwerom soe er dat ek noch apart neame? Mar foar Visser is Fryslân in tobinnenbringen en soms ek in idé. Yn ien fan de beide moaiste gedichten út dit boek: ‘Fryslân is myn libbens sin’, fan Sierksma oanhelle yn syn bisprek fan Sept. '48, liket dit bisongen Fryslân mear as in werkelikheit, in skepping fan de dichter sels. Sierksma seit fan dit gedicht: ‘Dit is ien fan de greatste leafdesforklearringen dy't ik yn 'e Fryske litteratuer wit’, en dêr bin ik it wol mei iens. Mar dy leafde giet út nei in idé, in abstraksje, hweryn al de bihoefte fan de dichter om to biminnen om bifrediging siket. It werkelike Fryslân forskynt as in tobinnenbringen yn de fersen: ‘Hy libbet iensum en, hwat gjin wûnder is’, en ‘Oantinken’, sûnder dat it dêryn neamd wurdt. Foaral it earste fan dy beide is wol in moai gedicht, mei syn ‘amper biblêdde krúsbeibeamkes’ en syn ‘suterich apelhôf’. It moaiste gedicht út dizze bondel is nei myn sin ‘Forlerne soan’. Dêrfan trije stroten:
Sil 'k wer de skeaven bine
Jouns songen de skalmeijen,
En fierden skiep en lammen
Dien' sulver yn 'e krûken.
Dan gyng ik troch de fjilden,
De suvere stjerren tilden
'k Seach reek, ik wist hwat wachte,
Iksels hie 't bokje slachte.
| |
| |
Hoe goed, tinkt my, dy Easterske sfear. Hoe prachtich de lêste beide rigels fan de twadde en tredde strofe. Is it net, oft de dichter hjir, yn in dicht fan Easterske fantasij, gearbrocht hat al syn formogen ta oerjefte? Oerjefte, dy't yn 'e oare gedichten ûntbrekt.
Hwat in kontrast fan dizze gedichten mei: ‘Hy leit op bêd, inert, as lead sa swier’. In wol knap en sterk gedicht, mar net moai; ‘moai’ binne nei myn gefoel allinne de hjir nou pas neamde.... De oare binne my oer 't algemien to útpluzerich en to folle nei 't ûnsjogge útgeande. Hwerom kinne de dichters net hwat mear ús bilibje litte hwat Ter Braak neamt ‘de overwinning van den schoonen schijn op de hardheid van het leven’? Soms binne dizze gedichten ek to ûnbiholpen, mei rigels as ‘De divel makket fol en moai se, jonge’, of ‘En blommen sjen wol er, blommen, dy't nimmer er sjoen hat’. Mar miskien is dy ûnbiholpenens gjin natûr, mar kunst. De dichter Bloem seit dêroer (‘Critisch Bulletin’, Nov. '48): ‘In onze warrelige tijd is men geneigd tot een zinneloze jacht naar oorspronkelijkheid, vormloosheid, onbegrijpelijkheid’. Soms is der ek in forkeard taelgebrûk, sa yn de lêste rigel fan ‘De learaer’: ‘De learaer glimket fyn, giet dan to skearen’. ‘To skearen’ giet tinkt my in kappersbitsjinde, as er by de klanten lêns moat, net in learaer. Dat ‘fine glimke’ wol my ek net oan by ‘in tsjuster man’, mei ‘godlik antlit’. Dat ‘Nudisteliet’ liket ek in raer produkt, of bigryp ik it net?
‘Gevoel, verbeelding, heldenmoed’, soe de dichter nedich hawwe. Dizze dichter hat alle trije, al falt de moed miskien it measte op. Nou noch hwat mear tuchtel!
|
|