[Nummer 3]
Meidielingen:
Dat dit Tsjerne-nûmer it earste is, dat sûnder poëzij forskynt, mei net as biwiis jilde, dat der gjin goedkarde poëzij mear yn ús foarrie wêze soe, - mar wol wêze in lyts, negatyf, mar earnstich protest tsjin it feit, dat nou't de âldere Fryske dichtersyeneraesje útdichte liket, en ek de middelbere en jonge generaesjes net folle lûd mear jowe, der net in ALDERJONGSTE GENERAESJE opstiet om it Frisia non cantat to leagenjen. Mocht dit middel net helpe, dan sil it oars bisocht wurde moatte, b.g. mei in polysjonele klopjacht op birime manuscripten en in universele hongerstaking fan alle swijende Fryske poëten boppe de 20 jier. It wurd is oan de ALDERJONGSTEN.
De Redaksje.