Sa slim net as hear gabbe wol preket......?
Yn it Jann. nû. fan ‘Het boek van Nu’ skriuwt ien fan de redakteuren, Garmt Stuiveling, in artikel yn mineur oer ‘De dodendans der tijdschriften’, dêr't û.m. yn opneamd wurde de easken dêr't in goed tydskriftredakteur (neffens G.S.) oan foldwaen moat. Stuiveling wiist nei Flaenderen mei syn iene greate ‘Nieuw Vlaams Tijdschrift’ as ljochtsjend foarbyld. Dat der yn it Noarden in ‘Tsjerne’ forskynt op itselde prinsipe, dy't it allinne langer úthâlden hat as de Hollânske litteraire blêdden, skynt er it namen net wurdich to achtsjen.
FREARK DAM.