J. Rienstra
De wrald en Fryslan.
Der binne net folle Tsjerne-nûmers, of der wurdt wol earne yn klage oer it peil fan ús litteratuer, al is it mar op 'e side fan ‘Frysk en Frjemd’ oer de nuvere kar fan boeken, dy't foar oersetting yn oare talen yn 'e bineaming komme.
Noflik, aerdich, smûk, folkseigen - ek wol: slop, lyts, berneftich, faei en slimmer - dàt binne de fryske boeken, mar to komselden great; it doocht net, seit ien fan 'e redakteurs, mei ús niveau, en al jowe de omsetstatistiken fan de útjowers nou noch sokke bliere sifers to sjen, as ús niveau net omheech komt, dan reitsje wy net út 'e litteraire - en dat bitsjut ek in part fan de geastlike - earmoede.
Oannomd, dat de Redaksje gelyk hat en dat it op 'e wei fan in tydskrift as uzes leit, alle middels en wegen oan to gripen en to gean, dy't der mar binne, om dat niveau omheech to krijen, hokker binne dat dan?
Foarst is der it wachtsjen op it geny, dat lykwols in frijhwat ûnaktive aktiviteit is.
Twad, de litteraire krityk; it de lêzers foargean yn it útskiften fan it minne en midsmjittige út it goede en derútrinnende. Oer de aktiviteit fan de Tsjerne yn dit stik fan saken falt net to kleijen; men soe allinne wolle, dat mear fryske blêdden, en dan binammen dy mei de greatste oplagen, har krityske mjitstêven omheech brochten. Al docht it goede foarbyld al mear as men tinkt en folle mear, as in foarskrift, steld al dat it jown en opfolge wurde koe en soe, ea dwaen kin.
Tred, de oersetting fan wurk út de wrâldlitteratuer.
Nou komt der miskien théoretysk ek noch wol in: fjird, ensfh., mar ik wol it hjir mei opsetsin bij litte, en bij dizze tredde wei ta niveau-forheging efkes langer stean bliuwe, hwat it opskrift fan dit opstel dan mei-iens forklearret.
Wij hawwe ús litteratuer, ús skriuwers, ús útjowers, ús litterair tydskrift, ús litteratuer-prizen, ús krityk en - net to forjitten - ús lêzers. En wij binne der nea wiis genôch mei, hwant yn dat allegearre leit ien fan ús sterkste wapens tsjin de al mar fierder geande ûntfrysking fan it folk troch de (hollânske) parse, radio, tsjerke, it ûnder-