De Tsjerne. Jaargang 4(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 57] [p. 57] Klaes Dykstra: Leginde fan it unforsjoene. ‘There is much evil in the world we know not of..’ God glimke en spriek: ‘Hy hellet har to-joune. Lit stoarmen lôch har krôlje út 't bêd fan rusken En donkre wolkems wintelje as in moune; Set strieljend dêr de folle moanne tusken, Om g'lâns to struijen oer har swiete mûle.... En lit yn 't klimmer-swart biskûle Weak sjonge d' ûle’. Frjemd krimmenearjen driuwt út d' ûle-snaffel. Hja toevet stoarjend oan it ratteljend finster. Foar 'e moanneskiif skuort wyld in walkem-raffel En yn 'e ruten huveret gril geglinster, Faech wifkjend oer har glânzich-folle mûle.... En yn it klimmer-swart biskûle Ropt sacht de ûle. Aenst sil hy út it twjirjend tsjuster sjitte. Heart hja gjin doffe hoefslach oer de paden? Stampt dêr gjin wrinzgjend hynder yn 'e fierte? Har eagen taeste blinkend yn 'e skaden; Licht-iepen giet har langjend-wiete mûle.... En yn it klimmer-swart biskûle Sjongt weak de ûle. ‘Sil hy my foar him hysje op 't prústend hynder? Sabeare sil 'k dan yn syn earmen wringe; Wyld, los sil 't hier my streame yn 't koel gewynder En 't fjouwerjend boars sil ús nei 't breidsbêd bringe..’ In dauwige raas op 't oantlit bloeit har mûle.... Mar yn it klimmer-swart biskûle Kleit near de ûle. [pagina 58] [p. 58] In doar waeit efter har sêft-krêkjend iepen; In hoeden fuotstap faget oer de planken. Hja stiet stok-stiif; it bounzet oan har sliepen.... Dan glide tsjoenend hannen lâns har flanken En parse lippen priuwend op har mûle.... Mar yn it klimmer-swart biskûle Gûlt lûd de ûle. En 't is as snúft hja balsem troch har triennen En soeit har lichem wei op weake weagen.... Dan hookstrooks: drafkjend izer op 'e stiennen: In skrille wjerljocht spat har út 'e eagen, In rauwe gjalp, as tonger, braekt har mûle.... En yn it klimmer-swart biskûle Swijt eang de ûle, God raest en saeit Syn hammer yn 'e lichte: Fjûr flitst en tonger guorrelt oer 'e ierde. Hy meant (út goederbêst) mei gleone sichte De ruter en syn faem: hja sige en bliede.... God skriemt en seit: ‘Hja hie sa'n swiete mûle....’. En yn it klimmer-swart biskûle Kleit drôf de ûle. Vorige Volgende