| |
| |
| |
Sj. van der Schaaf:
It gefal Hjerre Bijker.
(It lêste.)
Ik hie it der al oer, dat ik it better treffe kind hie mei it waer. En dochs mei it my net heuge, ea sa'n rêstige en moaije fakânsje hawn to hawwen. Der is neat, dat my driuwt. As myn frou en ik mei fakânsje wiene, earne op in baeiplak of yn in bûtenlânske stêd, dan mochten wy neat oerslaen. Oeral, dêr't foarname lju kamen, moasten wy ek hinne. Wy kamen by totoanstellingen en by konserten; en sels oan 'e spyltafel ha wy meidien alhoewol wy wol oppasten, dat ús forlies net yn 'e papieren roun. Nou is myn frou wei en sit ik hjirre, lykme allinne en baes oer myn eigen tiid. Soene de lju, as hja my rinnen sjogge, wol yn 'e rekken hawwe dat dêrre de forneamde tolk en translateur J. Walles de Iongh hinnegiet? Ik haw wolris op foto's yn 'e kranten stien, mei ministers en hege amtners. Dat foun myn frou tige moai en tige fan bilang. Wy moasten ús sjen litte; wy moasten meidwaen. Nou rin ik lâns iensume paden troch heide en bosk en it is my wûndere goed nei 't sin, dat nimmen my ken en ik nearne hinne hoech. En ik tink soms: myn libben hie ek oars wêze kind. Mar dan hie ik net mei ministers op 'e foto stien; sa is 't al!
Ik hie it oer dy fjildwachter en de rie, dy't er my joech. Hy is ien van dejingen, dy't ik my noch goed foarstelle kin. Hy hie in great burd en in fleurige eachopslach. Mar ik hie wolris grútsjen heard, dat hy net sa botte yn 'e gunst stie, om't er him to min bikroade om 'e streupers. Dat wie fansels ek net yn oarder; hwant streupen is likegoed forbean as stellen, al tinkt it folk dêr hwat oars oer. Ik mocht him oars hiel wol lije, en hwat hy tsjin my sei, dat wie fansels wier. Lju, dy't gjin jild hawwe, hoege ek net bang to wêzen, dat it harren ûnstellen wurdt. Mar wie dy man, dy't by my ynbrekke woe, in dief? Sjoch, dêr kaem it op oan. Jitske Wisma wie in faem út tûzenen en der wiene licht jongfeinten, dy't my har forgunden. Lykwols,
| |
| |
jaloerske lju brekke net yn. Jaloerske lju wachtsje de man, dêr't hja hwat op tsjin hawwe op, en jowe him in wan bruijen. Sa wie alear alteast de sede yn de Wâlden. Dêr kaem noch by dat op dy mistige Aprildei, doe't yn 'e bosk immen efter my oan roun, der tusken Jitske en my noch net safolle oan 'e hân wie en fierder, dat ik op Peaske-Moandei dúdlik in hân field hie yn myn bûse. Dat wiisde der net op, dat hjir jaloerskens yn it spul wie.
Ik prakkesearre der net lang oer en ik fortelde neat oan Jitske. Ik woe har net bang meitsje. Prachtige Maeijedagen wiene it yn dy snuorje. De fûgels songen en myn hert song. De bremerheide bloeide fûl lâns de heidepaden en yn de beamwâllen hongen de greate wile blommen fan flear en lysterbei. En yn rêstige amerijen siet ik efter myn tydskriften en tael-boeken; dat wie myn libben. De wetboeken lieten my langer sa kald as iis.
Ja, dat wie in Maitiid, dy mei Jitske Wisma en fan myn ôfskie fan it boargerlik rjucht. Fansels, ik stean der nei safolle jierren kritysk foar oer mar hwat wier is, moat wier bliuwe.
Ik wol lykwols de tried fan myn forhael net forlieze en nammers kin itjinge yn my omgyng, in oar neat skele. Mar ik moat noch al fortelle, dat Jitske Wisma sa tsjin de Juny-moanne in skoftsje fuortmoast; ik leau nei in beppe, dy't siik wie. It soe net de muoite wurdich wêze, it dêroer to hawwen, as him yn forbân dêrmei net op 'e nij in nuver ding ôfspile hie. It is to bigripen, dat ik mei Jitske har ôfwêzigens net sa bjusterbaerlik ynnomd wie; en sa kaem it, dat ik by ien of oar feest hjir op it doarp, ik soe net mear sizze kinne by hokfoar gelegenheit, der mar frijhwat noartich bysiet yn 'e seal, dêr't dounse waerd. Ik moast oars net folle fan drank hawwe; ik mocht it amper; mar dizkear bistelde ik in slokje. Doe't ik it op hie, brocht de kellner my wer ien. ‘It is bisteld’, sei hy. Ik loek oan 'e skouders. Ik hie it net bisteld, mar ik dronk it dochs op. Sa gyng it noch in kearmannich. De kellner sei, dat it bisteld wie en my wie it wol goed. Hoe't ik thúskomd bin, wit ik net mear; ek net, hoe't ik op bêd rekke bin. Mar ik wit wol dat, doe't ik de oare deis wekker waerd, ik daliks seach, dat by my ynbrutsen wie; en foargoed ek. In stik rút wie der gewoan útsnien en al myn klean leine
| |
| |
op in protte yn in hoeke. It wie in konsternaesje fan bilang en de fjildwachter en sels de boargemaster kamen der oan to pas.
Dizze nacht wie ik net wekker wurden; dat kaem fansels fan de slokjes, dy't ik net bisteld mar wol ynnomd hie. En hjir wie dan faeks it earste spoar. Hwa bistelde dy slokjes? De kellner waerd ophelle en dy sei dat in man dat dien hie, dy't hy net koe; in persoan mei in hiel gewoan gesicht; hy wie net great en hy wie net lyts.
‘Hoe seach dy man yn 'e bosk der út?’ frege de fjildwachter my.
‘Syn troanje haw ik net sjoen’, sei ik, ‘mar hy wie net great en hy wie net lyts, dat wit ik noch wol.’
Doe seagen de fjildwachter en de boargemaster mekoarren oan en ornearren, dat hja mei dat signalemint net sa folle opskeaten.
‘Hwat misse jo einliken?’ woe de boargemaster witte.
Dat wie ek sa; dat wie einliken noch it wichtichste. Ik koe it sa net iens sizze. Myn beurs lei op 'e flier; dêr siet alles noch yn. It die sels bliken, dat de hiele joun my neat koste hie. Ek it jildkistje wie der noch mei de pear tsientsjes en de brieven, dy't ik dêryn biwarre. Ik sammele doe myn klean; mar dêr ûntbriek ek neat oan. Yn myn jasbûse rattelen de kaeijen en foarsafier't ik neagean koe, sieten alle papieren noch yn myn portefúlje.
‘Ik.... ik mis neat’, sei ik lang om let. It wie in singelier gefal.
De fjildwachter flokte.
‘Fordeald, it liket wol oft de duvel sels hjir efter sit. Sa healwiis haw ik it noch nea meimakke.’
*
It forhael fan dizze nijsgjirrige ynbraek, dêr't neat by stellen wie, gyng as diggelfjûr oer it Wâlddoarp. Notaris De Groot frege my, oft ik ek skuldbikentenissen of oare papieren fan wearde ûnder my hie; ik moast mar ris goed neitinke, hwat ik misse koe. Mar ik hâldde út, dat neat fuort wie. In iennichste fan bilang op myn keamer, sei ik, wiene in soad boeken en tiidskriften, meast út bibletheken; en dy wiene der allegearre noch. Ek fan myn garderobe miste gjin stikje fan en de lytse persoanlike bisittingen hie de dief allikemin oansitten. It wie en bleau in
| |
| |
riedling en ik ornearre, de pelysje moast dat nou mar ris oplosse. Dêr wie hja op 't lêst foar.
Notaris skodholle. Hy sei, dat ik dit gefal bileaven net to licht opnimme mocht.
Jitske kaem in deimannich letter thús. Ik hie har skreaun oer it gefal en hja blykte noch frijhwat oerstjûr to wêzen. Ik bêdde har del. Ik sei dat, as de man it op my persoanlik bigrepen hawn hie, hy my wol tsienkear kâld meitsje kind hie. Dêr wie neat tsjin yn to lizzen; dat wie sa. Jitske montere fan dat sizzen in hiel stik op. Mar hja biswarde my dochs, foarsichtich to wêzen. Har heit hie wol in revolver, sei hja; nou ja, de pelysje wist der neat fan; mar hy woe my dy grif wol liene. Dy koe ik dan faeks ûnder it kessen lizze.
Doe lake ik har út; en hja lake mei. Wy wiene jong en lokkich en koene de dingen noch net sa earnstich nimme. Jonge libbens kinne boppedat wol hwat spanning forneare.
Dy Maitiid stiet my foar de geast as in feest fan lôgjend sinnefjûr, fan wûnderlik djip himelblau en fan weevjend en wikseljend beammegrien. Elke dei wie as in bazúnstjit, suver en fol; en myn hert trille en koe alles amper forneare. Soms hie ik oanstriid, allinne de bosk yn to gean en to roppen en to wachtsjen op 'e echo's; en it barde dat ik heale nachten wekker lei, om't it hast tofolle wie. Sa forgyngen de dagen; de simmer kaem al tichterby en ik krige iderkear mear wissichheit, dat ik hjir net lang mear bliuwe soe. Der kaem in baentsje foar my iepen yn Den Haech, dêr't myn oanliz foar talen ta syn rjucht komme koe. Ik praette der net oer mei notaris De Groot en sels net mei Jitske; it koe ommers noch misrinne. Boppedat woe ik neat dwaen, dat ús idylle fan jonge leafde forbrekke koe. It lei my sa by dat it Jitske ôffalle soe. Hja wie in bern fan dizze krite; in fjildblom, wyld en frij opwoechsen mids bosk en heide en fan beammen omseame ikkers en grienlânnen en ik twifele in bytsje, oft hja forplante wurde koe.
It wie gjin ûntrou. De ûntrou is letter komd - fan myn kant! Ik tocht; as it ienkear fêststiet en ik fortel it har dan, dan is it altiten noch ier genôch. Sa't it wie, moast it noch in skoftsje bliuwe. De fûgels songen, en de wyn song yn
| |
| |
de hege bûkelbeammen, en myn hert song. Ik kaem by har en hja kaem by my; wy doarmen troch it wûndermoaije gea of sleten yn de heide; ja, sa forgyngen de dagen.
Ik wol dêr lykwols net op trochgean; it hat suver neat to meitsjen mei it gefal-Hjerre Bijker, dat doe ticht foar de ûntknoping stie. Al in kearmannich hie ik de fjildwachter frege, oft der ek hwat klearrichheit kaem yn dy ynbraek. ‘Geduld, jonkje!’ sei er dan; ‘geduld; ik bin op myn iepenst en it moat nuver rinne as ik dy fint net krij.’ Ik moat sizze dat hy wurd hâlden hat.
De ynbrekker waerd pakt op in Sneintonacht en ik wie der by; ik wit it noch as wie it juster bard. Ik sit by Jitske yn 'e keamer; wy allinne sitte dêrre en dan ynienen wurdt op it rút tikke. Ik sjoch noch de kleur út Jitske har wangen weilûken. Ik hâld my goed, doch it gordyn fanside en sjoch dan in troanje mei in burd; dy fan 'e fjildwachter. Hy leit de finger op 'e mûle en bitsjut my, by him to kommen. Jitske stiet efter my; ik hear har hert klopjen, mar hja is dochs al wer hwat bikomd. Mei ús twaën geane wy der út.
De fjildwachter skodhollet, as hy Jitske sjocht. ‘Gean mar op bêd, leave’, seit hy; ‘Jouke en ik sille de ynbrekker pakke. Dêr kinne wy gjin froulju by brûke’.
En dêr fljucht Jitske my om 'e hals en seit dat ik oppasse moat en noch in hiel soad oare dingen. De fjildwachter jaget har op 't lêst de doar yn. Dan sette wy ôf yn it tsjuster.
‘Is er wer yn myn keamer?’ freegje ik.
‘Né,’ seit de burdman; ‘yn notaris syn hûs. Hy is oan it papieren neisneupen. It moat deselde wêze, hwant oars hied er al lang de brânkast leechhelle.’
Wer hwat nijs. ‘Hy hat in goede tiid útsocht,’ siz ik. ‘Notaris is to silen en komt pas moarnier thús. Hoe seagen jo him?’
De fjildwachter laket.
‘Alle gordinen binne sekuer ticht; mar hy hat ien ding forsomme: dat rútsje heech yn 'e muorre to bidekken. Ik miende, dat ik dêrefter hwat flikkerjen seach. Doe haw ik in pealtsje oantúchd en bin dêr op stean gien. Sa haw ik mynhear observearre. My hat hy net sjoen.’
Ik fiel my net hielendal yn myn wêzen. ‘Moat ik helpe?’ freegje ik, in bytsje ûnwis.
De greate hân fan 'e fjildwachter slút him om myn pols.
| |
| |
‘Dû bist dochs net bang? Ik haw altiten heard, dat jongkeardels, dy't by de faem weikomme, sa dapper binne as liuwen. Hastû kaeijen by dy?’
‘Jawiswol’, siz ik. Fansels hy moat myn kaeijen brûke, de twa platte, dy't notaris my doedestiids jown hat. Se sitte oan 'e ring, dy't ik altiten by my haw. Ik sykje se op 'e taest der út en stek se sa de fjildwachter yn 'e hân. ‘Dat binne se.’
De burdman syn stimme wurdt nou tige sêft.
‘Moai. Harkje goed; wy sille sjen, der sa stil mooglik yn to kommen. Wolstû dy der bûten hâlde, dan hoechstû gjin hân út to stekken. Mar wolstû my helpe, dan sil ik it dy net forbiede.’
‘Fansels, ik help jo,’ siz ik, ‘Ik bin net bang! Hwat tochten jo? Siz mar, hwat ik dwaen moat.’
Ik fiel dan in finger op myn lippen en in stimme by myn ear seit:
‘Hâld dy de bek! Hy mei ús net hearre.’
Wy rinne nou op 'e teannen; it notarishûs is mar in metermannich mear fan ús ôf. Efkes letter steane wy by de kantoarsdoar oan 'e efterkant en ik hear, dat de fjildwachter de kaeijen past. It duorret in skoftsje. ‘Sil ik efkes?’ lústerje ik dan.
De fjildwachter stoppet my de kaeijen yn 'e hân.
‘Hoecht net. It binne de goede net.’
Dat docht my sa nij as fleanen.
‘It moatte se wêze; oare haw ik net.’
‘Witste, hwa se hat? Dy fint, dy ynbrekker dêr yn 'e hûs. Bigrypst nou, hwat hy by dy socht?’
*
Wy steane dêr dan wol tige forslein efter it notarishes. Ik stel út, to wachtsjen dat de ynbrekker fuortgiet. Lykwols, dêr wol de fjildwachter neat fan witte. Hy ornearret, wy moatte de fint pakke, wylst er noch op it kantoar dwaende is. Hy wol, dat ik in kaei helje by in kollega, mar seit der daliks by, dat ik neat fortelle mei. Dat liket my in nuver boadskip yn 'e nacht en ik haw der in drôvich bytsje nocht oan. Dan fiel ik ris by de doar lâns en merk, dat dy oan stiet. It is in âld doar; hy hinget in bytsje út syn skarnieren en set dêrtroch wolris klem. Dêr wit ik wol rie op. Ik til him hwat op by de kruk en sjoch, hy giet
| |
| |
samar iepen. ‘Bravo!’ brimt de fjildwachter by myn ear en hy knypt my de hân hast fyn, sa bliid is er. As spoeken slûpe wy it hûs yn; hy foarop en ik efter him oan. Wy komme earst op ús kantoarke en dan yn de greate wurken ûntfangkeamer fan notaris. Nêst dy keamer leit de brânfrije romte, dêr't de akten en minuten yn biwarre wurde. It is dat hokje, dêr't de fjildwachter de man yn oan it wurk sjoen hat en wrychtich, hy is der noch. Hy heart nou dochs hwat: ynienen rjuchtet it ljocht fan in bûslantearne him op ús, mar hast tagelyk barnt de fjildwachter sines ek. ‘Bliuw stean of ik sjut!’ seit de burdman mei in nuver dûnker lûd; it is nou tinken. De ynbrekker lit in pear grouwélige flokken hearre, mar hy jowt him daliks oer en hy forset him net, as de fjildwachter him de hânboeijen oanknipt.
Ja, dat hat de fjildwachter gnap en handich dien; ik hoegde der net oan to pas to kommen, mar it kin wêze dat de ynbrekker tocht hat, dat by dochs net tsjin twa man útkin. De fjildwachter is nou wer folslein kalm. Hy docht it gasljocht oan en dan sjoch ik de ynbrekker; net great en net lyts is hy en wier, hy hat in hiel gewoan gesicht. De fjildwachter hjit him, sitten to gean yn ien fan notaris syn fauteuils. ‘Jaw dû dy ek mar del, Jouke!’ seit by dan. Sels lit er him foarsichtich falle yn de draeistoel efter notaris syn buro.
It is efkes tige stil. Allinne de gasflamme sûzet. Dan sjocht de fjildwachter de ynbrekker oan.
‘Nou, ik soe sizze, fortel mar ris hwat. Jo sitte der nou dochs yn.’
Hy wol wol prate, de ynbrekker. Hy fortelt, dat hy Hjerre Bijker hjit en alhielendal gjin dief fan birop is. Hy is hannelsman, reizger, en hat noch nea immen foar in sint tokoartdien. Dat hy ta dit faei eksploat oergien is komt, om't hjirsa by notaris De Groot stikken binne, dêr't dúdlik út blykt dat by rjucht hat op in part fan in great erfskip, dat op misdiedige wize yn forkearde hannen komd is.
As er safier is, sjocht de fjildwachter him oan.
‘It erfskip fan Age van Tunen miene jo?’
‘Ja, fansels, jo witte der wol hwat fan,’ seit Hjerre Bijker, alhielendal net forheard. ‘Der binne wol folle mear dy't der fan heard hawwe. Mar it rjucht is oan 'e kant fan harren, dy't it jild hawwe. Dat hat altiten sa west.’
| |
| |
En hy fortelt fierder, Hjerre Bijker. Syn heit wie in susterssoan fan Age van Tunen dy't sels gjin bern hie. Der wiene noch inkelde neven; hja en net dokter Onnes hiene it erfskip fan mear as in millioen ha moatten. Mar dokter Onnes hie macht krige oer de âld man en him dingen opstelle litten, dêr't hy it yn heldere amerijen alhielendal net mei iens wie en dy't er dan ek wol by de notaris, de foargonger fan mynhear De Groot, weromnomd hie. Doe't er forstoar, hie dokter Onnes it erfskip lykwols krige.
De fjildwachter trommet mei syn fingers op notaris syn buro.
‘Ik hear dit forhael net foar de earste kear; mar as it wier is, hwerom ha jimme heit-en-dy dan net procedeard?’
Dan laket Hjerre Bijker; hy laket húnjend en hy skodhollet.
‘Tochten jo, dat dat net bisocht wie? Hy en syn neef hawwe forskate abbekaten oan west; en dat soe iderkear wêze, mar allegearre joegen hja it nei in skoftsje samar oer. Hja waerden omkocht; dêr bin ik fan oertsjûge.’
Op dat sizzen lûkt de fjildwachter oan 'e skouders.
‘Dat sizze jo nou wol; mar hoe witte jo dat?’
Grimmitich sjocht Hjerre Bijker nou út syn eagen; ik wurd der hast bang fan.
‘Ja, jo steane fansels ek oan 'e kant fan de greate hearen; mar yn dizze myn binnenbûse, dêr sitte de biwizen. Ik haw se socht yn de papieren fan notaris; en ik haw se foun ek. Helje se der mar út.’
Nou foroaret de troanje fan de fjildwachter; nou lûkt der hwat oars oer: forheardens, nijsgjirrigens.
‘Ha jo dy wrychtich foun?’ freget er. ‘Dy biwizen woe ik wolris sjen.’
‘Myn hannen sitte fêst’, seit Hjerre Bijker. ‘Pak se sels mar efkes.’
Dat docht de fjildwachter en hy bigjint se daliks troch to lêzen.
Dan kom ik oan bar, om Hjerre Bijker hwat to freegjen.
‘Hwêrom rounen jo my efternei yn 'e bosk?’
‘Ik woe mei jo prate. Faeks koe ik jo op myn hân krije. Mar ik fortroude it tagelyk ek wer net. Ik tocht: hy kin der ek mei notaris oer prate en dan is myn plan mislearre.’
‘Is dat alles?’
Hjerre Bijker bûcht de holle.
| |
| |
‘Ik haw der ek oer prakkeseard, jo to oerfallen en jo de kaeijen to ûntfytmanjen. Mar dat like my dochs net praktysk. Ik wist nammers net iens, oft ik jo ha koe.’
Yn elts gefal: it hat Hjerre Bijker iderkear wer om de kaeijen to dwaen west; ek dy jouns yn it Blauhûs, ek by dy mislearre earste en by dy slagge twadde ynbraek. Dy lêste kear hat er yn 't plak fan de beide stellene platte kaeijen twa oare, dy't der hwat op liken, oan 'e ring dien. En doe hat er in dei ôfwachte, dat notaris net thús wie. Sa likernôch is dit forhael fan Hjerre Bijker.
As de fjildwachter opsjocht út 'e papieren, is syn troanje read, nei alle gedachten fan emoasje. ‘Dy stikken nim ik mei!’ seit er. ‘Dy komme by it verbael. Wy sille sjen, oft der noch rjuchters yn Ljouwert binne!’
Dan moat Hjerre Bijker nei de sel en is de opwinende nacht foarby, de nacht dêr't ik sa krekt en sa earlik mooglik bisocht haw, forslach fan to dwaen.
*
Myn fakânsje is nou sa likernôch ôfroun; mar myn forhael is ek hast út. Ik wit noch, dat ik dy nacht tocht, dat út dizze ynbraek hiel hwat fuortkomme koe. Mar der kaem neat út fuort, alhoewol der noch al in lyts neispul wie. It is lykwols kleare tafal, dat ik dêr fan wit. Ik kom der noch op; it is nammers gau forteld.
Fansels, der wie de oare deis konsternaesje genôch. Notaris wie foar dei en dage werom en ik waerd al foar achten wer út myn bêd helle. Wy moasten allegearre op it gemeentehûs, komme; mar Hjerre Bijker wie der net by. De boargemaster sei, dat oer dizze saek net praet wurde mocht. Hjerre Bijker wie neffens him net goed by de holle; in psychopaeth. Hy woe út noch yn net, dat út dit gefal rabberij en misbigryp fuortkomme soe. En notaris sei der oerhinne, dat elk wurd oer dizze ynbraek in wurd tofolle wie. Hjerre Bijker wie stapelgek en hearde einliken thús yn Frentsjer. Dat wisten wy dan al wer. De fjildwachter mei it burd siet der ek by, mar krige gjin wurd fan tank foar hwat hy dien hie; en hy sei ek neat. Doe't wy út 'e keamer gyngen, joech er my lykwols in knypeach. Hy wie net geskikt foar dit doarp.
Op kantoar joech notaris my noch in tige rappelemint. Dat ik it net murken hie fan dy kaeijen, dêr koed er net
| |
| |
by. Hy hie se fan 'e boargemaster weromkrige, mar soe se nou mar ûnder him hâlde. Einliken wie it in mislediging; hwant ik hie der doch mines ta dien, Hjerre Bijker to krijen. Mar ik tocht oan Den Haech en sei der net folle op. Wol bisaude it my, hoe senuweftich en oerstjûr as de man wie. Letter op 'e dei kaem dokter Onnes en bleau gâns in skoft.
Der rounen neitiid wol hwat geroften troch it doarp, der trine wol hwat emoasje troch de minsken; mar it bilune gau.
En it waerd simmer; ik krige myn bineaming út Den Haech en sei it notaris De Groot en Jitske Wisma. Notaris wie tige rekke; ik soe wol in man fan toalve ambachten trettjin ûngelokken wurde, ornearre hy. En hwat Jitske Wisma oanbilanget, ik wol it dochs efkes sizze, alhoewol it net sa wichtich is; hja foroare der har net om. ‘Dan geane wy nei Den Haech to wenjen’, sei hja, as wie it de gewoanste saek fan 'e wrâld. Letter haw ik wol bigrepen dat as ik sein hie: Wy geane nei China, of nei Alaska of nei de Noardpoal, dan hie har dat ek daliks goed west. Hja bitroude my.
It is net komd, lyk as hja tocht. Ik bin troud mei in oarenien; ik hjit nou J. Walles de Iongh en bin ta in oansjen komd, as ik nea tinke kind hie. Ik kin sizze, dat ik bern oan hûs bin by it Departemint fan Bûtenlânske Saken, dêr't, lyk as elkenien wit, it foarnaemste folk fan Nederlân sit. Nochris, dat hat foar it greatste part myn frou har wurk west; en al kin ik net treurje oer har, ik moat har dochs de eare jaen dy't har takomt. Hja hat my trune, omheechtreaun, oanfjurre, altiten wer. Hja hat makke dat ik bin dy't ik bin: J. Walles de Iongh, forneamd tolk en translateur, in man mei opdrachten fan it regear, in bitûft, bitroud en erkend helper van ministers en hege amtners.
Dat is wier; dêr is neat tsjin yn to lizzen. Mar nou't dizze rêstige fakânsje sa likernôch ôfroun is en ik werom moat nei Den Haech, nou gean my dochs wûndere dingen troch de holle. Ik bin foarútkomd yn 'e wrâld; mar is it hert net tokoartkomd? Haw ik net tofolle tolk en translateur west en to min minske? Frjemd, dat ik, dy't altiten sa wis fan mysels wie, my dit op dit stuit yn earnst en net sûnder
| |
| |
spyt ôffreegje. Haw ik net it lok forsmiten en idelheit woun?
*
Genôch, genôch hjiroer. Ik wit einliken net, hwêrom 't ik dizze dingen skriuw, dêr't in oar ommers neat mei to meitsjen hat. Dat neispul fan it gefal-Hjerre Bijker, dêr wol ik it noch efkes oer ha. It spile him ôf oan 'e ein fan July, krekt foar't ik ôfsette nei Den Haech. Lyk as ik al sei, it wie in tafal dat ik dêr hwat fan gewaer waerd.
Ik hie de fjildwachter al in kear of hwat frege, hoe't it mei Hjerre Bijker wie en oft syn saek hast tsjinne. De burdman loek iderkear oan 'e skouders; hy wist der neat fan. Hy sei allinne ris, dat hy him tonei allinne bimoeije soe mei de streupers. Oan oare dingen wie dochs gjin eare to biheljen. Dat foun ik doe wol in hwat nuver sizzen, mar op dy dei oan 'e ein fan July haw ik alles bigrepen.
It siet sa: ik stie op sprong om fuort to gean, mar achte my dochs forplichte, noch efkes mei notaris De Groot to fûstkjen. Ik moast lykwols geduld dwaen, om't in konferinsje hâlden waerd op notaris syn keamer. Hwa't der wiene, wisten wy efter op it kantoar net krekt; mar in pear kear miende ik in bikend lûd to hearren. Ik harke skerp en op 't lêst kaem it my hast mei in skok yn it sin, hwa syn stimme dat wie: Hjerre Bijker sines! Dit die my wakker nij. De man wie dus frij en siet allikemin yn in gekkehûs. Ik hearde ek wol dat it út en troch der moai forheftich om en ta gyng. Mar letter waerd it stilder. Tsjin toalven liet notaris syn bisikers troch de foardoar út.
Dêr hie ik op wachte. Ik sette nei notaris syn keamer ta; de man soe daliks wol werom komme. Doe seach ik op syn tafel in pear papieren lizzen. Ik koe it net litte en sjoch hokfoar spul dat wie.
It iene wie in koarte acte, en ik biswar dat it wier is hwat ik siz: der stie yn dat Hjerre Bijker, oannomd, dat de justysje him mei rêst liet en hy allikemin yn in gekkehûs kaem, foar de somma fan trijetûzen goune ôfseach fan syn rjuchten op it erfskip Age van Tunen. En it oare wie in tekene kwitânsje foar dat jild.
|
|