De Tsjerne. Jaargang 4(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 45] [p. 45] Jan Piebenga: Adam sprekt. Kaemst yn myn keamer, in flinter wiest, Dronken fan huning en ljocht, 't Gif datst tomûk yn myn beker diest Hat deads omearming my brocht, 't Prike en stiek en it briek midstwa Sielsrêst en wiisheits formeits, Flinter, hwa biste en siz my, hwa Joech dij dy lokjende laits? O broeiske dei doe't in ingel foel, Roerde myn hert mei har wjok, 't Libben wie ivich en sûnder doel, 't Sonk en it stiigde yn ien snok, Ingel, hwer keardest? Eva, hwer bist? Eden, foar altyd forswoun? Honger en toarst is 't hwatst my jit litst, Wyldlân is al hwat ik woun. Wrot op de groun dêr't de slange krûpt, Flechtsje yn de sliep fan de waen, Hwa man ek 't Hôf yn syn oermoed bislûpt, 't Swaeijende swurd sil him slaen. Flinter en ingel, o njirrebrod, Leegje de beker oant it lêst, Ré leit de ierde en de dream is fuort, Nearne as yn 't grêf is de rêst. Vorige Volgende