| |
| |
| |
Dr. Johann Lentner:
Franz Kafka.
Franz Kafka waerd op 3 July 1883 yn Praech berne. Syn heit wie in bigoedige Joadsk keapman, dy't, wis fan himsels en fan syn slagjen yn saken, ek syn tige gefoelige en fan oanliz dreamerige soan ta in stege trochsetter greatbringe woe. Franz fielde him yn 'e hûs tige ûngelokkich, hwant dêr wie syn heit skepper en skriuwer as in patriarch út it Alde Testamint en syn soan bleau de ‘ewig Besiegte’, dy't dweepte mei de Gerjochtichheit en it Absolute en dy't by al syn ûnútsprekbere sielesmert nearne, ek net yn 'e religy, treast fine koe, omt er dêr allinne kunde oan hie yn de foarm fan twang en in sinleaze tizeboel fan formaliteiten.
Doe't er syn stúdzjes biëinige hie, wurke Kafka by in forsekeringsmaetskippij. Deilisskip thús en mislearre houliksplannen wurken der ta mei, dat syn dochs al sa teare sounens him alhiel bijoech. Hy sei syn affysje farwol en libbe tonei alhiel foar syn greate libbenstaek, dy't er aloan mear bigoun to sjen as in religieus-profetyske Ropping. Yn Pascal en Kierkegaard ûntdiek er syn eigen inerlike wrakseling. De Aldjoadske skriftekennisse mei syn mystyk en syn symbolike tael joegen syn wurken foarm en stal. De trêdde Juny 1924 is er forstoarn oan 'e tarring yn it sanatoarium Kierling by Wenen..
Franz Kafka is in Eastenrykse skriuwer. Hy is fuortkaem út it kultuerformidden fan de âlde Eastenryksk-Hûngaerske monarchy. Syn bertestêd Praech waerd tagelyk fan it Dútske en it Slavyske folksaerd biynfloede en de Joadske gemeente, dêr't syn famylje oan wie, bisloech in wichtich plak yn it geastlik libben. Hwant de Joaden hiene amperoan tûzen jier njonken Dútskers en Tsjechen libbe en wiene in bilangrike forbiningsskeakel wurden tusken dy beide nasjonaliteiten. Yn it bigjin fan de 19de ieu namen hja de nije Dútske geast nei har en droegen dy oer oan de Slavyske wrâld fan it Easten, dy't de Tsjechen, sûnt har folksbisef towekker roppen wie troch Herder-en-dy, tige nei bistie. Gjin niget, dat krekt út dit formidden, dat geastlik sa libben en biweechlik wie, gâns dichters en skriuwers
| |
| |
fuortkamen. Franz Werfel, Max Brod en Gustav Meyrink binne dêr de meast forneamden fan.
De tiid tusken de ieuwiksel en de earste wrâldoarloch, doe't Kafka syn earste wurk skreau, stie yn it teken fan impressionisme en neoromantyk. Dizze biweging en har dichters binne karakterisearre as de ‘kunst fan it ûnwurklike’. Hwant it bistean, dat yn de 19de ieu jitte sa muorrefêst like to rêsten op natûr- en sedewetten en op in dûrsume oardering fan maetskippij en wrâld, wie alle sin en doel kwytrekke. It wie oerjown oan loslitten daemonen en oan krêften fan de chaos, ear't noch de greate oarloch de lege foarmen tobrutsen hie en de ynwindige rottigens bleatkaem ûnder de bipleistere grêven. It Ik, dat yn 'e ieu dêrfoar yn waenwizens de wrâld út 'e heakken tild hie, forskynde allinnich noch mar mear as in kompleks fan gefoelens en sensaesjes, forboun oan in op himsels steand lichem. Dream en wurklikheit toraenden yn elkoar lyk as dat sûnt ieuwen yn it barokke toanielwurk fan Calderon ôf oant Hofmannsthal ta it gefal west hie. Yn deselde snuorje forklearre Freud dit binearjend en ûnlijich bistean as it gearmjoksel fan rationele en irrationele eleminten.
Om distiid kaem Kafka nei foaren as ien fan de greatste en oarspronklikste skeppers fan nije mythen. De moderne minske harke nei sokken mei nij bigryp, sûnt er him twivelriedich út rationalisme en foarútgongsleauwe wei yn it tsjuster tobeklutsen hie en dêrsanne socht om in nij ljocht.
Yn Kafka syn wurk komt ús in dreamwrâld tomjitte, dy't de skriuwer opboud hat mei help fan de stylmiddels dy't dêr by hearre: realisme en fantastyk. Mei syn realisme, dat yn de lear west hat by de milieuskildering fan de greate epici, tekenet er it konkrete libben fan al den dei as it greate ramt, hwerbinnen dizze singeliere bilibbenissen har ôfspylje. Hjir spylje de minsken fan syn fantasij as tragyske komedianten har grotesk bistean, mar ek it mislearre libben fan Kafka sels. It fantastyske yn hwat der bart hat de dichter mien mei syn lânsman Meyrink, dy't de Praechske wrâld, dat Midsieusk ghetto, grinsgebiet tusken weitsjen en dreamen yn, mei de groteske figuren fan syn fantasij bifolket.
Bynei alle forhalen fan Kafka en winliken ek syn romans bisteane út follerhanne yn elkoar reaune, foar in part alhiel selsstânnige stikken, aphorismen en fragminten. It is
| |
| |
gjin ûnmacht oer de foarm, dy't al syn skeppings hiem hawwe, mar de ûnmidlikens fan it bilideniskarakter. It binne brokstikken fan in wanhopige bikentenis, dy't him syn hiele dichterlike wurksumheit foarstelt as in fûleindige striid om syn heil, syn religieuze Ropping, de sin fan syn libben.
Party fan syn forhalen binne swier to forstean, omt in mannichte fan bidoelingen en fan de meast ûngelikense bitrekkingen en forhâldingen troch elkoar hinne kruse, dat it bliuwt faek rieden foar jin, lyk as men dat gauris hat by it sjen fan moderne skilderijen. Alles hwat forbân hâldt mei de bûtenwrâld, giet by foarrie foar fortocht en problematysk en wurdt forsmiten. Sels it sensuële libben komt yn it ljocht to stean as in fornederjende twang en de deistige plicht bistiet gjin ethyske bining mear mei. De minske, dy't oant nou ta in redtsje west hat yn in rationeel oardere gehiel, foroaret en forbrekt dy oardering, dêr't er syn masterskip, syn superieurens oer dizze wrâld mei biwiist. Krekt lykas yn de romantyske litteratuer - en Kafka is yn djipste wêzen in romantikus - ûntstiet út dit distânsjebisef in ironyske libbenshâlding. Dy komt fuort út de tragyk fan it libben, mei't de kunstner de wurklike wrâld torane lit en dy sadwaende werombringt ta syn wiere wêzen.
Franz Kafka jowt it wierhaftige byld fan in wrâld en syn oardering stal yn trije romans, gâns novellen, forhalen, petearen en aphorismen. Lykwols is it him nearne slagge, in formoedsoening fan de tsjinstridichheden ta stân to bringen en sa is alles hwat er skoep fragmint bleaun.
De earste roman ‘Amerika’ is de roman fan in jongkeardel, dy't de wrâld yn tsjocht, om yn Amerika it lok to sykjen. Hy ûndergiet de wrâld noch as in útwindich libbenslot, mar lyk as by Parcival en Simplizissimus giet it mei him op in aloan greater fortizing ta. Hy stiet tusken twa machten yn, dy't him elk foar oar twinge wolle op har eigen wei; it neare en broeiske driftlibben, en it bleat rationele, fan it natuerlik bistean ôfskoattele sakelibben, dat wisbiret en egosintrysk allinnich oan himsels genôch hat. Hy bisiket himsels to skikken yn allerhande soarten fan forhâldingen en relaesjes. Mar eltse mienskip, dy't him opnimt, fielt er as in oerflakkigenien. Jimmeroan leit op 'e eftergroun de chaos op 'e loer. Hy is net yn steat troch de tsjustere ring fan it bistean hinne to brekken. Syn ûnmidlikens, syn direktens, dy't fan gjin wearde, gjin ûnforwrig- | |
| |
bere wet en gjin stribjen wit dat fêst en boppe it stuit útriist, is in macht, dy't alles forswolget troch de oerkrêft fan it weagjende, skolperjende libben.
It is typysk, dat Kafka deselde wei kiest, dy't Goethe yn de earste lêzing fan syn ‘Wilhelm Meister’ foarslein hie ta it wêzenjen fan syn helt: dy fan it toaniel. Kafka biwiist dêrmei, dat de geastlike rykdom fan de Dútske klassike tiid yn him jitte libbe. It wie de tiid doe't foar de Dútske geast de foarstelling fan de kultuer gearfoel mei dy fan de kunst. Kafka syn Karl Rossmann siket yn it toaniel de oardering fan it Al. Hjir hat de wrâld syn macht forlern. Dy is oars neat as in kykspul ta eare Gods en is rjochtfeardige yn syn iene taskôger. De minske lykwols is troch de opdracht dy't him jown is en syn wil, om him yn in oardering yn to foegjen, frijmakke fan syn djipste bitizing. En sa einiget ek it lijenspaed fan Karl lyk as it boek Job mei de lieding ta God. Op dit punt brekt it barokke Eastenrykske erfskip, dat yn deselde tiid yn it wurk fan Hugo von Hofmannsthal in wûndere werberte yn nije foarmen bilibbe, ek troch yn Kafka en hwannear't Karl, as wie it troch de bitsjoeningen fan it paradys, alles hwat er kwyt wie werfynt, dan spilet him itselde ôf as yn it Weenske folksstik, dêr't ek de helt syn lean kriget, as er hifke is en swierdernôch bifoun.
By Kafka fynt men oars dy mooglikheit allinnich mar oantsjut. Hy wurke dit net mear út en moast fierder kromlizze ûnder de twang fan dizze wrâld, lyk as ien dy't net forlost is en himsels fortart yn langstme nei forlossing en genede.
De romans ‘Der Prozess’ en ‘Das Schloss’ forklearje it minskene bistean sà, dat de helt dêryn in striid om syn existinsje fiere moat -, in ‘helt’ nammers yn de bitsjutting dy't Hebbel der oan joech: ien dy't ûndergìet, mar net aktyf hannelet. It is de minske sels, oan hwa't wrâld en formidden yn de meast ûngelikense forklaeijingen, gelikenissen en wjerkeatsingen har foardogge.
Yn ‘Der Prozess’ giet it oer de prokuraesjehâlder Josef K., dy't yn syn libben hommels yn in krisis rekket. In geheimsinnich Gerjocht forklaget him, sûnder dat er de ynhâld fan de oanklacht to witten komt. Op in moarn wurdt er oppakt, sûnder dat him de reden opjown wurdt. De oppassers wegerje tekst en útliz to jaen of de ynstânsje to neamen dy't harren opdracht jown hat.
| |
| |
Mei gauwens wurdt er wer frijlitten, mar fannijs oproppen foar it iene bisprek nei it oare, folget forhoar op forhoar en hy bringt it fierdere fan syn libben dermei tonein om in oanklacht to bistriden dêr't er de punten net fan wit. En wylst dizze lange, fascinearjende en geheimsinnige hanneling, dêr't er de earnst net alhiel fan leauwe kin, nei de ein rint, trochlibbet er it hiele scala fan gefoelens, fan redeleaze hope ôf oant biredenearre fortwiveling ta. Hy fynt himsels werom yn de eigenaerdichste situaesjes. Guon dêrfan binne forskriklik, oare wer seldsum komyk. Yn 't lêstoan wurdt er op ôfgryslike wize exekutearre.
It forhael hat it rhythme en it floeibere fan muzyk. It kundiget oan en wynt it thema hurder of stadiger ôf al nei't it nedich is. K. is yn syn soarte sa nommel en sa oandwaenlik as Don Quichot. Lyk as dy is hy gjin dwaes, mar in bûtenwenstich wiis man.
‘Der Prozess’ bifettet episoaden fan dreamerige ûnbiweechlikens mar ek fan skrik, lyk as dy allinne ûntstean kin út ingtefrees, sielsskokken dy't yn de litteratuer har wjergea net fine. Dostojewsky syn ‘Skuld en Boete’ komt dit noch it tichtst bynei. Yn beide boeken hearsket in atmosfear fan waensinnigens. De finzenis hat symboalyske bitsjutting; de bilibbenissen komme út in oanboazjende spanning wei fuort; de man dy't troch de omstannichheden fan de wrâld ôfsnien is, fynt by de froulju in tydlik en forriederlik oanhâld.
Josef K. libbe yn de neare krûpyn fan saneamde reedlikheit en rjochtskepenheit sûnder in blinkje fan skuldbisef en de fortizing dêryn, dy't mei it minsklik bistean lykop giet. Troch it proses earst kriget er doel oer de neatigens fan dit bistean, lyk as dat biweecht en docht yn algemiene oerflakkichheden. It proses bistiet hjirút, dat er in groun siket yn dit lege fierderlibjen. It Gerjocht is de bilicheming fan it libben, dat sûnder bihearske en sûnder skôge to wurden, de rânnen fan dizze rationele oardering oanfret en bisiket dy to forneatigjen. Dêrom is der ek yn de gong fan it proses gjin rationele oardering to ûntdekken, hwant it is de ûnrêst, dy't út de ûngroun wei syn kloeren nei de minske útstekt en dêr't er by einsluten bilies foar jaen moat. De oprop fan it Gerjocht lykwols is de grounleaze eangstme, it siikwêzen op 'e dea ôf, it gewisse, dat Kierkegaard yn syn deiboeken in frage neamt ‘dy't God yn jins mannich- | |
| |
fâldige lotswikselingen stelt en as er dan frege hat, dan bûcht er om sa to sizzen Syn ear nei jin oer, om to hearren, mar men wol Him gjin biskied jaen’.
It hiele boek is in proses-verbael fan sielskonfrontaesjes. Dochs is de skuld net in misset, dy't los en op himsels stiet, mar it losstean fan it Gehiel, de ôffal fan it Uneinige. De minske jowl him lykwols net ûnder dit feit del, mar hy protestearret tsjin dizze wrâld as gehiel, omt de bitizing fan dy wrâld foar him in oanlieding is alle greater gefoel fan skuld en forantwurdlikheit ôf to stegerjen. Wy sille hjir mar op ien neijer yngean fan de talleaze symboalen, bylden en metafoaren, mar ien dy't de kearn fan de roman útmakket. Wy bidoele de gelikenis ‘Vor dem Gesetz’. It giet oer in man, dy't yn 'e Wet talitten wurde wol. De doarwachter treastget him en jowt him wol kâns foar letter, mar warskôget him derfoar om der yn striid mei it gebot yn to gean. Sa bringt dizze boadskipper syn hiele libben foar de yngong tonein en krekt foar syn dea freget er de doarwachter, hoe't it komt dat hjir nea ien oars tagong frege hat. De doarwachter graut him ta: ‘Dizze yngong wie allinnich foar dy ornearre. Nou doch ik him op slot’. Pas as de dea komt hat de radikale toloarstelling pleats, dy't de minske út de wrâld losmakket en him iensum en sûnder hope oerleveret oan de twingende fraech nei de sin fan alles. De minske fan dizze tiid mist de leauwigens, dy't in persoanlike relaesje mei de godlike oardering biwurket. Yn dizze wrâld lykwols kringt aloan wer mei skriklike direktens it sinlik bistean yn it geastlike op.
De prokuraesjehâlder K. bliuwt mei de ûnoplosberens fan dit probleem sitten en moat dêrom stjerre. Twa bleke hearen helje him op, nimme him mei nei in stienkleau en dêr boarje hja him in slachtersmês yn it hert. Dy dea is neat as de útdrukking fan de ynwindige neatichheit fan de minske: K. jowt bilies foar de krisis yn syn libben. Hy wie, nettsjinsteande de oprop fan it Gerjocht, net yn steat en stel syn libben ûnder in hegere Sin. Mar yn him ûntstie in djippe ûnfoldienens mei syn libben en in langstme nei wiere frijheit. Sadwaende waerd syn deistich bistean ûnjildich forklearre en ûntkrêftige, de dea is neat as it logysk gefolch dêrfan.
It wiidweidichste wurk fan Kafka is de roman ‘Das Schloss’, dêr't er yn 1922 oan bigoun. Wer is it de libbens- | |
| |
eangstme, dy't him jimmeroan yn it ûnfolsleine, it bidrige útkomme lit, dy't hieltydwer wanhopich fjochtet en dochs sûnder bilies de hope hâldt. Dizze striid wurdt symbolysk foarsteld yn it wjerfarren fan in lânmjitter, dy't fier om utens wei yn in doarp bilânnet en dêr syn fak útoefenje wol. It doarp wurdt bihearske fan de amtners fan it Slot. Hja wolle him net de kâns jaen him jilde to litten en jowe him in offysje as skoalbiwarder, mar hy giet de striid tsjin harren oan en wol de deugdlikens fan syn fak biwiizgje. Lyk as it ‘Gerjocht’ is ek it ‘Slot’ in symboal fan de godlike wiisheit, dy't de wrâld bistjûrt. De amtnerij stelt de Foarsjennichheit foar, dy't alle forburgen en bitize triedden gearfandelet en se fan de ûnsin nei de Sin, fan it ierdske nei it Boppe-ierdske laet. It doarp is de minskewrâld dy't him allinnich op it ierdske rjochtet. De doarpslju kinne dêrom de lânmjitter net forstean, lykas ek Kafka fan syn tiidgenoaten net forstien waerd. Sa is syn striid tagelyk in striid fan Kafka tsjin syn eigen wrâld en hy stiet dêryn as ien dy't him losskuord hat en de forbining siket mei it boppe-ierdske. De roman is in sielkundige autobiografy, dy't men mei rjocht hâlde mei njonken de greate bikentenissen fan de wrâldlitteratuer. Kafka sjit tokoart yn dit wrakseljen en syn bisykjen moat de wrâld foarkomme as waensin en fantasy, lyk as dat altyd de flok fan de profeet west hat. Hy wol him net skikke nei de ierdske oarderingen, nei de tradysjonele bigrinzge doelen en mjitstêven, lyk as Kafka him dêr ek net yn skikte mar syn breawinning oerjoech foar syn dichterlike ropping, en oan syn tear gestel it iene wurk nei it oare ôftwong. Op
it stuit dat de skriuwer en syn helt de frijdom kieze yn réwilligens oan it boppewrâldske, wurdt hy ek oerlevere oan it ûntaestbere, oan de mooglikheit fan de leechte, oan de forlittenheit. Al hoe tige as er yn it bigjin ek war docht - en hjir geane al wer dichting en libben mei elkoar lykop - om him yn dizze wrâld ynriuwe to litten, likegoed moat er mei gauwens ynsjen, dat er dizze oardering net trou bliuwe kin.
De roman is net ta in ein brocht, mar Max Brod hat ús fornijd, dat de lânmjitter op syn stjerbêd oansein wurde soe, hy krige it frij om syn wurk op to nimmen, al hied er der fan rjochten gjin oanspraek op.
De minske is net yn steat syn bigrinzge existinsje op syn rjocht, op himsels to groundearjen. Sa wurdt yn it lijen en
| |
| |
de ûndergong fan de lânmjitter in foarbyld steld, omt er tusken wanhoop en selsforheffing swevet, net oars as de siele fan de moderne minske.
Kafka syn aphorismen binne sammele yn trije ôfdielingen. Hja binne karakteristyk troch uterste foarmforsoarging, mar mear as alle oare wurk fan Kafka litte hja yn har tsjûgenissen sjen, dat de dichter in minske fol tsjinstridichheden is. Hwant foar Kafka is elts ynnaem stânpunt irrelevant en relatyf. Hy fielt in machtigen inerlike driuw nei ivichheit, mar wurdt dochs wer fortrietlik as er dy fynt, omt er him forplichte fielt troch de oanwêzichheit fan it uterlik libben. Syn libben op-en-dellet sadwaende slim en fordizet yn in twiljocht. De twaspjalt stiet ek de echte, suvere relaesje ta in bitroubere, wurklikheit yn 'e wei en sa wurde de uterlike wrâld en syn wetten alweroan troch it ien of oare magysk barren trochbrutsen. Kafka syn skyn-realisme en syn reachfine nuancearring fan it wrâldbyld is inkeld in bisykjen in tsjinwicht to krijen tsjin dy ôfwêzigens fan relaesjes. Hy stiet sadwaende lyk foar syn lânsman Stifter oer, hwaens hiele wurk mei alle bysûnderheden, sa mei noed gearstald, fuortkomt út in sletten wrâldkonsepsje. By Stifter is it in realisme fan de ynwindige rykdom en folheit, wylst by Kafka in realisme fan de uterste biperking, fan flecht en forsaking waer to nimmen is. It is allegearre gelikenis, mar de gelikenissen wurde nei alle kanten ta útspoun en mei alle kunstgrepen fan in fyn ynleine dialektyk en bitûftens fan variaesje sà donker en geheimsinnich foarsteld, as esoteryske wiisheit mar hoede en biskerme wurde kin. Kafka wie nea net yn steat, him oanienwei oer to jaen oan de folheit fan it libben. Syn erchtinkendheit tsjinoer it sinlike bilibjen fan it bistean roun bytiden oer oan walging, en wearze ta. Syn wiffe sounens spile dêryn net swak by. It wie in soarte fan physiologyske foarm fan nihilisme, as de ûnlusten fan de sinnen foar it ôfgryslike oer lyksteld wurde koene mei it ierdske oer alle boegen.
Kafka is in Kierkegaard sûnder it leauwe oan Kristus, hy ken allinne it forlangen fan de mysticus, mar nea de ûnderfining fan de genede. Wol libbe yn him altyd de hope, dat er troch de ûnderfining fan de uterste tobrutsenheit en yn de dea de omskeakeling birikke soe en de skuld fan de Kreatuer ôflosse.
| |
| |
Syn hiele dichterlike wurksumheit is in wrakseljen om it profete-wurd, om de wrâld ta it reine, wiere, ûnforoarlike to forheffen. Twa wegen lâns birikt er dit doel. De inerlike wierheit is binei to kommen troch bitrousume oerjefte. It iepenstean dêrfoar lykwols is de frucht fan in fuortset stribjen, dat yn 'e ein ta slagjen liede moat. De direktens fan de relaesje mei it godlike, en dêryn leit neffens in wurd fan Goethe de sillichheit op ierde, bleau foar him lykwols ôfsletten. Hy socht treast yn in resignaesje, dêr't irony en fortwiveling op seldsume en nijsgjirrige wize yn elkoar bimongen sitte. Sa nou en dan brekt wol, út oerâlde religieuze en mythyske symboalyske wearden wei, sokssahwat troch as in bisef fan in mooglike forfolling, mar de greate objekten fan Kafka syn wurk bliuwe dochs jimmer de grinzen fan it minsklike en it byld fan it lot.
Kafka syn wurk bitsjut in mylpeal yn de skiednis fan de roman as kunstfoarm. Dizze rebelly tsjin it forstân, dizze ôfstegering fan elts yntellektualisme brocht mei dat de wierheit, de sin en wearde socht waerd yn it ûnderbiwuste, yn de mythe, yn it ûnmidlike, persoanlike gripen fan God. Syn boeken wize net allinnich mei oerweldigjende krêft op de irrationaliteit fan it libben en dy syn hearskippij oer forstân en stribjen, harren grounstoffe sels is de irrationele logika fan de dream. Mar bitize yn dit net fan chaos, siket er lykwols fortwivele en moedich om oardering: syn sintrael thema is de striid fan de minske om ta in nije Sin to kommen. Syn helt is de minske op siik nei Godlike gerjochtichheit, nei Godlike genede. Hy is de Joad op siik nei in plak yn de mienskip, de jongkeardel op siik nei in partner, de ûngelokkige steatsboarger, dy't yn 'e fûke fan de burokraetsy forsyld rekke is. De individuele minske, forstienne yn syn iensumens, hy is Kafka sels yn de striid tsjin de tognjidzjende hearskippij fan syn heit. Hy is de dichter dy't foar in Ieu oerstiet.
Altyd lykwols is it it forliezen fan it leauwe oan, of it bitrouwen yn in libbensoardering, dy't de minske de kâns jowt, as droegene en tagelyk as drager fan in mienskip diel to hawwen en mei to bouwen oan in bistean, trochkrongen fan godlike sin.
De burokraetsy, de ûntelbere ynstânsjes, dy't er yn syn romans skilderet, binne de spegel fan in wrâldoardering, dêr't de mienskipfoarmjende, histoaryske krêften en per- | |
| |
soanlike forantwurding yn trochskrast binne, om plak to meitsjen foar anonime phenomenen.
Kafka syn wurk hat yn de hiele wrâld forheardens en biwûndering oproppen. De talintfolsten fan syn skriuwende tiidgenoaten yn Ingelân: Henry Green, Rex Warner, Graham Green en Philip Toynbee steane yn de ban fan syn persoanlikheit en de Frânske en Italiaenske existentialisten hawwe syn negativens fordjippe en foar in part as doel yn himsels foarsteld. Ek Kafka sels is, sa liket it ús ta, faken yn 'e ôfgroun stykjen bleaun. By him fine wy nea de paradoxale sprong yn it heil lykas by Pascal en Kierkegaard. En dochs is er oant de dea ta syn stribjen trou bleaun, syn stribjen nei it ryk fan in sinfolle ierdske existinsje. Omt er dizze striid fierd hat mei in forbittering, in geast fan opoffering en heroisme sûnder wjergea, is ús dit libben en syn machtich wurk weardefol wurden.
|
|