De Tsjerne. Jaargang 4(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 33] [p. 33] Sjoerd Spanninga: Gedichten. Arke Noach's. Op de floeden en de streamen driuwt de arke fan genede as in skip mei bûnte dreamen troch de siele en har frede. De bigearte leit to sliepen en de lôge dy is dwêst; lâns de wetters fan de hate, dy't safolle moais fordylgen, dêr't de hôven yn forwylgen, sjongt de soen har jubilate as in glinster yn de striele en de bôge oer de rêst, Skou it finster fan dyn herte nou mar iepen, en de douwen lit se fleane yn bitrouwen, ont hja út God's eigen lân mei it grien oliveblêdte koerend keare op dyn hân. Der Bettelstudent. Dêr sitte wy dan wer to kueren yn 'e joun, It jild is op, de lêste byt forkrommelt. Hawar, wy hawwe hjir in daelders plakje foun, Nou noch in faem, dy't mei my kopketommelt, Al hat de warb're wrâld in bulte moais forlern. En leauwe wy de krapte earder as de kranten, Ien ding is bleaun: de ûnskuld fan it bern En 't breidsbêd fan de griene ledikanten. [pagina 34] [p. 34] Nuda Veritas. Wy lizze neaken op ús grize wolvefachten Yn 't ierdedonker fan de eigen nachten, Untdien fan leauwe en sá sûnder treast, Dat net in stjerreflonker fan de geast De tsjusternissen brekt út dize wolken - - Mar ús forbittering stekt mei de dolken, En nearne fynt de leafde mear biskerming; - De wanhoop fan it hert is har omearming.... Balling. By forsin yn 't libben rekke, Doelest hjir op ierde om, Dy't de brogge mei dy brekke, Hâlde harren mûle stom. Men rikt swijend dy de spize Mei de gal en jittik oer. Yn de koele eagen gnize Fûnken as birutsen fjûr. Antyk Tourisme. Oer blauwe séën roeije de triremen Lâns kusten fan in pearelglânzich ljocht. De kobben swit dy gloeije - diademen Op neaken strimen fan it finzen rjocht. Nóch binn' de fuotten boun yn slavernije; De hammer fan de hearsker slacht de maet. Mar 't bloed, dat grime wounen spije, Farvet de rêsteleaze riemen fan de haet. (Ut: ‘Núnders’) Vorige Volgende