[Nummer 2]
Meidielingen:
Der wurdt de lêzers jitris op wiisd, dat der yntkoarten bannen to krijen binne foar de ôfroune trije jiergongen. De prils is f 1.50 per bân fan ien jiergong. Opjaen by administraesje, ek hoefolle en hokker jiergongen men winsket. Der wurdt op oanstien sa gau mooglik to bistellen, oars aventûret men foarby to gean.
Sneontomiddei 26 Febr. wurdt der yn it Kunstcentrum Prinsentún to Ljouwert in Tsjerne-middei hâlden foar lêzers, meiwurkers en oare bilangstellenden. Under lieding fan Fedde Schurer sil der in symposion pleats ha oer de dichtbundel ‘Jolm’ fan G.N. Visser. In sawntal skriuwers en litteratuerleafhawwers sille it algemien petear ynliede, dêr't fierder elkenien oan meidwaen kin. Nei alle gedachten sil de R.O.N. fan dizze middei letter in reportaezje útstjûre.
It bigjint om healwei trijen. De tagong is frij.
Der wurdt op wiisd dat it adres fan de redaksjeskriuwer foroare is;
tonei: Heablokstrjitte 15, Snits.