wie 't dan sa. Dit frjemde, ûnforwachte en dochs sa lang al forwachte, stie er op dit stuit foar en nou waerd fan him feitlik easke, dat er in keardel útmeitsje soe. Wyld kloppet it bloed him yn 'e sliepen. It úngelikense slaen fan syn hert liket it leven hjir boppe to oerstimmen. Alles is spand yn him.
‘Toe, ju, dou moast der hinne. Der hinne!’, flústeret Jantsje him ta, wylst har earmtakke him feninich yn 'e side stompt.
De stim oare kant de doar komt har nou driigjend tomjitte. Twingend giet de doarskruk op en del en bytiden heart it wol, as lit ien him mei syn hiele gewicht tsjin 'e doar oan falle.
Dan, stadich, komt der libben yn Wiltsje. Grimitich stean syn kaken opinoar as er Jantsje oansjocht en er ûnderwilens de tekkens fan him ôfslacht. Hy wurdt ynienen kalmer, liket it wol. Mar Wiltsje sels is 't krekt as giet in oar foar him fan bêd ôf en as docht in oar foar him de sokken oan en de badjas om.
Nou stiet er foar de doar en sjocht fan tichteby it biweegjen fan 'e kruk. Oan de oare kant fan dizze feilige skieding stiet nou dus dat ûnbirekkenbere. Mei wapen of sûnder wapen, faeks wol mei mear as ien man.
‘Hwat moat dit?’ balt er, wylst er de kruk beet kriget.
‘Doar op en hastich!’, is 't fan de oare side.
‘Net sa'n greate bek, wol?’ Wiltsje werom, ‘witst wol, dat ik de plysje hjirwei biroppe kin?’
Efkes stilte oare kant de doar.
‘De tillefoan is stikken, man. Jo dogge neat oars as de doar op en dan as de donder de kaei fan 'e klûs. En oars giet de brân der yn, bigrepen?’
Oars giet de brân der yn, de brân der yn, tinkt Wiltsje. Hwat hied er noch mar in bytsje ûnderfining op dit stik fan saken. Hjir hied er ommers nea by tocht.
‘Ik kom by dy, doch mar efkes tiid’, ropt er werom.
‘Oh, Wiltsje, hoe silst dit ha. Tink om dysels’, himet Jantsje yn 't bêd.
‘Och ju, hâld dou dy de bek’, hellet Wiltsje yn syn senuweftigens tsjin har út. ‘Moatstou dy hjir nou ek noch yn bijaen?’
Rislút rint er nei de kast. Hy trillet al hwat, mar dat kin ek fan 'e kjeld komme. Yn 't kartonnen doaske, alhiel yn 'e