De Tsjerne. Jaargang 4(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 9] [p. 9] Marten Brouwer: Oceanysk. gjin reden gjin doel, finzen yn inkeld mislearre langst. forgees de wacht oan de grinzen fan leafde's elysium. nea sille dyn lytse hannen hoeden roere myn lea om de mismoedige tinzen en tûzen wanhopige winsken en alles wyld to oerglinstrjen yn ien dwylsinnige pea gjin leafde gjin haet. jimmeroan inkeld mislearre langst. stadich sakje de ûren fan ûntwikend petear. hertstocht, ûnderbiwuste, barst letter earst iepen. yn de allinne-sfear barnt tsjuster syn gloede oan't ynienen it witten skrillet: hwat jowt it mear prinsesse spried my dan ienris ienris - wide ûnnimbere sé - dyn wêzen glinsterjend iepen en ik rin rjuchtút oer it wiete sân dwers troch de brânning om, it brûs op 'e sliepen, langsum rêstich en frij yn dit opstigend wetter it lot oan 'e lippen to fielen: Kin ik dy net drinke, drink my! Vorige Volgende