De Tsjerne. Jaargang 4(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 8] [p. 8] Kees Jongsma: Lietsje. 'k Wie jong, ik bistie fan it foarmjen Fan it libben dat komme soe: As in kening de wrâld trochstoarmje, Mei in frou dy't my hawwe woe. En ik woe it yn fersen bisjonge, Mar och, men wit hoe it giet: Dy frou dy joech my in jonge, 'k Forgeat dat der oars hwat bistiet Nou hear ik wol by de kalmen - It lok is in wûnder geniet - Mar in keatling brekt gau út 'e skalmen, In libben rint licht út 'e tried. Mar ik hâld fan de hieme geroften: De bolle dy't hoart oan it tsjoar Under Fryske Maitiidsloften, Frou en bern om 'e bûthûsdoar. Sa wol ik myn hert net slope Mei smert om in lyts fortriet, Licht brekt wol de trie, mar de knopen Dy wurde in sang en in liet! Vorige Volgende