De Tsjerne. Jaargang 4(1949)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 7] [p. 7] O. Postma Fan fuorgen en sleatswallen. Dit moast nou myn lêste dicht wêze. Net mei ljurkesang, en bloei fan hagedoarn - dat kin elts wol - moast ik foart gean, Mar mei it needrichste fan 'e greide, as ien dy't de ierde bilibbe hat. Fuorgen en sleatswallen jowe it fryske lân syn stal; Nei de fuorgen bûge de ikkers har ta, nei de sleatten de gewinten. Yn 'e fuorgen hast freugdich it streamke sjoen, as it muormljend it lege siket; Yn 'e wâllen hast diken en havens boud yn dyn lustich wrotterslibben. Mar dan wer de sleatten yn blanke skyn, wiid út, yn 'e donkere lânnen. Op 'e sleatswâl siet Rembrandt, doe't er Diemen úttekenje woe; En ik hie der myn sté om de wein mei melkersfolk de lânnen út riden to sjen. De wein rattelt oer 'e reed, de efterútse lânnen yn; Fierder, al fierder! Hwat bochtet dy wei! Sille hja in libbenstiid troch ride? - Mar dan sjoch ik Durk Ottes, dy't ik wol kennen haw, en Ljubbe fan 1300 út it skiere opkommen.... It sil bistean, sizze hja; mar hwer is de terp fan Durk Ottes bleaun, en it hûs, en al it wêzen? De groun is dochs it fêste, dat bliuwe moat! ‘En dou, mei dyn fuorgen en sleatswallen, hwer sille dy keare as de produksjekosten omleech moatte?’ En - siz ik sels - as de kolchozen komme? En as der misdiedigers forskine, dy't hele foltsen oerplantsje wolle, - Of oars mar foartdwaen, lyk as Durk Ottes Akke har túntsje? O, allinne yn 'e Geast kin eat bihâlden bliuwe! Vorige Volgende