tusken de monografy fan de learde philolooch en it mienskiplik, iepenbier bisit fan gâns wittenskip, leit jitte in lange wei to gean.
Yn it litteraire ramt fan Europa is it net allinnich in eask fan folsleinens dat men rekken hâlde moat mei de lytse litteraturen.. Men soe net genôch sizze as men opponearre dat harren ôfwêzigens tominsten wite plakken litte soe op 'e tael- en folkekundige atlas, sels al achtet men de kulturele atlas genôch foltekene troch de greaten. Noch party oare arguminten pleitsje foar de ‘Jiskepoetster’-litteraturen, en ik sil my der hjir ta bigrinzgje twa derfan neijer to skôgjen: allinne hja binne, elkmis op eigen wize, de folweardige en presize útdrukking fan it folk dat har wêzenet; allinne hja fortsjintwurdigje, yn in wrâld dy't roungear liket to gean ûnder it swiere wicht fan syn al to ryk kultureel forline, in prinsipe fan selsbiwuste libbenskrêft en fan waeksdom nei de takomst ta.
It forskynsel litteratuer is strang boun oan de factor sprake; de tael fan in litterair stik is, om syn ynhâld hinne, it lyktidich weefsel, it elemint dat, yn oarsprong en wêzen, perfoarst net to forfangen is. Elts dy't him der wolris op útlein hat út ûnderskate talen yn syn eigen hwat oer to setten, wit foargoed hwat by de oersetting libjen bliuwt en hwat der forlern giet, krekt as woe it him fan de oarspronklike tael mei gjin mûglikheit loslitte. En nou is it krekt dat eat dat, troch de wei fan de wurdmatearje, de lûden en de rhythmen, it djipste wêzen útdrukt fan it folk dêr't it gedicht of it forhael ta biheart - en dat folk soe op gjin stikken nei sa goed útdrukt wêze yn in oare tael as sines. Tinke yn it Spaensk, yn it Dútsk, yn it Russysk, dat is by einsluten net in healwize klucht. Mar dan hat elk folk dat in tael ryk is, syn tael, syn libben eigendom, it folsleinste rjocht om him to brûken, op 'e selde wize as men it tastiet syn eagen en syn hannen to brûken - en gjin inkelde wet fan steat of partij kin him dat rjocht ûntkeare.
Datjinge hwat in folk skriuwt yn syn tael is suver, is echt, is wier, en it is tagelyk it bitrouberste ynstremint foar de kennisse fan syn siele; de frjemde litteratuer, hoefolle tagedienens en geastdrift er towekker meitsje mei, sil yn de eigen tael net mear as it oerflak wearjaen, sil útrinne op neibauwerij en exotisme. Men kin jin noch tobinnenbringe it ûnwitten greate forskil tusken de neidichtingen dy't de Romantici fan de foarrige ieu joegen fan de folkslieten op