De lêsten of de earsten?
Der hat in tiid west dat Fryske litteratoaren harsels yn grammitige spot de lêste fan 'e Mohikanen neamden. Hja fielden har de boelbirêdders fan in faillite kultuer, dy't gjin kar hiene as mar trou bliuwe oan it lêste ta.
Sa hawwe ek forskate swartkikers it initiatyf fan de Tsjerne bisjoen: in blinkje foar de dea; krekt hwat foar de oarlochs- en nei-oarlochsjierren, doe't nammers alles koe.
Ek wy hawwe faek ús hert fêsthâlde moatten. In ûndernimmen as dit is inkeld mei idealisme en goede moed, sels mei talint net to rêdden. It hinget mei ôf fan faktoaren dy't wy net bihearskje noch oersjen kinne. Wy hawwe ús foargongers hawn: Iduna, Foar Hûs en Hiem, Forjit my Net, Frisia, Tsjûgenis, de Holder - hja binne stik foar stik de wei fan alle flêsk, of miskien kin men yn Fryslân better sizze de wei fan alle geast gien. Dizze geast wie wol willich, mar it flêsk dat dy geast ûntfange en drage moast, swak. It gong mei Fryslân as mei dy stikken bou op biskate sângrounen, dy't stadichoan ûntwettere wurde en oergeane yn wyldlân. Elk gewas, ek dat fan de litteratuer, hat in boaijem nedich om op to groeijen, en dy boaijem moat syn gerak ha.
It ûntbriek Fryslân, dat die iderkear wer bliken by it mislearjen fan elk nij initiatyf, oan ûndergroun. In litterair tydskrift hat in kearn fan lêzers nedich, sil it bistean bliuwe, en as dy kearn inkeld foarme wurdt út hwat der fan de biwuste Fryske biweging oerbliuwt oan minsken mei litteraire bilangstelling, dan biklinkt hja hoe langer hoe mear.
De Tsjerne hat by it yngean fan syn earste jiergong dúdlik útsprutsen gjin biwegingsorgaen wêze to wollen, en hja wol dat hjoed de dei jitte net, mar dat nimt net wei dat hja mei de biweging to meitsjen hat, en it al of net slagjen fan de biweging foar har in kwesje fan bistean of net bistean is. Dat bistean hinget, sa't wy seinen, ôf fan faktoaren dy't wy net bihearskje noch oersjen kinne. It is foar in great part in konjunktuerfrage.
Dy konjunktuer hawwe wy hjoed mei.
It lêzend publyk yn Fryslân bistie eartiids út in tal palsteanders, dy't niget hiene oan idioom en histoarje en folklore. Dit biheinde de skriftekennisse ek, de inkelde wanhopigen dy't skreauwen op hope tsjin hope útsein, ta de neamde terreinen, en ûntnaem har de mooglikheit fan breder wjukslach, fan fordjipping en forheging. Dit wol sein wêze mei