[Nummer 1]
Meidielingen:
De lêzers wurdt bikendmakke dat der yntkoarten bannen to krijen wêze sille foar de ôfroune trije jiergongen. De priis is f 1.50 per bân fan ien jiergong. Opjaen by administraesje, ek hoefolle en hokker jiergongen. Sa gau mooglik bistelle, tal is biheind.
Der wurdt op wiisd dat it adres fan de redaksjeskriuwer foroare is;
tonei: Heablokstrjitte 15, Snits.
Yn ien fan de folgjende nûmers pleatse wy in artikel fan de Weenske litteratuerkenner Dr. Johann Lentner oer de greate Eastenryks-Joadske skriuwer Franz Kafka. Dr. Lentner winsket dit artikel biskôge to sjen as in bydrage ‘zum gegenseitigen besseren Verständnis unserer beiden Länder’
Yn Febrewaris sil der foar Tsjerne-lêzers, -meiwurkers en -freonen yn Ljouwert in Tsjerne-middei hâlden wurde mei in symposion oer de dichtbundel ‘Jolm’ fan G.N. Visser. Plak en datum wurde jit bikendmakke.