De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 271] [p. 271] Marten Sikkema: Nocturne. Omdoarmjend op de grins fan 't sliepen Mient hja de finsters hommels iepen Op 't heimich rûzjen fan it hôf; De giele moanne glimket liep en Troaiket âld-spoeken út ta rôf. Hja heart de wûnderlikste wizen En sjocht hoe't út bitsjoende dizen In frjemde gondel lûdleas driuwt En sjocht út klimmer ranken rizen Don Juan, hwaens helmplom lokjend wiuwt. As heit en mem mar net ûntweitsje, De saters yn 't strewelguod laitsje Krekt oft der earne stellen wurdt.... Nou sil hja 't langforwachte smeitsje, Oer 't kjessen skrabet divelsburd. Bleek skout de moarntiid lâns de glêzen, Hja wit: hja sil net mear genêze, Hja is fan tsjustre dreamen skeind. It blomt leit yn it tún biferzen, Towâdde fan in wrede feint. Vorige Volgende