De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 272] [p. 272] Marten Brouwer: Springtij Nou't wrâldsé heech riist foar de stâl hwer't koartsich Europa machtleas krôllet, en nije smert wankt hwer't de tropen brekke beag' en stringen fan ieuwen her, en 't woest kriichshaftich bern der sânwoestyn it folk der bisnienen leit oan 'e drompel, en nou't de haetflam skroeit de miljoenen yn 't eastersk wrâldryk ûnder de faen fan de giele draek of hammer en sichte nou leit lyts Fryslân rêstich to drôgjen bylâns d' âld dyk en heàrt net de driging fan 't wylde wetter dat al stiichde oan't foar de kimen, heàrt net de lôge dy't de bynten fan 't wrakke hûs ynwindich formôget, heàrt net de skreau fan hwa't al omspiéld en weislein wurde ûnder de floed dy't nou rounom stiet en net ebje sil foardat al hwa't hjoed jit leaut oan [pagina 273] [p. 273] it iene Walhalla foar 't eigene libben aenst de Dea de eagen bispringt by 't heech en machtich kanteljen fan it lêste tij. Jannewaris 1948. Fers. Bernliker is wol gjin folk as dit stymske, gnizende, swiere, dat spotslacht oer bloedige earnst en mismoedich swingelt de liere, hwant hiem is de misse draei hjir fan âlds, neffens oerurven wenst. It let ommers neat foar dit skaei, soe syn bernskens ta d' ûndergong fiere. Guodliker is wol gjin folk as dit bêste, noegjende, golle, dêr't frjemd om 'e tafel skikt en it eigene bern wurdt tofolle, mar al yt men der sels net fan - as it mar foar de tiken rikt. It let ommers neat, wol in man syn eigen grêfkûle dolle. Deugdsumer is wol gjin folk as dit lytse, fredige, fromme, dat it ieuwen biwende lot oan it boarst leit yn sillige slomme, allinnich in tankbere sucht bytiden preuvelt foar God. It let ommers neat, moatte rjucht en frijdom yn bidsliep forkomme. Vorige Volgende