De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Marten Sikkema: Quo vadis Dit oan to sjen: de wûnderlike berte Fan maitiidsblommen út biferzen groun, It simmersoeijen oer in wrâld, ûntboun Yn bûnt gewaeks en sulverblanke fearten, De neakne fjilden, yn harsels bisletten Under it rûzjen fan 'e hjerstge joun, De streamen yn 't bistoarne reid forroun As winterdizen weve oer de sleatten - En net to freegjen: hwerfandinne komt en Hwerhinne giet men, sa't in reizger tsjocht Hwaens wiis bitrouwen eltse tael forstiet: It jûchjen fan 'e ljurk dy't kliuwt nei 't ljocht, It byljen fan in houn yn iidle romten Binne him strofen fan itselde liet. Vorige Volgende