De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 221] [p. 221] D.A. Tamminga: Moeting Ik wit de joun jit dat ik War Dy siet To lêzen op 'e bank foar de âlde klint. Dat dit bistie, ik hie der nea op sind, Mar 'k wist tonei dat ik foar Fryslân stried. Op Utflecht skreau ik in útskroeven liet Mei ryklik stêfrym en enjambemint. De Lietsjesjonger, sympathike fint, Droech ik myn maten foar, in wûnder wie 't. Sûnt hat it hert yntard oan tears en froms En kearde gâns hwat winst liek ta forlies. In jonkheit wurdt ûnkearber ta forline. Mar as ik Fryslân, faei en ûndermine, My tink as in forlerne skâns, dan soms Wit ik de joun wer dat ik War Dy lies. Vorige Volgende