De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Willem de Jong: It stedtsje Eilân fan deade grêften sliepende wâllen en dwingers. En dêrefter: brún-reade gloppen, it iepen Djip, mei de blanke speegling fan 't mozayk der ranke gevels, de útstoarne merk, wijd sté fan lang forfleine kultus, nou in nij ljocht opheinend, en de griene, slomjende grêften ûnder it giele line-tek. De dagen jowe yn dimmen forrin in licht fortier yn de glinst'rjende strjitten, stabyl geskrep om it deistich gewin. Soms driuwe út in finster, fragyl en alles lústerjend, forsille klanken fan in nij en oerâld liet. Vorige Volgende