De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 222] [p. 222] Gerben Brouwer: Ienkear, as alles stil is - Ienkear, as alles stil is, Bliuwt inkeld noch in liet, Dat sûnder wize en wil is, Sadat it sêft forgiet. Nea wie in hert sa skruten As foar de greate sliep: De nacht taest oan de ruten. - De rôver en it skiep. - Der hat in griene miede Under de stjerren lein - Himel, hwer is dyn ierde, Ierde, dyn himel tein? Der is in rôver kommen. It wetter fan 'e saed Is út myn biker nommen - Mar oer in tsjuster paed Komt troch it fjild de Hoeder Fan alle minskebern: De kweaden en de goeden Binn' yn 'e nacht forlern. Hy komt en bringt oan beide It brea en de reade wyn. - Der wie in griene weide, Dêr songen de fûgels yn - De mar hâldt op fan blinken: It ljocht dreau út 'e dei. In harp hold op fan klinken. Der is in dichter wei. - Vorige Volgende