De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 223] [p. 223] Y. Poortinga: De wyn As de wyn der net wie: Tink eris oan.... Hwa drifke de wolkens oan 't blau omheech, De flechtige skaden oer 't fjild? Of hwa joech oan 't reid dan dat wif biweech, Sa't jimmer it deldûkt en tilt? As de wyn der net wie: Tink eris oan.... De weet en it weagjende koarn stien' stil, Der waeide gjin swietrook fan 't swé. It ljocht yn 'e feart fonkle nea sa gril, Gjin dampen wâllen út sé. As de wyn der net wie: Tink eris oan! Hy rûzet - syn godlike oarsprong nei - In liet dat ik lofsjonge wol, Sa sterk as yn 't earst op in skeppingsdei, Fan tiid en fan ivichheit fol. Vorige Volgende