De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Freark Dam: Grinsgebiet Ik klei net mear. Ik mei it ljocht wol lije, Dat, as it jounet, glâns oer alle dingen leit, In wale jowt oan bylden fan 't foarbije En oan 't goedkeap geglinster fan 'e werklikheit. Mar wij binn' frjemden. Alle formules, nammen, - As skildre Smirnoff ‘Persil’ yn 'e loft - Staevrje wij stadich nei. Dan, nei in skoft, Keart men jin ôf: to wurch, to indolent binammen. Mar 't let net mear. Wij stean al oan 'e grinzen, In dei, in moarnsskoft jitte, sûnder doel en stjûr, Hâldt ús dit nimmenslân misskien noch finzen. Dan, op in nacht, tsjogge wij blynseach oer. Vorige Volgende