De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 224] [p. 224] Geart Jonkman: Oertinkinge (twa sonnetten) I. Dyn mem houd greatsk Dy op har earmen ienris Mar sûnt is der wol ien en oar fornield Dyn foarlân waerd biskreaun yn Genesis En mannich tsjinstfeint hat Dyn needlot dield. Sjoch nim my nou net kwea as 'k jitris né siz Ik leau net yn in leauwe dat sà pielt Dat alle freugde wurdt ta leed, o Jezus En elke dei syn âlde wounen fielt. O neaken Kening sûnder glâns of sinten Dû libbest troch yn âlde perkaminten Men giet Dyn libben mei de finger nei En hammert yn syn lusten dei oan dei Dyn woune lichem oan twa krúste latten Om mei Dyn toarst en pine jit to spotten. II. Ik sjoch Dy jeijen op Dyn wolkewein De wearljocht út Dyn eagen spjalt it rom Dû hast de swipe oer de rêgen lein Bisiele fan ien wittenskip: Ik kom. De âlde ierde is wol hast tonein Der riist in nij Jeruzalim út skom En jolm, en hwa is net forslein En bidt yn lêste wanhoop om in bom?! Mar nimmen sil Dy heine yn Dyn gong Dyn swurd is skerp en út in gouden long Skalmeit Dyn lûd de fierste kimen lâns. It slavejok brekt yn optein jûchhei Dû komst as Kening en Dyn folk is frij En al hwat ammet krijt in nije kâns. Vorige Volgende