| |
| |
| |
[Nummer 8]
Willem de Jong:
Njoggen gedichten
Nachtliet
en koart is it skoft fan ús dreamen
en de tiid dêr't de tiid yn forsinkt
en dêr't wy yn stige en sinke
De nacht is koart en bros
en flechtich binne ús ivichheden.
Lit ús mei hasten de tocht ûndernimme
en de lôgjende kusten winne,
en ús nacht brekt yn in oare nacht.
| |
Fordronken nacht
Ierde is dûnker en sûnder geflûnker,
en sûnder geflûnker fan eagen
Hâldd' ik de wacht by de fjûren?
Sûnder it strân en it fjûr
in poel, grounleas en swart,
in dracht fan tsjusterheden.
| |
| |
| |
Libbenstreast
Oan myn paden slút it blomte har ta,
socht it ljocht forskûl yn de hagen.
Feal forglieden de nachten yn fealer dagen,
leech forsonken de dagen yn leger nachten.
'k Lei wrokjend oan in kust,
deun by in doarp, grien, forgetten,
hoe't jounsklokken letten,
fornaem in liet dat fammen songen,
en seach hoe't, starich, boeren
oer rounjende ekers op hûs yn gongen,
en harke nei it brekkende koeren
en fielde it libben tinen,
en wist mei hieljend witten:
nei elk skrinend flechtsjen
omt ik it mjitleas bimin.
| |
Carpe Diem
ik hear it hynder al jachtsjen
en fiel de wyndering kommen;
sjoch, hoe't de kontouren kantelj'
en de dei yn bloed forrint;
| |
| |
| |
Lêste maitiid
yn in holle, sinleaze rein;
ûnder wolken dy't, sêd fan drôfenis,
net fierder driuwe wolle;
en àl mêdder kleije de winen
troch it hôf dat bang is,
en troch it faeije byntwurk
dat skimich nei it swurk grypt,
en àl goarder wurdt it ljocht,
dat troch de barstene glêzen
fâlt oer de diggels fan de hurd.
Wy wachtsje, wang oan wang,
| |
To lette maitiid
Ik haw myn finster iepenstaet
en hear hoe't de guozzekloft raest
en hear de driftige wyn yn de esk
en hear hoe't it finster hoart
en it bloed alle bannen forbrekt
Ik haw myn finster iepen set
mar bin in libben to let,
| |
| |
| |
De reade frou
Gods bleke tsjinner preket
oer de greate floed en de kommende brân,
en oer it fleurich wêzen foàr it stjerren,
tong'rjend tsjin it longerjend bloed
De lette sinne streamt bros
en weeldrich troch de bûnte ruten
oer it bûgde, skrutene Folk;
en as, tusken flok en oardiel,
mei klam de stilte stiet,
fluitet in fûgel syn frjemd-
wémoedich en útdaegjend liet.
Hy sjocht in wite hals en weake lippen
bitter lokjen yn it skimerich portael,
it spottend hifkjen fan twa eagen,
en wifket tusken 't ierdske fan ien nacht
en 't boppe-ierdske fan in ivichheit.
| |
Fata morgana
Alle reizen wykt it fataelder,
alle bylden wurde banaelder,
elke boarne makket toarst'ger,
o miensumens, dy't my iens'mer lit,
hichten, dy't my djipper stjitte,
winst, dy't jimmer is forlies.
By elke omearming ûntkomst my wisser.
| |
| |
| |
Dévaluaesje
Toeve hja net efter de klingen
en soe hja yn blinkende priel
net ienris de leanen delgean
nei myn noegjend kastiel?
Hoe soene de fivers iepenspringe,
hoe soene de ruters har forkringe!
Dû komst út skaden fan wylgen wei
op myn iensume klinte ta,
lâns paden dy't mank flechtich grien
fan kroas en hagen rinne.
Lea, de roazen binn' forgien,
help my in hechter dream to winnen.
|
|