Hepke woe him yn 't earstoan noch wol oanpasse by har wensten en gewoanten, mar doe't dat langernôch duorre hie, woed er dan ek wolris hwat tichter by har komme. It moat in fanke west hawwe fan molke en bloed. Elly warde dat ôf: soks koe net earder as dat er it tawurd fan har heit krige hie.
Soks achte Hepke licht: ‘Hie dat mar earder sein, fanke.’
Yn 'e Sneinske klean stie Hepke op 'e hege blauwe stoepe, hy easke de baron to sprekken en joech syn kaertsje oan 'e man yn it streke jaske.
Sjoch, Hepke rêdde it der ôf en waerd talitten by de baron, dy't efter in machtich bureau siet en freegjend de foarholle yn tearen loek sûnder in wurd to sizzen.
Mar Hepke wie yn 't minst net forfeard, hy tinge yn 'e meast folsleine foarm om 'e hân fan 'e jongste frelle.
De baron liet him útprate en swei. Allinne roun syn antlit read op, poarper moat sahwat sa'n kleur ha. En doe't Hepke útpraet wie en it tawurd wachte, loek er oan in skille en tsjin 'e ynkommende feint boldere 'r: ‘Smyt dy fint der út!’
Hy koe Hepke net fansels, oars soe er dat net sein ha, dy liet him der net útsmite:
‘Is dat jou antwurd?’
‘Der út, der út!’ raesde de baron, ‘fuort, fuort!’
Hepke gyng, nei't er earst syn bûging makke hie, sa as dat foarskreaun stiet, kalm en mei de holle omheech.
Hoewol't Hepke ynwindich kûgelsk wie, wie op dat stuit foar de baron jit net alles forlern. Dàt kaem earst doe't er efter in doar de stim fan Elonora hearde dy't heech úthelle:
‘Nou is dy idioat nei ús heit tagien....’ It lûd gyng oer yn in skatterjen, sa'n útlittene wille hie dat fanke om dy fortoaning.
Hepke moat doe justjes witer lutsen wêze en in tel miskien hat er stilstien op 'e gong, langer net. Mar dit die de doar ta. Foar de baron en foar it fanke beide bistie der gjin genede mear.
De oare jouns om 'e selde tiid skille Hepke op 'en nij oan it machtich hûs. Dizze kear hied er gjin kaertsje by him, mar in ladene nijmoadrige revolver. (Dêr moast men wer Hepke foar wêze om oan sa'n ding to kommen.)
‘Mynhear op syn keamer tink?’
Sûnder antwurd ôf to wachtsjen stoep er de forbouwerearre feint foarby as wenne 'r dêr, hy wist it paed.
Yndied, mynhear wie op syn keamer, de situaesje fan mynhear syn kant wie winlik as twa drippen wetter lyk as fjouwer en tweintich ûren earder, mei dit lytse forskil dat syn antlit diskear net read, mar min ofte mear pears waerd.