| |
| |
| |
Anne Wadman:
Kronyk fan it proaza: Reinder Brolsma, skriuwer fan in ylluzy.
R. Brolsma, ‘It Heechhôf’, fyfte printinge.
Des., ‘It Aldlân’, fjirde printinge.
Des.,. ‘Richt’, Brandenburgh & Co., Snits 1947.
Fryske Bibletheek, nû. XLIII.
It mei miskien in hwat ûnforwachte en net bot tapaslike formule lykje foar it wurk fan in skriuwer dy't sa tige syn siel en sillichheit forkoft hat oan de wurklikheit, dy't sa tige it libben fan it Fryske boerelân, fan de boer, de arbeider, de doarpsminske en de lytse stedtsjer yn syn litteratuer forarbeidet, dy't it sa tige oanleit op it biskriuwen fan de hurde realiteit fan dyjingen dy't oanwiisd binne op 'e striid mei de groun.
En dochs: de skriuwer fan in ylluzy. De ylluzy fan in forboun tusken groun en minske, dy ylluzy fan in Fryslân dat forlern gien is, of alteast op forlern gean stiet, net allinne ekonomysk mar ek kultureel en ideëel. Brolsma bisiket dy forgiene of forgeande wurklikheit fêst to hâlden, fêst to lizzen, bywize fan dokumintaesje fan in weardefol en soms jitte neifolgensweardich forline. Sadwaende is syn wurk de wjerslach fan in ylluzy, fan in forlerne dream: it Fryslân fan pake en beppe, en fan ús âlden ek noch. Hwant sterk libbet by Brolsma it gefoel foar generaesjes, it sprekt hast út al syn romans en forhalen. It is in typyske eigenaerdichheit dy't men fynt by de realisten en naturalisten fan 'e famylje- en boereroman.
Nou is der de lêste tiid yn Fryslân fan guon kritici folle mins sein oer de boereroman. Hja sprieken en sprekke fan in oerstallich genre, in genre dat gjin perspektyf mear hat, en dat yn syn oarspronklike greatens en suverens oantaest wurdt fan ûnbikwame epigonen, dy't it boerelibben forromantisearje, de psychology fortutearzje en in rûch omskot fan libben jowe sûnder djipper ûndertoan en ynhâld, - dy't boppedat Fryslân litterair isolearje, yn in tiid dat it him net isolearje kin en mei. It is allegearre wier: de boereroman, goed of net goed, is mar in genre ûnder folle oare genres, en it mei dan yn Fryslân yn 't bisûnder hiem wêze, dêr't it ûntbrekken fan in soune Fryske stêdskultuer him alle dagen jammerliker fiele lit, - dat seit noch net dat in Fryske litteratuer, sels in Fryske folkslektuer,
| |
| |
gjin oare kânsen ha soe as lâns de wei fan elkoar narjende, greatske en stiifkoppige Fryske boerestagen. Mar ek dit is wis: der skûlet yn dit forsmitend oardiel bihalve in fikse poarsje taktyk-út-idealisme, ek in gefaer foar generalisearjen. It wol my oan, dat in skriuwer as Brolsma maklik slachtoffer wurdt fan sok generalisearjen. En faeks is er it wurden al. Dêrom is it faeks tsjinstich effen yn omtinken to bringen hoe't Reinder Brolsma, men mei dan oer syn skriuwerskwaliteiten tinke sa't men wol, dochs mar de man is dy't dit genre foar 't earst yn Fryslân bioefene hat. In skriuwer as dizze, mei in steat fan tsjinst en in foar Fryske forhâldingen seldsume lange list fan wurken, makket men jin net fan ôf mei in litteraire leuze, hoe rjochtfeardich dy wêze mei yn biskate omstandichheden. Brolsma skreau Fryske romans yn in tiid dat der bynei nimmen wie dy't soks oankoe en oandoarst, yn in tiid ek dat men it om 'e sinten better litte koe. En it mei dan wier wêze dat syn genre yn hannen fan in steltsje domme en op guodkeape sentiminten figelearjende neifolgers, langer sels gjin ynvektiven mear wurdich is, dit mei ús net wjerhâlde ús hulde to bringen oan dyjingen dy't Fryslân in eigen, wie it yn earsten jit biheinde, romankunst jown ha. Der hat in tiid west dat Fryslân yn de twa of trije jier ien roman forskinen seach, dy't net fierder kaem as in biskate rounte fan biwûnderjende insiders, dy't forduldich twa of trije jier útseagen nei in folgjende. Dat wie de tiid fan Simke Kloosterman en Reinder Brolsma. Der is in oare tiid kaem, en de roman-printwurkjes flodderje hjoed de dei winkel yn winkel út, húskeamer yn húskeamer út, geasten yn en geasten út. Faeks moatte wy tankber wêze foar dizze yndustry (de moderne tiid freget nou ienris yndustrialisaesje), en de boekeyndustry wiist yn alle
gefallen, sa net op in ryk litterair libben, dan tominsten op it oanwaechsjend forlet fan lektuer yn 'e eigen tael. Mar klearebare winst is it net, en soms kin men redeleas ûnwennich wêze fan dy goede âlde tiid doe't elk fan dy romans in evenemint bitsjutte foar de leafhawwers en doe't men jin oan de dierbere ylluzy noch bidrinke koe, sûnder gefaer op universele dronkenskip.
De ylluzy fan Fryslân, nimmen hat dy mei mear trou en mear soarch ûnder wurden bracht as Reinder Brolsma. Nimmen ek hat lyk as hy wraksele mei dizze ylluzy. En nimmen is der as hy it slachtoffer fan wurden. As de moderne Fryske boereromanprodukten by foarrie ta weismiten keard binne, leit him dat oan in tokoart oan talint, yntelliginsje en originelens. As dy fan Brolsma har oandiel krije yn dy algemiene foroardieling,
| |
| |
dan leit it him oan de tragyk fan 'e oanfretten ylluzy. Dêr't syn wurklikheit en syn ylluzy jitte oer elkoar hinnefalle (de wurklikheit fan de greate Fryske boer dy't syn gerjochtichheit biheart en bihearsket as in kening, en fan de lytse boer, dy't himsels wrottend en wramend ûndergean wit yn 'e draeikolk fan 'e maetskippij, - de ylluzy dat dit sa heart ienfâldich omt Fryslân Fryslân is), - dêr't dy twa jit oer elkoar hinne falle, is Brolsma syn skriuwerskip op syn bêsten. Dêr wit Brolsma út syn gegeven alles to heljen dat der mar oan wurklikheit èn ylluzy yn to finen is, dêr komt er ta in treflike synthese. Wy sjogge it oan syn earste roman ‘It Heechhôf’, dy't (on revient toujours à ses premiers amours) nou ta in trilogy útdijd is. Dêr't wurklikheit en ylluzy út elkoar reitsje, dêr't har tusken de âlde ylluzy en de âlde wurklikheit in nije wurklikheit en in nije ylluzy skouwe, dêr ûntkomt ek syn skriuwerskip net oan 'e spjalting en de ûntbining, - wy sjogge it oan it lêste diel fan de trilogy, dat koartlyn ûnder de symptomatyske namme ‘Richt’ it ljocht seach. Hwat yn it ‘Heechhôf’ noch ûnoantaestber as ylluzy oanwêzich is: dit is Fryslân en dat kin net oars noch mei net oars, falt yn it lêste diel oan in nije, skytskoarjend ynhelle en bigroete wurklikheit ta bút, sûnder in nije ylluzy fine to kinnen. Bokke en Richt meije dan yn in opgeande tiid en troch f ûleindich hoekhâlden de skonken ûnder 't gat krije en op in glorieuze autotocht troch Fryslân en by de âlde plakjes fan eartiids lâns har forline foargoed fan harren ôfsette troch it yn har to fortarren, djip yn ús forsette wy ús tsjin dit
happy end fan 'e nije wurklikheit dy't yn dizze auto symbolisearre wurdt, omt wy hjir gjin nije ylluzy yn priuwe.
Dit allegear op himsels wol utersté net sizze dat de lêste roman minder yn kwaliteit wêze moast as de earste, allinnich dat dy lêste minder oertsjûget, minder meinimt neigeraden er it mear ha moat fan de âlde plakjes fan eartiids, neigeraden hy him mear fêstklamme moat oan de âlde ylluzy. Yn ‘It Heechhôf’ is dy âlde ylluzy noch folslein oanwêzich en wurdt er net oantaest fan 'e aktualiteit. It ‘Heechhôf’, it útsloerde stjelpke dêr't Jan en Folkje mei de bern har heukerich en dochs net mislearre libben fuortsette, is foar ús fielen net boud, mar hat der altyd west, is it symboal fan in forline dat it hjoed trochkringt mei in ûneinige leafde en tagedienens. It boek dat om dit heukerich bistean mei syn lytse freugden en by einsluten ek lytse rampen hinneboud is, jowt in synthese dy't fan gjin inkelde aktualiteit, hoe ticht it boek ek oan dy aktualiteit takomt, oanfretten wurdt. De wurklikheit is hjir de ylluzy sels. It ûngelok
| |
| |
is it gelok sels. Dat is de greatens fan dit boek en teffens syn biheindens. De irony is hjir noch gjin helpmiddel tsjin de oanwinnende twivel oangeande de ylluzy, lyk as yn it lettere wurk. Men hat Brolsma wolris forwiten dat hy tofolle ôfstân nimme soe ta syn persoanen en objekten, dat er alles tofolle sjen soe mei in min of mear koele, reservearre irony, lykas de Kleinmalerei dat plichtet. Nou is it ironyske elemint goedbisjoen mar swak yn dit wurk, en it ôfstânnimmen in fiksje yn 'e mûle fan harren dy't biweare dat in skriuwer lûdop mei syn sujetten lykop frije, skrieme en bjalte moat. As Brolsma ûntwykt yn 'e irony en distânsje nimt, mei men dat net op rekken skriuwe fan in to min oan leafde en tagedienens, fan in to min oan ynwindige dielnimming, mar oan stadich oanwinnende reserve foar de ylluzy oer. Brolsma, binammen yn syn letter wurk, wól leauwe oan de ylluzy, hy kin sûnder dy ylluzy syn skriuwerskip net realisearje. En hy kin der dochs net alhiel oan leauwe, omdat ommers ien fan de gegevens fan syn wurk, de ekonomyske ûntbining fan de Fryske boerelân-ylluzy, wiist op 'e ûnhâldberens fan it yllusoire aspekt.
As hy dan ek yn ‘It Aldlân’ en yn ‘Richt’ oanhâldt mei de ienris jowne situaesje Bokke-Richt, dan moat er òf himsels reorganisearje en de saek alhiel oars oanpakke, òf hy moat, as er de kontinuïteit preferearret, foar in great part tarre op syn earder leauwe oan 'e ylluzy. It wol my oan, dat wy hjirre (en bileaven net út it feit dàt Brolsma syn earste roman twaris prolongearre) de relative efterútgong fan syn twa lêste romans út forklearje moatte.
Yn ‘It Aldlân’ al bigjint de ylluzy ôf to broazeljen. Wy sjogge dat as Brolsma just bisiket har to rêdden yn in epyk fan 'e greate lijn, dy't as in sydsprong yn it dizige tolânne komt. Brolsma hat him hjir stompskreaun op 'e daemoanyske feguer fan de manke dwerch Goffe Bleinsma, dy't in uterste konsepsje fan syn ylluzy wjerjaen moat, mar as sadanich mislesrre is: de heal-duvel-heal-minske, dy't de jongtroude Richt en Bokke, moedsum wrottend en heisterj end op in útsloerd spul, swier ûnder de skulden, mei ta lêst de oanwêzichheit fan Richt har âlden, hast yn 'e bernskens, en as like swiere lêst de noaswize ôfwêzigens fan syn âlden, by einsluten, as hy net yn steat is syn goede bidoelingen oannimlik to meitsjen, it bistean bidjert. Biwust hat Brolsma dizze dwerch Goffe Bleinsma it ‘twade gesicht’ jaen wold, in tragyske kant, en it is treflik fan him sjoen, dat er dit liede lit ta in net to formoedsoenjen misforstân tusken him en Richt, in misforstân dat net allinnich
| |
| |
Goffe syn geastlike ympotinsje, mar ek Richte geastlike biheindens yllustrearret. Mar dit twade gesicht fan Goffe Bleinsma kin net oertsjûgje, it misforstân dus likemin. Brolsma hat yn dizze Goffe Bleinsma neist de ylluzy sketten en neist de wurklikheit. Hwant hwat yn ‘It Heechhôf’, dêr't de skriuwer him jitte fornoeget mei it forearme boerehúshâlden to biskriuwen en tsjin dy eftergroun binammen de feguer fan it Fryske fanke Richt mei har ienfâldige en ûnkomplisearre geast, har iepen rjochtutens en har net botte problematyske leafdes dy't eingje mei har weromkear nei de bidachtsume, suver gelearde, knoffelige, mar troch ende wer troch fromme en serieuze Bokke Rintsjema, - hwat yn dat forhael noch elemintair mei de situaesje en de ylluzy gearhinget: it iderkear wer útgliden nei it algemiene, nei moralisearjende útspraken, nei de eftergroun fan de Fryske ylluzy sels, - datselde wrot yn ‘It Aldlân’ gedachteleas troch. Binammen dêrre hwer't it slachte fan de Bleinsma's op 't aljemint komt, de erflike hearskers oer in great part fan Fryslân. Hieltyd wer glydt Brolsma hjir út nei it mythyske, it algemiene, it kronykmjittige. Hy drukt him út yn legindaryske forfoarmingen en forgreatingen, dat men leauwe moat oan in skaei fan reuzen dy't sa út en troch op in sibbegearkomste de reek fan harren ûnbidige segaren troch de Walhalla-eftige opkeamer blieze en mei ien tear yn harren swiere wynbrauwen kedize oer it wolwêzen fan hiele Fryslân. De ylluzy forsânnet hjir yn 'e mythologij.
En hwat Goffe Bleinsma yn it bisûnder oanbilanget: syn daemoanysk aerd èn syn optreden lizze net yn de situaty bisletten, as in sikebinimmende needsaek, of leaver: hja lizze yn in situaty dy't litterair èn psychologysk sprutsen op dea spoar liedt. Under dizze omstannichheden bliuwe ek de typearringen swakker en ûnder hwat hja yn ‘It Heechhôf’ wiene. Yn dy earste roman wit Brolsma ús mei ien streek fan syn pinne in rake omskriuwing to jaen fan de âlde Jan Brúnja, it prototype fan de neatbidijende, mar aloan bodzjende lytse boer, en ús yn dy omskriuwing mei-iens de sfear fan it hiele boek oan to tsjutten:
‘Hy wie neat fûlder fan bistean as oare koumelkers, wol op 'e sint, hoewol 't er neat bidijde; yn syn eagen libbe de doffe glâns fan tsjerkereizgjende, kauwende minsken.’ ‘Dochs koed er jit safolle wjukkelje, hy bleau op 't Heechhôf, yn namme in boerke; mar de hypteken leine der heech en breed op en woegen swier.’
En dêrtsjinoer de machteleaze biskriuwing út it twade boek fan Goffe Bleinsma, de miswoechsen, mar almachtige dwerch:
| |
| |
‘Dêr stiet, op in lytse distânsje, in dûbeldliddige manspersoan, breed yn 'e skouders, heareboereftich klaeid, lyts postuer.... Hy hat in pols tsjin it skouder hingjen - en hinget sels ek skean.
In lilke fûle dwerch liket it sa.’
Koartlyn forskynde it lêste diel fan de trilogy ûnder de titel ‘Richt’. Men kin jin ôffreegje oft it forstânnich wie om ek dizze Richt, dy't as type dochs fier boppe de oaren stiet, neffens de titel paradearje to litten tusken al de Marijkes, Lutskes, Lysbeths en Hinke's dy't de tún fan de Fryske litteratuer fan oansjen nochal ientoanich meitsje. It wol my lykwols oan, dat foar Brolsma dizze titel net bitsjut it meidwaen oan en ynspyljen op in moade, mar earder in soarte fan program-motyf west hat. Yndie is en bliuwt Richt de haedpersoan fan it boek. En ek as troude frou bliuwt hja it golle, roune Fryske type dat hja yn ‘It Heechhôf’ wie. It blykt sels út it feit dat de tredde generaesje, har bern, yn dit boek amper oan it wurd komt. Brolsma hat binammen troch har fascinearre west, en ek yn dit tredde diel hat er dat yn syn titeljowing uterje wold.
Ut wrake om it misforstân hat Goffe it jongtroude pear fan de pleats fordriuwe litten. Hja bisykje har steande to hâlden op in bidriuwke fan buorkerij anneks winkel en moalhannel, in foroaring dêr't de oantaesting fan de ylluzy op himsels al út sprekt. Hoefolle mear jit út de oanwinnende forboargerliking, dêr't Richt sels, mei har langstme nei stedske meubeltsjes, likemin oan ûntkomt as de widdou fan Jehannes Liuwes. De milieubiskriuwingen binne hjir wer krekt like raek as altyd yn Brolsma syn wurk. Men lêze mar ris de siden oer Bokke syn gunstforsykjen by de boeren lâns foar syn moalhannel. Ek de typearringen binne hjir en dêr neat ûnder it niveau fan earder, ek al bliuwt it feit bistean dat men yndie mear mei rake typearringen as mei psychologyske ûndergrounen en djipten to dwaen hat. Mar hoe oertsjûgjend dit wurkje kin, sjocht men bg. oan de folgjende passaezje (s. 18), dêr't âlde Folkje hommels yn har opteinens oer de nije takomstplannen opkeard wurdt:
‘Oant Folkje ynienen - by harsels - obserwearret dat der by Jehannes ek noch âlde boarch stean moat, mar mûlk sil dy mei al de reboelje net oan 't ljocht komme. It is al sa lang lyn, grif wol fiif, seis jier en winliks net mear as in pear tientsjes meiïnoar. Mar ja, wol sneu fansels as it aenstouns blike mocht út 'e boeken. Jehannes wie sa'n sekuertsje. Nou, hawar, byneed dan doarst hja de widdou ek noch wol forsprekke as it nypte, mar dy soe ek sa berneftich net wêze en waermje dat âlde stealtsje noch ris op. Minsken noch ta. Richt freget al:
‘Hwat is mem ynienen stil’.
| |
| |
Né, mar nou sit hja samar wer yn it petear, hwant winliks is hja ek fiersto optein dat Richt jitris sa skoan to plak komme sil.’
En dan is der de libbenens en rakens fan de petearen. Men moat dy mar ris forlykje mei it healbakken boekepraet fan ús nije Fryske romanprolurken, om to sjen hoe't Brolsma syn petearen út it folk grypt binne en om sa to sizzen tafallich yn in boek bilânne lykje.
It forbliuw op 'e Terpen blykt net foar de ivichheit, en koart dêrnei sjogge wy hoe't hja nije kânsen sykje op in pleats earne yn it wetterlân, dêr't hja har likemin thúsfiele. Yn 't lêst dan kriget Bokke, wer earne oars, de wyn yn 'e seilen en giet it, troch yngripen fan in dûmny-lâneigner, full speed op 'e happy ending oan, mei in eigen auto en in earste priis op in bollekeuring.
Hjirre iepenbierret him dan ek de swakke kant fan it tredde diel fan de trilogy. Brolsma liket him tofolle, mei 't each op syn ‘nije wurklikheit’, fan miet ôf oan rjochte to hawwen op dizze foar nokkerige lêzers bifredigjende ein, dy't dêrtroch forsearre liket en net wettige, net sasear yn ekonomyske as wol yn psychologyske sin. Dêr komt by, dat it kronykmjittige yn dizze roman soms wanstaltige foarmen oannimt. Yn syn flyt om ús fral de ylluzy net ûntsnappe to litten, rûgelet de skriuwer bytiden in hiele lading plaknammen, hiele rigen lânskippen en geaën oer ús út, dy't yn biheinde omfang wol hwat suggerearje kinne, binammen foar immen dy't mei de noardlike kriten fan Fryslân net alhiel ûnbikend is, mar dy't it boek hjir en dêr to ticht bringe by de journalistike reportaezje. Nearne komt dat sterker út as op 'e siden wijd oan de Alvestêddetocht, dy't better passe soene yn in artikelrige yn in krante of in reklameskrift foar Frjemdeforkear. En hoe tige as skriuwers nije ylluzy fuortkomt út syn âlde, blykt dêrre hwer't er oan it útweidzjen slacht oer it bouwen fan in nij boerespul en dêrby folkloristysk-journalistyk forsuchtet: ‘Mar oer de skiednis fan it bouwen hat nea immen him bikroade en dat is dochs net sa 't it heart. Dat is in gemis.’ Soksoarte healmoralisearjende meditaesjes (en men soe se by boskjes opskeppe kinne, en guods dy't ien of mear siden bislane) missteane yn in roman, sels yn ien dy't de ylluzy fan âld-Fryslân foar de lêzer oproppe wol.
Mar tsjinoer dizze inkelde mislearre siden, dy't it boek hwat fragmintarysk en healslachtich meitsje, steane party dy't bihearre ta it bêste hwat Brolsma en hwat Fryske romanskriuwers yn 't algemien skreaun hawwe. Brolsma syn romans, en dat mei ek blike út dizze lêste, binne ‘streekromans’ yn de bêste sin fan it wurd!
|
|