De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Gysbert Koelstra: Kwatrinen As wy de romers heevje op âldjiersjoun, Teantet de freonskip yn de rige roun En glimket by it tinkljen fan de glêzen: Hat ea de wyndrúf sok in gloarje woun? * Freonskip is in lantearne yn 'e nacht, It ljocht dat toutert oer in faeije fracht. Hwannear we op 't lêst it havenhaed bisile, Stiest', fierkjend nei it lytse seil, to wacht. [pagina 220] [p. 220] * Dou smeist' de tael, ik foarmje it hurde izer En beide tiidgje we op de ynmoed'ge prizer. De wierheit skouderlûkt om de idelheit En is oer 't wurk in strange fonniswizer. * God, jimmer binn' de wramer en de dreamer Fan 't wankel hert de teller en de neamer. Neam alle illúzje idel, tel 't bodzjen net En brek dit hert yn de iens'me binnekeamer. Vorige Volgende